Algemeen

19 maart haw ik foar de 74ste kear myn jierdei fiert. De lêste pear jier gie it wat sober troch de corona, mar no koe it wer wat leie. Mar ik freegje my hieltyd wer ôf, bin ik wol op 19 maart jierdei? Want it hat bliken dien dat yn ’e advertinsje yn ’e Friese Koerier stie dat ik op 17 Maart 1948 berne bin en op it bertekaartsje dat doedestiids ferstjoerd is, stiet 19 Maart.  

Myn jierdei fierde ik alle jierren op 19 maart, om’t dat yn it trouboekje fan ús âldelju stiet. Mar werom is dan die 17 maart yn ’e krante kaam. Litte wy foarop stelle dat it der op ’e Damslûs, net op in dei oankaam.  Men stie dêr wat fierder fan it drokke libben ôf as yn ’e doarpen deromhinne. 

It nijs, by ús wie dat de Friese Koerier, kaam ek altyd in dei letter by ús op ’e tafel, wêrtroch it neis al gjin neis mear wie.  In aginda, dêr’t men hjoed de dei beslist net sûnder kin, hienen wy net. Der waard soms  wat op ’e kalinder skreaun, mar dat wie faak ek net mear dan wannear der in ko kealje moast as wannear it reiske fan De Spar wie. 

Us heit wist dat hy sân dagen yn ’e wike, twa kear deis, de folle molkbussen nei de feart bringe moast. Der koe net in dei oerslein wurde, en sadwaande koe hy him der ek nea yn fersinne en wienen op dat mêd alle dagen foar him gelyk. Wy hoegden ús op ’e Damslûs ek net drok te meitsjen dat de jisketonnen op in bepaalde dei troch de wike by de dyk stean moasten.  Dy tonnen hienen wy doe net, dêr wie sels net iens in dyk.  Alles wat baarne woe gie op ’e brânbult, en alles wat net baarne woe waard bedobbe. 

Sels bin ik fan betinken dat ik op 17 Maart berne bin. Op 18 maart sil de postrinder út Langsweagen wol in briefke meikrigen ha foar de advertinsje yn ’e Friese Koerier, want it wie doedestiids gebrûklik dat sok soarte fan dingen mei de postrinder gienen. De man krige de advertinsje mei en in sigaar. Want by ús wie it gebrûklik dat by elke “trans-aksje”, de postrinder beleane waard mei in sigaar. 

Mar wêr’t ús heit sa gau net by stilstien hat, wie dat hy syn nije soan ek noch op it Gemeentehûs op ’e Sweach oanjaan moast.  En it wie ek net samar efkes wat, want hja hienen gau in moanskoft nedich om fan ’e Polderdyk hinne en werom nei de Sweach te fytsen. En as jo witte dat der op in pleats ek wol gauris argewaasje is dan falt it ek net ta om der efkes tuskenút te knipen. Jo kinne samar te meitsjen hawwe mei kealderij, en dat gie foar alles. 

Sels tink ik dat ús heit in pear dagen letter op in moarn betiid ûnder in ko siet te melken en ynienen by himsels tocht: “Blinder noch oan ta, ik moat die jonge ek noch op ’e Sweach oanjaan en de bertekaartsjes ek noch regelje by Kiemstra”. Hy sil doe deselde dei noch wol nei de Sweach fytst wêze om te soargjen dat ik dochs noch yn it trouboekje kaam te stean.  En no tink ik, dat de man op ’e Sweach him der op wiisd hat dat hy te let wie.  De man sil wol tsjin him sein ha dat it neffens de wet ferplicht wie om in bern binnen trije dagen oan te jaan, en wienen jo te let dan krigen jo in boete. It wie ûndertusken al de fjirde dei, en dat betsjutte dat ús Heit ta de bûse moast. Mar no bin ik, ús heit kennende, der foar 100 presint fan oertsjûge dat ús heit it foarelkoar krigen hat om ûnder dy boete út te kommen, troch yn plak fan 17 maart der 19 maart fan te meitsjen.      

En dêrom bin ik der ek hielendal wis fan, dat, doe’t ús Heit de doar fan it Gemeentehûs efter him ticht lutsen hie, de man efter it loket in grouwe sigaar opstutsen hat

hfdp@kpnmail.nl