Algemeen

Troch in apke fan ús dochter waarden wy op ’e hichte brocht dat Dipsey ferstoarn wie. It kaam ús wol wat oer ’t mêd om’t wy dêr alhielendal net op rekkene hienen. Wy hawwe dêrom de tiid ek net hân om ús op it ien as oare foar te berieden, om’t it him frij hastich ôfspile hat. Sis mar it is hurd gien. Foar de nacht wie der noch neat oan ’e hân, mar doe’t men de oare deis ûnder kaam, hie Dipsey it ierdske libben efter har litten.

It begrutte my wol, want hja wie altyd like fleurich. Ja, se wie wolris wat skruten en luts har wol gauris werom, wêrtroch sy yn har romme wente soms min te trasearjen wie. 

Dipsey har deise libben bestie foar it grutste part út iten en sliepen. Tsjin de jûn kaam der feroaring yn. As de temperatuer nei ûnderen gie waard Dipsey wekker en begûn mei har attributen te wurkjen. Dat gie soms mei in hels kabaal. It waard soms sa slim dat Dipsey wol gauris in nacht yn de badkeamer trochbringe moast. 

Ja, wy sille Dipsey ek misse, om’t sy wol gauris by ús útfanhûs west hat. Soms in wike, mar ek wolris trije wike. Ik koe it goed mei Dipsey fine, want as ik my sjen liet, kaam sy ek út ien fan har fertrekken wei nei boppen en wie se minder skruten. Miskien hie it der ek mei te meitsjen dat wy de hiele dei thús wienen en sy dêrom har ek mear sjen liet, want by har thús wie sy, op de kat nei, soms dagen allinne. 

 

Wy koenen dochs wol fernimme dat sy bliid wie as de trije wike wer foarby wienen, want ek foar Dipsey jilde “oeral thús, mar thús it bêste”. Ik moat der wol by sizze dat sy thús in goeie fersoarging hân hat en dat it har ek oan neat ûntbruts. 

 

Sy hie de beskikking oer in romme “doorzonwenning” dy’t rûnom befeilige wie sadat der gjin frjemd folk en fee by har komme koe. Fierder siet fan alles der op en der oan. Se koe har sels noch ferskûlje ûnder har bêd yn in romme ynboude sliepkeamer. Fierder hie sy de beskikking oer de alderbêste attributen om in goeie kondysje op te bouwen. Nee, it ûntbruts har oan neat en ek waard alle wiken har bêd ferskjinne. Alle wiken is miskien tefolle sein, mar wol geregeld.

No is it samar oer. By har thús sille se der oan wenne moatte dat der nachts gjin lawaai mear út de keamer komt om’t Dipsey de rinmûne yn beweging set. Foar ús betsjut it dat Dipsey net mear útfanhûs komt. 

 

It is alwer in pear dagen ferlyn dat yn besletten rûnte ôf-skied nommen is fan Dipsey. In heale grize strjittegel jout oan wêr’t sy efter op it hiem bedobbe is. 

Spitigernôch is Dipsey net âld wurden, mar ik ha my fertelle litten dat twa jier  foar in hamster wol sa’n bytsje de tiid is om by de poarte fan de hamsterhimel oan te klopjen

hfdp@kpnmail.nl

 

(Foar de leafhawwer: Dipsey har “doorzonwenning”, sliepkeamer, ytservys en rinmûne stean no te keap op Marktplaats)