Algemeen

Column: Olympyske spelen

Hjoed binne de Winterspelen ôfsletten. De flam is dôve. Wer fjouwer jier wachtsje…Dat klinkt wol hiel dramatysk. Earst ha wy ek noch de para-olymyske spelen. It kriget gelokkich hieltyd mear oandacht fan de media, en terjochte. En wy ha oer twa jier wer simmer spelen. 

Dochs ha ik mear mei de Winterspelen. Foaral it riden fansels, mar ek de oare wintersporten binne prachtich om te sjen. Ik moat altyd wol even op gong komme. De earste dagen folgje ik it mar heal, mar geandewei sit ik faker foar de tillevyzje. Ek de ôfsluting jûns mei “Studio Peking” wol ik dan eins net mear misse. It is wat de sporters ek sizze: de olympyske spelen hawwe wat magysk.  Wy krigen thús foar it earst tillevyzje yn 1964, en it earste wat ik seach, wiene de Olympyske spelen. Us heit en mem wiene hielendal net sa fan de sport, mar de Olympyske spelen moasten se sjen. Dus dat krige ik op myn tsiende al mei. It ferhaal fan tradysje. Miskien ek it ferhaal fan ferbroedering. Dat sil it ek west ha, wat myn âlders oanspruts. Sport, dat oer alle grinzen hinne giet en minsken by elkoar bringt. Al binne der fansels wol hiel ferskriklike dingen gebeurd op de Spelen yn it ferline. En al waard Sjina de himel sawat ynpriizge by de sluting, wy witte ek, dat fryheit fan meningsuting dêr net oan de oarder is. Mar der is wol wer ekstra oandacht foar west, ek foaral foar dizze Spelen. Miskien helpt it, om mear minsken by elkoar te krijen om dêr tsjin te protestearjen.

Justerjûn gong it oer it sukses wat Noarwegen hie tidens dizze lêste Spelen. En foaral oer de menier werop sport benadere wurdt yn dit lân. Elk bern kriget de kâns om te sporten en dêrom is 90% fan de bern dêr mei dwaande. Der wurdt fanalles oanbean, mar der stiet ien ding foarop: it plesier yn de sport. Dêrom gjin kompetative oanpak, gjin wedstrydsjes, gjin dwang, gjin stress. Lekker mei de sport oan de gong, sûnder dat der in goed as ferkeard is, alles is gewoan goed.

Ik tink dat it dêr faak al fout giet. Foaral by bern, dy’t wat minder goed binne yn sport. Ik tink oan myn eigen sportjierren. Ik fûn riden fijn, mar hurd koe ik net. Dus wat winne siet der net yn, en dêrtroch waard it minder leuk. De sportdiploma’s op de legere skoalle wiene ek ien en al frustraasje. Ik ha op de ien of oare menier noch wol 3 B diploma’s helle, mar dat kaam om’t ik wol hurd rinne koe, en mei dy D de A’s fan it balgoaien omheech helle. Mar der wiene genôch bern dy’t maklik in C of in D hellen, en sommige sels wol de E.  Letter ha ik jierren folleyballe. Mar eins fûn ik it begjin dêrfan it moaiste. Ik wurke noch yn de soarch.Wy spilen gewoan foar de lol ien kear yn de wike mei in oantal kollega’s, mânlju en froulju troch elkoar. Sa moat sport dus wêze, men moat der plesier yn hawwe. En ik hie dat minder, as der kompetysje wie. Foar de topsporters jildt dat net. Dy hawwe dat fjoer fan winne wolle yn harren. En dêrneist ha se ek noch in protte nocht oan wat se dogge. Dochs tink ik, dat it foar bern in druk wêze kin, as der prestearre wurde moat. It Noarske model liket my wol wat, úteinlik komme dy medaljes dochs wol…

Hjirby in resept fan “cheesecake”. Ik wit, dat ik alris earder in resept mei jim dield ha fan sa’n cake. Miskien wie it ek wol mei de Olympyske Spelen, want der wurdt sein, dat de “cheesecake” al yn de âldheid iten waard op de Spelen.

 

Ingrediënten.

Boaium:

1 pak bastognekoeken

55 gr.bûter

Fulling:

8 aaien

250 gr. sûker

100 gr. Jus d’orange

sap fan 1 sitroen

1 kg rjemmetsiis (roomkaas)

 

Fetsje in springfoarm fan 28 sm yn en beklaai de boaium mei bakpapier. Ferwaarmje de oven foar op 120°C.

Krommelje de bastognekoeken fyn en ming it mei de raande bûter oant it in fijn deegje wurdt. Beklaai de boaium hjirmei en set it in heal oerke yn de friezer. De oare ingrediënten by elkoar dwaan en der in glêde massa fan meitsje. Dan de springfoarm hjir mei fulle en sa’n 50 menuten ôfbakke yn de oven. As de boppekant moai ljochbrún is, is de cake klear.

Ofkuolje litte, en dêrnei yn de koelkast sette. Ek lekker mei sinasappeliis λ

 

Echte Bakker 

Nico & Aeltsje, Stiens.