Algemeen
Column Etie Pasma: Alde Sije (29)
Jelke socht dy sneons noch kontakt mei it ferpleechhûs en frege wat se dêr fan plan wienen om mei syn heit dwaan. ‘Mei him te rinnen om him better mobiel te meitsjen en him helpe by it waskjen en oanklaaien oant er himsels wer sa goed rêde kin dat er wêr nei hús kin.’ wie it antwurd.
‘Dat kinne wy hjir ek wol dwaan!’ begûn Styntsje letter ‘mar wêr moat er hjir lizze, want hy kin net nei boppen.’ ‘Yn de keamer, gesellich!’ sei lytse Sije drekst. ‘Nee.’ sei Jelke, ‘dat is te drok, pake moat syn rêst al ha. Mar hy soe wol ûnder, yn it studeer-keamerke, sliepe kinne. As it grutte buro der út is kin dêr bêst in ienpersoans bêd stean’ ‘Mar we ha ûnder gjin badkeamer!’ murk Styntsje op. ‘No en, dat hat heit thús ek net. Hy wasket him altyd yn de keuken by it oanrjocht en dat kin hjir ek wol, mar dan freegje wy wol de thússoarch om help by it waskjen en oanklaaien. Hoe liket dat, steane wy dêr allegearre achter?’ En sawol Styntsje as lytse Sije fûnen it in goed plan.
De sneins in it sikehûs begûn de dei mei it moarnsbrôchje en dizze kear sieten alle fjouwer pasjinten gesellich by mekoar oan tafel. Yniens kaam der in frjemde man troch de doar, dy sette in rollator by âlde Sije syn bêd en sei: ‘Hjir is hy en no mar goed oefenje.’ ‘Dat sil ik dwaan.’ sei er.
Nei iten woe er drekst mar besykje om der efter te rinnen. Mar och hea, dat gie net goed. Hy moast mei ien hân stjoere en it ding fleach alle kanten út, behalve de goeie. Hy koe de rem sa gau net fine en de iene foet net foar de oare krije. It skeelde net folle as hy wie fâlen. Gelokkich koe ien fan de mannen him fêst pakke en nei syn stoel bringe. ‘Hjir is net goed oer neitocht, dy rollator kin wol werom.’ fûn de man. Wat moat dy âld man, dy mar ien hân brûke kin, efter in rollator, tocht er by himsels.
Alde Sije, dy sa syn bêst dwaan soe, wie no frijwat mankelyk. Hy krûpte op bêd wer ûnder de tekkens en tocht, hoe komt it no fierder mei my?
Dy moarn, om kofje tiid hinne, trof de famylje út Marrum him yn de put oan. Hy wiisde nei de rollator en sei dat hy dêr neat mei wurde koe. Nei in opmerking fan Jelte dat it mei in stôk miskien better gean soe kleare it gesicht op en hy sei: ‘Wat stom dat ik dêr sels net oan tocht ha. Der stiet wol ien yn myn hûs, nimme jim dy de oare kear mei?’
‘Ho efkes,’ sei Jelke ‘wy binne gjin dokter, dus earst mar efkes oan in dokter freegje. Mar heit, jo hienen it juster oer in ferpleechhûs. Ik ha dêr hinne belle en frege wat se dêr mei heit dwaan sille. Dat wie revalidearje, dus allinnich mar wat mei heit te rinnen. En doe tochten wy, alle trije, as heit no by ús komt, ynpleats fan nei it ferpleechtehûs, dan kinne wy dat ek wol dwaan. Wat seit heit dêr fan?’
‘O jonge, do hiest my net bliider meitsje kinnen!’
‘Moai, mar it is noch net klear hear. Der moat noch hiel wat foar regele wurde, mar miskien kin heit dêroer ek ris mei de sikehûsdokter prate.’
‘Jawis jonge, dat doch ik. Dat komt klear hear! Mar je, ha se hjir ek in rolstoel?’
‘Jawiswol, mar wat wol heit dan?’ ‘Mei jim nei ûnderen om kofje mei wat lekkers. Dit moatte we fiere!’ ‘Mar heit, sa ik sei, it is noch net klear, der geane safolle ynstânsjes oer dus efkes kalm oan!’ ‘Ja, dat wit ik wol je, mar de plannen binne goed en dat moatte we fiere, of net Sije?’ frege er oan syn pakesizzer. Dy wie it de hielendal mei iens en sei: ‘Jawis pake, en ik ha wol sin oan wat lekkers!’
Etie Pasma
Stiens 2025 (29)
It hiele ferhaal fan âlde Sije is te lêzen yn dit boekje, dat te bestellen is op tillefoan nûmer
06-13783818