Algemeen

Twa wike lyn skreau ik oer “De Ramp”, dy’t 70 jier lyn syn ferwoestende wurk die yn ús lân, benammen yn it suden. Net wittende, dat in pear dagen letter in ramp fan in net te befetsjende omfang dielen fan Turkije en Syrië treffe soe. 

 

De earste dei rûn it deadetal by elk nijs bulletin op, fan 300 nei 500, en middeis wie it op in gegeven moment al 1900...Wy witte no, dat dit noch mar it topke fan de iisberch wie, of leaver sein, it topke fan de púnhopen.  Der binne minsken, dy’t dan fuort yn de startblokken stean, en der hinne reizgje om te helpen. Mar dat helpen kin allinne, as men ek echt profesjonele hulp biede kin. Dus as dokter, ferpleger, (psychysk) hulpferliener, of as profesjonele reddingswurker. 

Oare minsken begjinne fuort-en-daliks mei aksjes, mobilisearje freonen en famylje, skeakelje netwurken yn, en berikke sa ek in protte. En dan binne der ek in protte minsken, en dêr hear ik ek by, dy’t eins allinne mar ferbjustere nei de bylden sjogge. Dy’t de ferhalen yn de krante lêze. Dy’t mei triennen yn de eagen sjogge nei in foto fan in heit dy’t de hân fan syn ferstoarne dochter fêst hâldt.

Dy’t eins op in gegeven momint der eins net iens mear nei sjen wolle, om’t it allinne mar wanhopich makket. Wy fiele ús sa machteleas, sa folslein ferslein tsjinoer dit natuergeweld, dat safolle libbens nommen hat. Dat der foar soarget, dat miljoenen minsken gjin dak mear boppe de holle ha. Dat bern foar de rest fan harren libben traumatisearret. Dat der foar soarget dat âlders gjin bern mear hawwe, en bern gjin âlders. Wy sjogge der nei, wy gûle mei, mar wy hawwe ek it gefoel mei lege hannen te stean. Der binne minsken, dy’t der op de sosjale media wurden oan besykje te jaan. Mei dêrby in protte ikoantsjes fan gûlende popkes. Foaral BN-ers ha dêr in hantsje fan. Elk moat it sels mar witte, hoe as er him of har uterje wol. Mar it mei wol dúdlik wêze, dat fierwei it grutste part fan it minskdom begien is mei de minsken yn it rampgebiet. 

Woansdei te jûn wie de grutte aksje op de tillevyzje. Der waard fanalles sein. Der waard prachtich songen, by de lêste sjongeres koe ik it ek net droech hâlde, krekt sa as safolle oanwêzigen yn de studio. De opbringst wie hast net te leauwen, en dochs ek wol wer. Want de ûnmacht dy’t men fielt, dêr moat men wat mei. En as jild jaan dan in mooglikheid is, dan helpt dat in bytsje om wat fan dy ûnmacht wei te nimmen.

Dochs kamen de bylden hieltyd wer foarby, doe’t ik op bêd lei. En ik ha der in hiel skoft mei om pield. Yn it tsjuster komt alles noch mear op jin ôf, dat witte wy allegearre. Fertriet om al dy deaden. Fertriet om it fertriet fan al dy minsken dy’t it oerlibbe ha, mar neisten misse moatte. Fertriet om minsken, dy’t harren deaden net iens begrave kinne, om’t se noch ûnder it pún lizze. Mar ek wer de machteleazens. It neat dwaan kinne, behalve jild oermeitsje. En ik fielde ek lilkens. Even. Doe gong de knop om. Want ik help de minsken yn Turkije en Syrië net mei al dy gefoelens. Ik help mysels net mei al dy gefoelens, en ik help jimme der ek net mei.

 

Dus it lêste part fan dizze kollum giet oer hoop. Hoop, dy’t justerjûn op de tillevyzje dochs ek wer útsprutsen waard. Hoop, dat der út de púnhopen wer in nije wrâld opboud wurde sil. Hoop, dat minsken sterk en fearkrêftich wêze sille. Sels no noch is der hoop, dat der minsken libben fûn wurde sille. Wy hearre fan wûnders, minsken dy’t nei 9 dagen libben ûnder it pûn weihelle wurde. Ik moat tinke oan de foto fan dy lytse poppe, berne ûnder it pún, mar libben nei boppe helle. Dàt is foar my it byld fan de hoop, fan de nije takomst. Justerjûn       seach ik foargongers fan ferskillende religy’s neist elkoar stean en bidde foar harren neisten yn it rampgebiet. Russen en Oekraïners steane neist elkoar om minsken ûnder it pún wei te hel-jen. It is ferskriklik dat it op dizze wize moat, mar sa’n ramp bringt minsken, bringt folken tichter by elkoar. Ek yn ús neiste omjouwing meie wy dat sjen. Bern, dy’t aksjes betinke, fuotbalklups, skoallen. Minsken litte minsken net yn de steek. Der wurdt wurke oan in nije takomst, hoe swier as dat ek wurdt. En dat jout hoop λ

 

 Aeltsje de Groot