Algemeen

Column: De Hollânske bubbel

Ta myn eigen fernuvering siet ik foarige wike samar yn in kompleet “Hollânske bubbel”. Ik hie my fan’t simmer alris yn in dryste bui opjûn foar in skriuw-retraite yn in kleaster. 

Doe’t it hieltyd mar tichterby kaam, ha ik wolris tocht: "Wêr begjin ik oan, wat moat ik dêr as Fryske skriuwer tusken al dy 'Hollanders' ". Enfin, om in lang ferhaal koart te meitsjen (dat ha ik ek leard...) ik belâne dochs yn it kleaster yn Huissen. In yndrukwekkend, grut gebou, mei noch trije Dominikaner broeders...En ferskate groepen minsken, dy’t dêr allegearre de ien of oare retraite of kursus hiene.

 

Foardat ik it wist, siet ik yn de kring mei 16 oare skriuwers, en de liedster. Pinne en papier kamen fuort foar it ljocht, en doe siet ik dus yn de “Hollânske bubbel”. Sûnder dat ik der erch yn hie, kamen de wurden yn it Hollânsk op papier. Fansels moast dit ek wol, want der moast ek wolris wat foarlêzen wurde. En der wie fierder net ien, dy’t it Frysk ferstean koe. Fan te foaren hie ik der oer nei tocht. It is foar my sa fanselssprekkend om yn it Frysk te skriuwen. Hoe soe dat dan gean yn in net Fryske omjouwing?  Mar dan is de twadde taal krekt like fanselssprekkend as de earste taal. En dêr waard ik eins ek wol hiel bliid fan. Ik bin dus folslein twatalich en skeakelje dan ek automatysk oer, as ik yn in Hollânsktalich fermidden bin. Dat ek it skriuwen like maklik giet, is hiel fijn om mei te meitsjen.

Fansels, ik bleau de 'Friezin', want blykber ha ik in echt Frysk aksint. Mar wat te tinken fan de dielnimmer út Antwerpen, of de Brabantse....Wat no aksint, tink ik dan. Mar ik skreau en prate net allinne yn it Hollânsk, ik tocht ek gewoan yn it Hollânsk.  

No waard der bûten it Hollânsk ek noch Ingelsk praat, wy seagen nei in Ingelsktalige film, en ek waarden der in pear Ingelsktalige boeken besprutsen. Gelokkich kin ik my dêr ek wol mei rêde, al is it beslist noch gjin 'tredde' taal foar my. Mar ik kin my foarstelle, dat in lytse pjut, dy’t trijetalich opfieden wurdt, letter krekt like maklik tusken dy trije talen switse kin, as ik it kin tusken Frysk en Hollânsk. Eins is dit stikje in pleit foar in meartalige opfieding. Ik bin bliid, dat ik sawol Frysk as Hollânsk goed behearskje. Dat dizze talen gelykweardich funksjoneare kinne yn myn uteringen. En ik tink, dat it allinne mar ferriket, as dat foar mear talen jildt. Ut erfaring wit ik, dat ek in 'Ingelske bubbel' op in gegeven moment ûntstean kin. Ik wit noch, dat ik yn in Ingelske pub ris in hiel ferhaal yn it Ingelsk begong, doe’t ik in dei as tsien dy taal praat en heard hie. Ik tocht noch wol net yn it Ingelsk, mar it praten gong al min of mear fansels. Sa hurd kin soks gean dus.

Taal, it bliuwt boeiend. Dochs mar wer ris wat mear Ingelske boeken lêze. De wrâld wurdt der allinne mar grutter fan!

 

Bûterkoek, in âld kleasterresept.

Ingrediënten

250 gr. bloem

 ûdsje droege gist

50 gr. basterdsûker

1 glês lauwe molke

60 gr. bûter

sâlt

bûter om de bakfoarm yn te fetsjen

 

Meitsje in giststarter mei de gist, in skepke sûker en de lauwe molke. Set it oan de kant oant it begjint te skomjen.

Seevje de bloem yn in kom en strui wat sâlt lâns de râne. Doch de giststarter, de rest fan de sûker en de sachte bûter der by en kneed der in moai deech fan. Lit it op in matich waarm plakje rize oant it deech twa kear sa heech is. Fetsje in platte deechfoarm yn en ferdiel it deech oer de foarm. Druk wat opperflakkige gatten yn it deech. Ferwaarmje de oven foar op 200ºC.

Fierder noch noadich:

100 gr. sûre rjemme

75 gr. kâlde bûter, yn flokken ferdield

100 gr. mangelsnippers

65 gr. groffe sûker

wat kaniel

1 ytl.fanyljesûker

Ferdiel de rjemme oer de boppekant fan it deech. Ming yn in bakje de sûker, it kaniel, de mangelsnippers en de kâlde bûtersnippers en doch dit mingsel yn de holtes fan it deech. Hâld wat bûterflokken achterút. Set de taart in kertier yn de oven. Druk der noch wat holtes yn en doch dêr de lêste bû-terflokken yn. Set de taart noch in kertier yn de oven oant er goudgeel bakt is. Ut de oven helje en in bytsje ôfkuolje litte. Dan út de foarm helje λ

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.