Algemeen

Dit is de namme fan in boek, dat op my djippe yndruk makke, doe’t ik noch in bern wie. Dit boek hiene se by myn kammeraatskes thús, en op de ien of oare menier kaam it geregeld foar it ljocht, en beseagen wy de plaatsjes. It giet fansels oer it boek dat útjûn is, flak nei de wettersnoadramp yn 1953. It boek waard makke en ferkocht om jild te sammeljen foar al de slachtoffers.

Ik bin fan 1954, dus doe’t ik dat boek foar it earst seach, wie it noch net iens tsien jier lyn, dat dy ramp bard wie. Noch farsk yn it geheugen, en yn de gebieten dy’t ûnder wetter stien hiene, wie men noch drok dwaande om alles wer op de rit te krijen. 

Ik hie dat doe fansels net sa yn de gaten, foar my wiene it foaral de foto’s yn it boek, dy’t my oangriepen. Deade hynders, ynstoarte huzen, foto’s fan minsken op in dak yn in desolaat gebiet fol wetter. Ik koe dat boek elke kear wol wer besjen. De ferskrikking spruts út elke foto. Ik freegje my ôf, wat my sa oanluts. Wie der djip yn my in besef fan ûntsach? Untsach foar dy natuer, dy’t sa geweldich úthelje kin. Sa bot, dat de minske der machteleas tsjinoer stiet. Wie der miskien ek dy eangst, dat it ús ek oerkomme koe? Komme dêr dy dreamen wei, dy’t ik as bern faak hie oer ferdrinken? Oer in steile helling, en dan yn it wetter gliidzje? Hat it dêrom sa lang duorre, dat ik in swimdiploma hie en dat ik it B-diploma, mei ûnder wetter swimmen, ferskriklik fûn?

 

It kin frjemd rinne yn it libben. Yn ús ferkearingstiid kamen Nico en ik yn oanrekking mei it silen, en wy kochten sels op in gegeven moment ek in sylboat. Dy ha wy wer ferkocht doe’t wy bakker waarden yn Winsum, mar letter, doe’t wy in sjalet yn Grou kochten, kaam der wer in sylboat.

Dochs kaam dy âlde “eangst” fan my, foar dat wetter, wer hieltyd mear boppe. Ik waard in echte moaiwaar siler. Dat de boat lei op it lêst wol hiel faak oan de steiger.

No ha wy al wer in jiermannich in sloepke, en dêr genietsje ik folop fan. Ik bliuw dan wol yn de boat, swimmen is nea in hobby fan my wurden.

Werom nei “de ramp”. Dêr wurdt no in hiele protte oan-dacht oan skonken, 70 jier nei dato. En ik folgje alle be-rjochtjouwing yn de media. Sjoch alles wat der te sjen falt op de tillevyzje. Kin der ek no noch gjin genôch fan krije. It rekket my, it fasinearret my noch altyd. 

It boek “De Ramp” ha ik jierren letter ris kocht op in rommelmerk by in boekferkeaper. En fansels ha ik it no ek wer opsocht, om as fanâlds de foto’s te besjen. Ik sjoch der net mear mei berne-eagen nei. Myn eagen ha yn de rin fan de jierren wol mear ferskriklike dingen sjoen. En de lêste wiken ha wy in oerfloed fan bylden fan de ramp binnen krigen. No lês ik ek de tekst dy’t der by stiet. As bern seagen wy dêr net nei. 

It hâld my dwaande. Gek genôch betocht ik fan ‘e wike pas, dat ik ek noch Sieuwsk bloed yn my ha. Myn mem wie in “Van Strien”. En dy famylje komt út Seelân. Ien tak is tafallich hjir yn it noarden belâne. Dus soe der ek famylje omkommen wêze...Ik ha even googele, en ja, dêr kaam al it ferhaal fan in famylje Van Strien, pake, heit en mem en fjouwer bern, allegearre omkommen yn it wetter fan de stoarmfloed. It ferhaal fan in Ad van Strien, berne yn de nacht fan de stoarm, en no dus 70 jier âld. Noch mear Van Strienen, krekt op de tiid rêden…

Nuver, dat it dan noch tichterby komt. Famylje, sa fier       fuort. Famylje, dy’t men nea kenne sil. En dochs bin ik mei se ferbûn, ik fiel my ferbûn mei dy sân minsken. 

 

Dy famylje Van Strien, dy’t op harren dak siet te wachtsjen op help, mar dy’t yn de weagen ferdwûn, doe’t de hiele boel ynstoarte. Soe it dan dat lytse bytsje Sieuwske bloed wêze, dat makket, dat ik my der sa ta oanlutsen fiel? Of komt it, om’t de bylden fan wettersnoad yn ús kollektive geheugen sitte?  Striid tsjin it wetter is fan alle tiden. En miskien hawwe wy it allegearre wol yn ús dna...λ 

 

Aeltsje de Groot