Algemeen

Column Etie Pasma: Alde Sije (slot)

Wytsma seach Elske oan doe er sei: ‘Dizze mannen of jongens, sa as jo se neame, wienen net op fiskfakânsje mar strúnden Fryslân ôf om maklike slachtoffers te finen dy se berôfje koenen. Sa fûnen se Boskma op de Hijumer Mieden. Dat wie in moai plakje efterôf wêr se net gau sjoen wurde soenen.

Omdat de man, neffens harren, net genôch meiwurke en harren hast niks joech, ha se him sa slim tramtjearre dat er út de tiid rekke. Gelokkich hat er it oerlibbe!  Ik bin krektlyn noch by syn soan west, wêr hy no sa lang wennet. It giet goed mei him en hy hopet dat er mei de tiid wer nei syn eigen hûs kin.’

‘Dat is moai,’ sei Pyt, ‘mar it begrutte my sa, want it is sa’n aardich mantsje!’

‘Ja, it begruttet my ek,’ sei Elske, mar oan de oare kant kin ik it hast noch net leauwe dat sy dat dien ha, want se ha Pyt syn libben rêden! Mar as de bewizen der binne dan moat ik it wol leauwe!’

‘Dy bewizen binne der yndie, dêroer is gjin inkele twifel mooglik. Wat der net kloppe oan wat se jo fertelden dat wie, dat se broers wienen, dat se ‘de Vries’ hieten en ek net dat se yn Utrecht wennen. Se kamen hjir út Amsterdam. Jim hienen mekoar hjir dus wolris tsjin komme kinnen. Fierder ha dizze mannen/jongens op ferskillende plakken yn Nederlân harren slach slein en slachtoffers makke en no wie Fryslân oan de beurt. En jo, frou Sietsma, ha der foar soarge dat der net mear minsken yn Fryslân bestellen en of mishandele binne!’

‘O ja?  Hoe dat dan?’ frege Elske benijd.

‘No sjoch, ik wol net ûnaardich tsjin jo dwaan, mar jo wienen wol wat nijsgjirrich. Jo seagen sa no en dan by har nei binnen, fregen as se wat fongen hienen, mar wat it wichtigste wie, jo ha dy leppeltsjes sjoen! Dat wisten ze en dêrom tochten se, we moatte hjir wei. Dy frou wit te folle!’

‘Wat skrik ik dêr fan, dan hienen se my wol wat oandwaan kinnen!’ sei Elske no.

‘Dat tink ik net, frou Sietsma, want dêr wienen te folle minsken dy dat dan sjen koenen!’

‘Gelokkich dat jo dat sizze, dan hoech ik dêr net mear oer yn te sitten, mar hoe gie it fierder?’

‘Fierder is der net folle te fertellen, want de mannen libje net mear en dêrom komme se ek net foar it gerjocht! De kremaasje fan de beide mannen is yntusken west en dy wie yn besletten rûnte. Dat ha ik dan ek, mei sin, net oan jim troch jûn want dêr wienen jimme net wolkom!’

Bauke en Liesje hienen stil nei dit petear harke, mar no sei Liesje yniens: ‘Wat tinke jo menear, is it dêr noch wol feilich op dy kamping? As dêr sok mâl folk omslacht wol ik dêr eins net wer hinne!’ 

‘Dat witte jo nea, dat is altyd in risiko en dat nimme jo al, of net! As jo dat net dogge, dan moatte jo thús bleauwe, want mei sokke buorlju as de famylje Sietsma kin der neat gebeure! Dat ha jo niis wol fernommen, de kriminelen naaie út foar har! Dy útspraak soarge foar in fleurich ein fan de besite. Ek no frege Wytsma as er noch wat foar harren dwaan koe en mocht dat yn de takomst nochris sa wêze dan mochten se altyd wer kontakt opnimme. Mar Pyt en Elske fûnen dat net nedich! By it ôfskie moast Elske noch in kear har twifels kwyt en sei: ‘Ik snap noch net dat sokke goeie jongens, sokke ferskriklike dingen dwaan koenen. En no moatte jo witte dat ik har beide ek noch in tút jûn ha, ferskriklik net?’ en se fage har no nochris goed om de mûle!

Ein!

Etie Pasma, Stiens 2025 (33)

Dit wie it lêste diel fan Alde Sije dat te lêzen is yn myn boekje: “Oerfal op de Hijumer Mieden.” Dit boekje is noch te bestellen op tillefoan nr. 0613783818

 Yn novimber komt der fan my yn de Stienser noch in nij Sinteklaasferhaal foar de bern en yn desimber in nij krystferhaal en dat is dan myn lêste column yn de Stienser.