Algemeen
Column Etie Pasma: Alde Sije (diel 27)
De Boskma’s sieten stil te harke nei wat de plysje fertelde. Sy koenen it earste stik fan it ferhaal, mar no se hearden dat deselde mannen, by de famylje Sietsma’s, op de kamping stien hienen en dêr hiel sosjaal en freonlik wienen, snapten se der neat mear fan.
Alde Sije sei: ‘It is net te leauwen!’ ‘Dêr hat heit gelyk oan, mar it kwartsje fâlt by my no al in bytsje, al snap ik net werom Wytsma it hat oer ‘mannen’ en frou Sietsma oer ‘jongens’ want dat is nochal in ferskil, liket my!’ ‘Ja, dat is sa, mar dizze dieders wienen om en de by de tritich jier, en dan neam ik it mannen, mar foar frou Sietsma wienen it jongkearels en dat kin ik my ek wol foarstelle!’
Elske siet har op te wynen en sei: ‘Ho even, bêste man, efkes wat oars, want dit kloppet foar gjin meter! Jim meitsje in fersin. It kin net dat dizze jongens soks dien ha en ik kin it dan ek net leauwe. Mar ik snap it wol, it sit him yn dy leppeltsjes! Troch dat ik dat sein ha binne jim har op it spoar kommen. Hie ik it mar nea oer dy leppeltsjes hân! Aanst sitte se troch my ûnskuldich yn de gefangenis. It kinne doch ek gewoane teeleppeltsjes west ha?’ beslút se har ferhaal.
‘Dat is gau op te lossen.’ sei Wytsma en hy helle syn mobyle tillefoan út de bûse, socht wat op, liet dat oan Elske sjen en frege: ‘wiene it soksoarten fan leppeltsjes?’ ‘Ja, miskien wol, it liket sa wol, mar it kin ek wol oaren west ha, ik wit it net seker!’ Wytsma liet de foto oan Alde Sije, Jelke en Styntsje sjen en frege wer: ‘kinne jim dizze leppeltsjes?’ ‘Ja, dy ha Janke en ik fan myn skoanâlden krigen doe we trouden!’ sei Sije en Jelke en Styntsje knikten. ‘Dan kin ik net oars as dit binne de dieders.’
‘Nee, dat kin NET! Dan soenen wy sa lang neist misdiedigers wenne ha.’ bejûn Elske wer. ‘Toe Pyt, sis do der ris wat fan, dit kin doch net?’ ‘As de plysje no al dy bewiizen hat, dan moatte wy it, al hoe frjemd it ús ek ta liket, wol leauwe Elske!’ ‘Nee, dat kin ik net Pyt, jim moatte it harren aanst mar freegje as se wer bijkomme!’ sei se tsjin Wytsma.
‘Dat bringt my by it twadde punt wêr ik it mei jimme oer ha wol en ik wit net ôf Boskma dat al wit.’ Hy seach nei Jelke en dy skodde mei de holle.
Alde Sije seach nei Jelke en hy frege: ‘Wat wit ik noch net?’ ‘Dat sil Wytsma no fertelle.’ Wytsma: ‘Dy mannen ha op de weromreis in ûngemak hân. Se binne mei in bân fan de karavan yn de sêfte berm rekke, ha in skuor oan it stjoer jûn en binne, oan de oare kant fan de dyk tsjin in beam botst. Dêrtroch wienen se sa slim ferwûnne dat wy harren net ferhearre koenen. Omdat we spul fan de kamping yn de karavan fûnen, binne we fia de beheerder fan de kamping by de famylje Sietsma kommen.’
Pyt en Elske knikten, ja sa wie it har ek ferteld.
‘Dy mannen wienen sa slim ferwûne dat se justerjûn yn it sikehûs beide ferstoarn binne!’
Elske sloech de hannen foar de eagen en gilde mei ôfgriizen: ‘O NÉE!’
Alle eagen gienen nei Elske en Eelkje, dy op in ôfstân stie, gie nei har suster en lei in earm om har hinne. Ek Pyt, dy út de rolstoel net echt goed by har koe, pakte har by de earm.
It wie in skoftke stil op seal, elk moast dit ferwurkje en yn dy stilte gie Wytsma der út.
Hy frege de ôfdielingsuster om professionele helpen foar alle minsken op seal!
De susters wienen op ‘e hichte fan wat dizze minsken oerkommen wie en soenen, ek al wie it op sneon, soargje foar helpen.
Doe er wer op seal kaam wie der in oare stemming. Wat der yn tiid bard wie, wist er net, mar hy fûn dêr oare minsken. Se wienen net mear stil, mar mei mekoar yn gesprek en dat like al hiel oars. It wie krekt as steunden se mekoar! Hy gie by de tafel sitten, harke en wachte op wat der barre soe. In skoftke letter kaam de sealdokter en in suster by har en sy frege as de pasjinten wol nei har bêd gean woenen en de besite by de eigen famylje. Der waard in karke nei binnen riden mei kofje, tee en oar drinken en elk krige dêr wat fan.
Wytsma bleau sitten en tocht dat der miskien noch wol wat fragen komme soenen, mar doe dy net kamen gie er oerein en tocht dat er no miskien wol fuort koe.
Lykwols frege er earst as er noch foar ien wat dwaan koe.
Elske frege of er har op ‘e hichte hâlde woe oer de dingen dy noch kamen, lyk as de begrafenissen fan de jongens en sa.
Hy sei dat ta en ek dat er mei de tiid by harren allegearre lâns komme soe om alles noch ris wer troch te praten en nei dat er mei elk persoanlik ôffûstke hie, gie er fuort λ
Etie Pasma
Stiens (27)
It boekje oer Alde Sije, ‘Oerfal op de Hijumer Mieden’ is te bestellen op tillefoan nr. 0613783818.
Laatst geplaatst
Agenda
-
Zo 18 mei
-
Za 24 mei
-
Zo 25 mei