Algemeen
Column Etie Pasma: Alde Sije (28)
Nei de emosjonele moeting mei de beide famyljes yn it sikehûs gie reserzjeur Wytsma werom nei it buro. Der wienen dêr noch mear kollega’s oan it wurk en harren fertelde hy hoe de gesprekken yn it sikehûs mei de beide famyljes ferrûn wienen.
Alles waard op in recorder fêstlein sa dat se it letter nochris wer hearre koenen. Ek de plannen fan de komende wike waarden noch gau trochnommen. Ien ding wie, dat der op moandei wer kontakt socht wurde soe mei de kollega’s yn Noard Hollân foar bysûnderheden, sa as it frij jaan fan de lichems en de begrafenissen fan de beide dieders.
Dêrnei sei er tsjin de mannen: ‘It is foar dizze wike sa moai genôch west, ik winskje jim fierder in goed wykein en hoopje dat der yn dit wykein gjin slimme dingen mear barre, sa dat jim fan jim frije tiid genietsje kinne. Wol soe ik graach wolle dat jim jûn noch nei it nijs op de tillevyzje sjogge. Dit, om te hearren wat der sein wurdt oer de oerfal en oer de dieders.’ Dat seinen se ta en dêrnei gie elk nei hûs.
Wytsma wist dat er sels noch net klear wie. Hy moast noch mei it sikehûs skilje, om te freegjen hoe it mei de mannen op seal wie en dan foaral mei âlde Boskma. De man hie nochal wat nije ynfoarmaasje krigen, dy er ferwurkje moast.
Alhoewol it sneon wie gie alles yn it sikehûs syn gong. De trije mannen krigen gewoan besite fan harren hertspesjalist en dy sei: ‘As it mei jim troch giet sa as no, dan meie jim alle trije moandei nei hûs!’ De mannen wienen bliid, mar seagen wol efkes mei in skean each nei âlde Sije. Mar dy stuts syn tomme omheech en sei: ‘Lokwinske mannen!’
Alde Sije Boskma sels krige de sealdokter ek noch by it bêd en omdat it goed mei him gie, mocht hy wol fan ‘t bêd ôf om oan tafel te iten en hy moast sa stadichoan mar ris besykje, efter in rollator, wat om te rinnen. ‘As it fierder ek goed mei jo giet, dan soenen jo de komende wike miskien wol nei in verpleeghûs kinne om dêr wat better mobiel te wurden, want no nei hûs, dat kin echt noch net.’ sei de dokter.
Jelke, Styntsje en lytse Sije kamen de sneon-te-middei wer del, seagen him by de tafel sitten en woenen him drekst mar mei ha, yn in rolstoel, nei it restaurant om it bakje kofje. Mar dat gie de âld man stoef genôch en dêrom makke lytse Sije wer in synappel foar pake klear en fertelde hy ûndertusken dat er no besykje moast om efter in rollator te rinnen en dat er miskien ien fan de komende dagen wol nei in ferpleechhûs koe.
Dy sneon, nei it besyk oere, gienen Jelke, Styntsje en lytse Sije mei dit bericht nei hûs en se fûnen it mar neat dat de âld man nei in ferpleechhûs moast.
‘Heit kin wol by ús komme.’ sei Styntsje yniens. ‘Dat soe kinne ja, mar alles komt dan deis wol op dy del, want ik bin dan oan it wurk!’ ‘Ik kin mem en pake wol helpe, dan nim frij fan skoalle. Dat fine se dêr fêst wol goed, want se fûnen it allegearre sa fer-skriklik foar pake!’ ‘Tinkst dat? No, dêr ha ik myn twyfels oer en neffens my geane wy ek wat te hurd. It binne miskien wol moaie ideeën, mar we moatte goeie dingen dwaan. Dêrom sil ik it der earst mar mei de ferskillende ynstânsjes oer hawwe.’ sei Jelke.
Etie Pasma
Stiens 2025 (28.)
It hiele ferhaal fan âlde Sije is te lêzen yn it boekje Oerfal op de Hijumer Mieden, dat te bestellen is op tillefoan nûmer 06-13783818
Laatst geplaatst
Agenda
-
Vr 13 juni
-
Za 14 juni
-
Zo 15 juni
-
Vr 20 juni
-
Za 21 juni