Algemeen

Column: Nochtere Fries

Ik wit net hoe’t it jo fergiet, mar ik bin sa njonkelytsen in bytsje útsjoen op wat der foar de Nederlânske televyzje komt. It binne ien en al praatprogramma’s mei alderhande minsken dy’t oeral in bettere oplossing foar hawwe. Ha wy hast in jier lang oars gjin praat hân fan hoe we it coronafirus bestride moatte, no binne wy alwer dagen dwaande om út te finen hoe’t we dy bestriding yn gong sette moatte. 

Hast alle jûnen sitte faak deselde saakkundige minsken yn de ferskate praatprogramma’s. En as jo witte dat der wol mear as in hânfol fan dy programma’s binne, kinne sommigen der wol in moaie deihier fan oerhâlde. Want ik gean der net fan út dat sa’n saakkundige der alle jûnen allinne mar foar in waarm miel iten syn ferhaal sit te dwaan. En dat minsken lyk as Joling en Heuckeroth no safolle mearwearde oan sokke programma’s jouwe, haw ik myn twivels ek oer. Mar ek sy sille wol in bûssint brûke kinne.

Mar gelokkich soarge it waar foar in omslach yn al dy programma’s. De winter foel der yn. Nei de earste nachtfroast moasten in tafel fol minsken, dy’t saakkundich binne oan-geande it waar, útlis jaan fan hoe’t it waar him de kommende wike hâlde soe. Mar foaral moatte se komme om út te lizzen wannear de “tocht der tochten” komme sil. De waarmannen witte dan al lang dat der gjin tocht komt, mar dat snappe dy minsken dy’t it program presintearje skynber noch net.

De oare deis moast it  alvestêdebestjoer al ferskine om útlis te jaan wannear’t de tocht holden wurde koe. En dan komt Wiebe Wieling, sa’n nochtere Fries, dy’t seit: “Der komt hielendal gjin alvestêdetocht”. Hilversum wie te lyts. Hoe kin sa’n man dat sizze. “Ja”, sei dy nochtere Fries, “dat haw ik yn novimber ek al sein”. Doe wie de hikke hielendal fan de daam en moast de nochtere Fries it yn ferskate praatprogramma’s wer útlizze oan in tal Hollânske saakkundigen, dat it beslút fêst stie. En trouwens, der moast neffens de nochtere Fries earst mar ris iis op it wetter komme te lizzen. 

Saakkundigen as in sekere Wennemars en v.d. Burg kamen al mei grutte plannen om’t sy wol wisten hoe dy, yn harren eagen ûnnoazele Friesen it dwaan moasten. No fergelykje ik dy v.d. Burg mei immen út de Provotiid dy’t himsels in gatsje yn ’e holle boarre, mar Wennemars hie ik dochs heger taksearre. Mar ja as minsken te faak foar it fuotljocht komme, wurde se oars en tinke se dat se it stopjen útfûn ha. Yn dyselde wike kaam ik wer yn in praatprogramma telâne en doe wie der samar in hiele sterke Fryske delegaasje dy’t noch ris fertelle moast dat de tocht net trochgie. De top fan Fryslân. Wieling, de foarsitter fan de alvestêdekommisje, Buma, de boargemaster fan Ljouwert en Brok, de kommissaris fan de Kening. Sterkere delegaasje kinne jo net betinke. Mar al hoe sterk dy delegaasje ek wie, se hawwe doe in hiele grutte flater makke.  Hja hienen harren ûnstjerlik meitsje kinnen. Hja hienen Kneppelfreed miskien wol yn it ferjitboek sette kinnen. Wa wit wie der by Tresoar wol in stânbyld fan harren trijen oprjochte.

Sy hienen, wylst se op wei wienen nei Hilversum, ôfprate moatten dat se oan tafel by dy heale Fries, Charles Groenhuizen, Frysk praten gienen. Dat koe om’t se no as Fryske mearderheid oan de grutte tafel sieten. En as de oaren it net ferstean koenen dan koe Groenhuizen it wol fertale. Tink mar dat Hilversum dan wer te lyts west wie. Hja hienen Fryslân foar goed op ’e kaart sette kinnen en tagelyk ek it probleem fan de Fryske taal kenber meitsje moatten. 

Mar nee, neat fan dat alles. Allinne mar wer foar de safolste kear útlizze oan dat folk fan de oare kant fan de ôfslútdyk, wêrom de tocht net trochgean koe.   

Soks hie neffens my foarsitter Wieling fan de alvestêdekommisje allinne wol ôfkind en begjin ik my ôf te freegjen, binne de oaren dan miskien meigien om in pear bûssinten der by te gnabbeljen? Men hat op it stuit ek net folle rompslomp dat in protte tiid yn beslach nimt. Se ha, tink ik, mei syn trijen yn in auto mei sjauffeur west en sille wol in ûntheffingsbriefke hân ha wêrtroch se nei njoggenen de dyk noch út mochten. Mar op de weromreis yn ’e Polder efkes oanstekke wie der dit kear net by. 

Nee, it hat foar Fryslân in miste kâns west en wy sille wachtsje moatte op de earstkommende nachtfroast foar dat wy wer sa’n sterke Fryske delegaasje yn Hilversum oan ’e tafel krije.

www.henkiefandepolderdyk.nl
hfdp@kpnmail.nl