Algemeen

In column oer Hijum, it doarp wêr ik hikke en tein bin. Miskien tinke jo, oer Hijum, dat lytse doarpke yn it noarden fan Fryslân? Is dêr wat oer te fertellen? Dat tink ik wol, want it is it doarp wêr ik al mear as 70 jier wenje en wêr ik hiel wat belibbe ha. 

Yn eardere tiden wie de soapserie ‘Peyton Place’ foar de tv. Us mem seach der wol nei en yn dy serie barde fan alles en hjir yn Hijum ek, want men sei doe wol: “ It koe hjir Peyton Place wol wêze” As dat no posityf nijs wie, of negatief, of allebeide, dat kin ik jo net fertelle.

Mar no komme my de lêste tiid wol oare dingen yn it sin fan eartiids, oer Hijum en oer it libben hjir. Hoe dat komt, dat wit ik net krekt, miskien hat it wol te meitsjen mei dat wy ferhúzje sille en út Hijum wei gean. Doe ien fan ús freonen dat hearde, sei dy: ‘Do út Hijum wei, dat kin net! Do wurdst fêst nearne oars thús en lokkich!’  No fûn ik dat wat oerdreaun, want oeral wêr Wil is, dêr bin ik thús en lokkich! Fansels sil ik Hijum wol misse en dêrom wol ik dêr de komende tiid mar wat oer skriuwe. Myn libben begûn op it adres, Hijum 61. Us strjitte hie gjin namme. It wie in modderreed. Mei moai waar wie er droech en skjin, mar by wiet waar in drek boel! Lykwols, sa seagen de measte strjitten der hjir doe út. Doch wienen der wol strjitten mei in namme, dy der better útseagen sa as de dyk dy troch Hijum rûn, de Lege Hearrewei. De rûnwei, om it doarp hinne, wie der doe noch net. Alhoewol ús strjitte gjin namme hie, wist elk ús te finen en ek de postbode brocht altyd sekuur de brieven en kaarten te plak. 

Der is ris in kaart by ús brocht, foar myn broer en dêr stie allinnich mar op:  “Aan Sake, Hijum,” Wol bysûnder, fûnen wy, dat dy te plak kommen is. Werom nei Hijum 61. 

Us hûs wie mar lyts en foar dat ik dêr wie sliepte myn sus dêrom al by tante, dy mei pake en beppe neist ús wennen. It is dan ek te begripen dat der foar my, as neikommerke, gjin plak wie en doe ik út de widze groeit wie sliepte ik dan hjir en dan dêr. Mem fertelde my ris dat myn âldste broer in skoft mei my boarte hie en doe ik op bêd moast my frege: ‘En wolst no wol by my koese?’ Mar dat woe ik seker net, want ik moat sein ha: ’Nee!’  

‘Smoarch fanke,’ sei er ‘ha ik in hiele tiid mei dy boarte en wolst net iens by my sliepe!’ Fansels frege ik mem werom hy dat sa graach woe. Doe bliek dat de bėden boppe hiel kâld wienen en dat se allegearre wol woenen dat ik dy earst opwaarme.

Hoe dan ek, we groeiden dus út it hûs en moasten verbouwe, mar sa lang moasten wy út ús hûs wei. No hienen pake en beppe, neist ús, net in grut hûs mar wy koenen der krekt by yn en gelokkich wie der in grutte souder. Dêr leinen pake en beppe op in twapersoans bêd foar it rút, ûnder it skeve dak stie it twapersoans bêd fan heit en mem en oan de oare kant ûnder it skeve dak leinen kermisbêden wêr de jongens op sliepten. Tante hie altyd al in eigen sliepkeamerke en myn sus lei, krekt as oars, by har op bêd. En foar my? Nee, foar my wie der wer gjin plak, ik moast my del jaan by ien fan de oaren. 

Soms lei ik by pake en beppe, in oare kear by heit en mem of by ien fan de broers.  Jo kinne begripe dat ik eltse jûn wekker wie as se op bėd kamen, want it duorre nochal wat foardat elk te plak lei en stil wie. No wit ik it measte net mear fan dy tiid, ik wie ek noch mar trije jier, mar wat ik noch goed wit, is dat beppe, foar dat se harren del joegen, altyd tsjin pake sei: ‘Nacht Durk!’ Pake sei dan altyd wêrom: ‘Nacht Eelkje.’

No efkes in ein fierder yn‘e tiid, want ik fûn it eltse nacht sa moai en leaf hearren fan pake en beppe, dus besocht ik it ek wol as Wil en ik op bêd gienen, mar dan brûkte ik ús echte nammen, want dat fûn ik moaier hearren. 

Myn echte namme is Eelkje, nei beppe Eelkje. Omdat dy namme foar in bern min út te sprekken is, neamde ik mysels Etie en alhoewol beppe dat net sa moai fûn, naam elk dat nei in skoftke oer. Wil syn pake’s en beppe’s wienen al ferneamd doe hy te wrâld kaam en hy krige de namme fan syn omke Wiltje. Syn broers en susters makken dêr Wil fan en dat wie moai foar him, want hy fûn syn namme mar neat. Dat wie omdat men, troch dy namme, tocht dat er in famke wie en syn krollen holpen ek net echt om der wat jongenseftich út te sjen! Hawar, ik sis jûns sa no en dan wolris tsjin him: ‘Nacht Wiltsje!’  En ik wol dan graach dat hy seit: ‘Nacht Eelkje!’

Dat is my oant no ta noch net slagge, mar ‘wolterêsten’ is fansels ek neat mis mei!

 

Etie Pasma, Hijum 2022