Algemeen

Column: Hijum en omjouwing diel 7

Al is de simmer foarby en de hjerst begûn, dochs sjoch ik noch efkes nei de fakânsjetiid fan doe ik jong wie. It fakânsje fieren wie doe oars. Wy gienen net nei it bûtenlân of nei in kamping. Wy bleaunen thús en as je gelok hienen mochten je in skoftke útfanhûs.

Oan it begjin fan myn fakânsje krige ik, neist it rapport, in plantsje mei nei hûs. Net as kadootsje, o nee, wy moasten dêr yn de fakânsje op passe. De juf, fan de earste klasse, hie blomkes foar it rút stean en dy seagen der net echt fleurich út. Us mem sei dan ek doe ik der mei thús kaam: ‘Och hea, hie Durkje net wat betters?’ 

 

Mem neamde eins nea ien by de foarnamme, tsjin in dokter sei se, dokter, tsjin in dûmny, dûmny en ien dy foar de klasse stie wie in master of juffer. Tsjintwurdich is soks oars, sels in baas neame se no gewoan by de foarnamme. Wy mochten dat net dwaan en ik doch it no noch net. Werom mem dizze juf Durkje neamde wie omdat sy beide yn itselde doarp berne en sawat fan deselde leeftiid wienen en mekoar dus goed koenen. 

Hawar, wy pasten dus op it plantsje mar dêr wie gjin ear oan te beheljen en doe it tiid wie om it, nei de fakânsje, wer mei nei skoalle te nimmen lei it plantsje al lang yn de ôffalbak en krige ik in nij blomke mei foar juf. Der wienen mear dy dat dienen, want it wienen allegearre moaie blomkes dy juf werom krige. Juffer bearde dan ek omraak, wat se hiel goed koe, en sei dat we geweldich op har blomkes past hienen. 

Sa as sein brochten we de fakânsjetiid meast thús troch, mar der wenne in sus fan mem mei har man op in boppehûs yn Ljouwert en dêr mocht ik útfanhûzje. Dy omke wie “gevangenbewaarder” en fertelde spannende ferhalen oer wat hy yn de gefangenis meimakke hie. Myn broers fûnen dat prachtich, mar ik net want ik koe der somtiden nachts net fan sliepe! Muoike hold jûns de kantoaren skjin dy ûnder wienen en as wy deis nei boppen rûnen en dêr stie in doar iepen fan in kantoar, dan fertelde muoike oan de typistes wa ik wie. Op in kear mocht ik type op in echte typmesine. Prachtich fûn ik dat en efternei hat dat miskien wol it begjin west fan myn ‘karriêre’ as skriuwster, soe ‘t net? 

Hoe dan ek, as doarpsfamke fûn ik it geweldich yn ‘e grutte stêd. Tink mar ris oan al dy grutte winkels en oan de snobbersguodwinkel fan Jamin, wêr ik wol ris wat lekkers útsykje mocht. Op in kear kamen wy by in skuonwinkel lâns en dêr    seach ik houten kleppers mei in read learen riemke der oerhinne. Muoike seach dat ik dy moai fûn en se hat doe in pear foar my kocht. Ik mocht se drekst oanhâlde en op de weromreis rûn ik dan ek al klepperjend troch de stêd. 

Doe ik wat âlder wie ferhúze myn freondintsje nei Noard Hollân. Dat fûn ik spitich want wy wienen in soad by mekoar en ik miste har. Gelokkich krige ik letter wer hiele leave nije freondintsjes mar wat ek moai wie, dat wie, dat de útspraak fan in beroemde fuotballer “Elk nadeel heeft zijn voordeel” útkaam, want yn de fakânsje mocht ik dêr wolris hinne.

Om ‘t ús heit boer wie koenen wy net mei fakânsje want de kij moasten eltse dei molken wurden en de fruchten moasten fan it lân. Dochs wienen der yn Hijum minsken dy der wol ris in dei op út gienen mei de bern. Dy heit hie in bakfyts wêrmei er gewoanwei by de doarren lâns gie om bôle te ferkeapjen mar sa no en dan kamen de fiif  bern yn dy lege bôlekarre, dy dan iepenstie, en de mem by de heit efterop en sa gienen se in dei fuort. 

 

En no is dizze moaie simmer alwer foarby en ha wy, en jo miskien ek wol, foar de komende tiid al plannen makke foar konserten en tonieljûnen en op 10 septimber binne wy nei de iepen-monuminten-dei west. Moarns nei it nije doarpshûs fan Stiens, yn it âlde gemeentehûs, wêr wy aanst boppeop komme te wenjen. It wie tige nijsgjirrich om te sjen wêr de bibliotheek, de lêsseal, de biljartseal, de filmseal en de kofjeromte komme. Dy middeis ha we noch nei it oargelkonsert west wat yn de tsjerken fan Hijum, Britsum en Koarnjum, fersoarge waard troch de oargeliste Gertine Hoefnagel út Utrecht. Prachtich.

Wy ha it konsert yn Koarnjum belústere en dêr de tsjerke besjoen, wêr û.o. in grêfstien leit fan David van Goirle, ûnder in glêzen plaat. Dêrnei binne we noch nei de tsjerke fan Britsum west wêr wy, krekt as yn de oare tsjerken, kundich útlis krigen oer eardere tiden, de renovaasjes fan de tsjerken en oargels en yn Stiens oer it nije doarpshûs! 

Somtiden giet men fier fuort mei fakânsje en besjocht dêr fan alles, wylst je wat tichteby is noch net iens sjoen ha. Dêrom bêste minsken as jo noch in útsje sykje foar de komende hjerstfakânsje, dan binne dit echte oanrieders λ

 

Etie Pasma, Hijum 2022