Algemeen

Column: 'Erve Hendrikshoeve'

Wy hawwe in pear dagen yn Oerisel omtoarke. Us 

skoandochter út Almelo waard fyftich en hja wie fan doel om in feestje te jaan. Mar om’t sy wat krap sitte mei de slieperij hawwe wy ús eigen bêd yn de foarm fan in karavan mar meinommen. Sadwaande binne wy op kamping “Erve Hendrikshoeve” yn Tusveld telâne kaam. In kamping dy’t op fytsôfstân fan ús soan en skoan-dochter leit. It is sels noch wol rinnendewei te dwaan as men in feestje efter de kiezzen hat en it fytsen net mear fertroud is. Hoewol ik tink dat it rinnen op sa’n momint ek net tafalt. 

Yn 1999 ha wy foar de earste kear op dizze kamping west. It waard beheard troch in pear hiele leave minsken, dy’t wat de kamping oanbelanget de tiid net meihienen mar ek net mei de tiid meigienen. Wy ha der letter noch ferskate  kearen west, mar wy seagen it mei de besetting jierliks efterútgean.

Om’t wy no in plak sochten kamen wy de “Erve Hendrikshoeve” op internet wêr tsjin. Mar no mei nije eigeners. Op harren website wie te sjen dat it omtovere wie ta in moaie kamping. It hie in hiele “metamorfose” ûndergien. Sechstjin plakken om de karavan, kampearauto as tinte del te setten en ek noch trije “Woodlodges”, de nijmoadrige útjefte fan de blokhutten. Nijsgjirrige optrekjes foar twa minsken, dy’t dêr de fakânsjedagen bêst yn trochbringe kinne. 

Dat de kamping oansjen krigen hat die bliken doe’t wy om in plakje fregen. Wy koenen noch in kar meitsje út twa plakjes. Doe’t wy oankamen wie fuortdaliks it lêste plakje ek beset. 

De kamping stie fol mei alderhande soart minsken. Folk lyk as wy dy’t harren fakânsjes yn Nederlân trochbringe, mar ek folk dat foarhinne nei djoere oarden yn it bûtenlân gie, mar troch de corona wat oars útfine moast. Hja hawwe harren fakânsjesinten no stutsen yn oerdreaun grutte kampearauto’s en oerdreaun grutte karavans. 

By ús op de kamping stie ek in spantsje mei sa’n grutte karavan. It wie de ferfanger fan de djoere bûtenlânske fleanreiskes nei ien as oare strân mei in grut hotel, fertelde hy my. Hja wienen noch wol fan doel om mei dizze kombinaasje fan’t simmer nei Itaalje te gean. Wylst hy dat sei foel myn each op syn frou dy’t, mei net folle om’t liif, har langút yn in stoel sakje liet en men sjen koe dat sy  troch de keunstsinne al in begjinnend fakânsje kleurke krigen hie. It is mar krekt wêr’t jo each foar ha!

 

Tsjintwurdich komt men ek mear kampearauto’s tsjin. Faak binne it minsken dy’t it wurkjen efter de rêch hawwe en fan de oerwearde fan harren hûs in kampearauto keapje. Mar ek is dêr de aventurier, dy’t allinne is en de wrâld ferkenne wol.

Elk is sa op syn eigen wize dwaande mei syn frije dagen. Ek op dizze kamping. Der wienen minsken op de kamping dy’t harren de hiele dei hearre lieten en ek minsken dy’t mar kwealik út de foartinte weikamen. Mar ek minsken dy’t moarns op de fyts ôfsetten en foar it waarm iten pas wer by de karavan wienen.  

 

Jûns jout faak de stilte op de kamping oan fan hokker leeftyd de trochsnee kampearder is. Op dizze kamping binne om en de by alven de measte lampen yn de karavan al út, mar dan skeakelt al rillegau de bûtendoar ferljochting yn.

Want wat tsjintwurdich moade is, is dat de foartinte oan de bûtenkant ferljochte wurd mei fan dy lampkes dy troch it sinneljocht opladen wurde en by tsjuster begjinne te baarnen. Se binne der yn it wyt, mar ek yn ferskate kleuren. Sommige begjinne ek te flikkerjen. Der binne kampings dêr’t goed alve oere, as alles baarnt en jo noch efkes pisje moatte, it krekt liket as rinne jo op ’e merke mei alderhande gok- en spultsje- tinten. In oaljekoekskream en it lûd fan de autoscooter soe hjir net misstean. 

Wy hawwe in moai feest hân en bûtendat hawwe wy in protte kilometers yn Twente omfytst. In stikje Nederlân dêr’t wy ús bêst fernuverje kinne. Mar boppe-al in moaie rêstige kamping “Erve Hendrikshoeve”. Allinne de namme al. 

O ja, wat de foto oanbelanget, de loftse karavan is fan ús λ