Algemeen

Column: It swurd fan Grutte Pier

Sa as jimme witte, ha ik wat mei skiednis. En mei alles wat út dy skiednis bewarre bleaun is. Dus sjoch ik ek altyd fol niget nei dat programma, weryn museumstikken ûndersocht wurde op echtheid. Dat wol sizze: is de herkomst fan it stik ek echt datjinge wat der yn it museum foar wier by stiet?

Om fuort mar hiel konkreet te wurden: is it swurd dat yn it Frysk Museum leit, en takend wurdt oan Grutte Pier, ek echt it swurd fan Grutte Pier west?

Foar de lêzers, dy’t de útstjoering sjoen hawwe, is de útkomst bekind. Foar de lêzers dy’t it noch net witte: ik hâld jimme noch even yn spanning.

It is hiel nijsgjirrich om te sjen, hoe as men besiket út te finen, wat de oarsprong fan in foarwerp is.

Net allinne wurd bygelyks it swurd sels ûndersocht, mar der wurdt ek sjoen wat der skriftelik bekind is. Wannear hat it museum it stik krigen? Wêr kaam it doe wei? Yn hokker dokuminten wurdt it neamd? Grutte Pier libbe om 1500 hinne. Ek al is syn persoan yn de rin fan de jierren útgroeid ta in Fryske folksheld, wêr’t heldhaftige ferhalen oer ferteld wurde, seker is wol, dat er libbe hat fan ûngefear 1480 oant 1520. De heldedieden dy’t oan him taskreaun wurde yn Fryslân, wurdt oan de oare kant fan de Iselmar, yn West-Fryslân, wol wat oars tsjinoan sjoen...Dat er gauris mei in swurd om him hinne slein hat, is wol wer seker. Mar is dat ûnbidich grutte swurd echt fan him west?

Om dokuminten te finen, dy’t werom geane nei 1500, is in ûnmooglike taak. Dus kin dat gjin útslútsel jaan. In ûndersyk nei de âlderdom kin tsjintwurdich wol hiel sekuer dien wurde. 

It swurd moast der sels foar nei Ingelân, mar dêr kin men bepale hoe lang as it lyn is, dat it izer smeid is. Ek it hout yn it lemet kin ûndersocht wurde. Boppedat kin der dan ek noch útsocht wurde, as in swurd echt brûkt is, ek dêr binne spoaren fan werom te finen.

No sit der yn sa’n programma in opbou fansels, it wurdt spannend makke. Dat moat ek wol, want oars sjocht gjin minsk der nei. Dus hieltyd komme der stikjes wierheid nei boppen. De dokumintaasje, dy’t dus net foldwaande is. De âlderdom fan it hout, mar dat seit neat oer de âlderdom fan it izer. Der binne wapendeskundigen, dy’t besykje as se mei it swurd oerwei kinne. It docht bliken, dat it dochs wol boppe gemiddeld grut is en eins net te hantearjen...Sels ús “eigen” sterke man, Wout Zijlstra, brûkt in lytser swurd, as er op it toniel as Grutte Pier ferskynt. En dy hat dochs hiel wat yn de bouten.

De twifel slacht dan ta. Soe it dan dochs net it mytyske swurd fan ús folksheld wêze?

As alle ûndersiken klear binne, dan komt de útslach.

Yn de lêste searje yn lyts ferbân mei de ûndersikers en de minsken fan it museum.

It liket my foar de museummeiwurkers in spannende út-slach. Want as no bliken docht, dat sa’n swurd hielendal net út de tiid fan Grutte Pier komt, mar bygelyks út 1700. Dan is it hiele ferhaal om sa’n swurd fuort, en kin it ek net mear as sadanich tentoansteld wurde. Dan is der ek in hiel stik fuort fan de myte, dy’t by dit swurd heart. En in museum is net allinne in gebou mei foarwerpen fan earder tiid, mar ek in gebou dêr’t ferhalen yn ferteld wurde. Ferhalen út earder tiden. En dat dy’t ferhalen kleure binne yn de rin fan de tiden, dat witte wy allegearre. Mar binne se dêrom minder moai?

Dêrom: hoe wichtich is it, dat it swurd fan Grutte Pier “echt” is? Is it ferhaal wat der by heart, net fan like folle belang, wolle wy “alles” witte?

Blykber fûn men it yn it Frysk Museum dat de wierheid dochs mar boppe tafel moast. No, ik sil jimme net langer yn it ûngewisse hâlde: it swurd is wol deeglik út de perioade fan 1480 oant 1520 en kin dus hiel goed fan Grutte Pier west hat. Ek om’t út it ûndersyk dúdlik waard, dat it  brûkt is om mei te fjochtsjen. Dus gjin grutte stikken yn de krante oer in swurd dat nep is... It Frysk Museum mei syn skat yn alle gloarje sjen litte. De myte wurdt der no allinne mar grutter fan. Bliuwt de fraach: wie it echt it swurd fan Grutte Pier?

 

Aeltsje de Groot