Algemeen

”Ik soe wol graach efkes lizze wolle”, sei ik tsjin de bloedpripster yn de Nije Skalm yn Stiens. “Dat kin hjir net”, sei sy, “dan moatte jo nei Ljouwert ta”. Ik sei tsjin har dat it my tsjinfoel, dat op sa’n nije lokaasje gjin plak is foar minsken mei “prikangst”. Sy koe dêr ek gjin antwurd op jaan. Iksels bin mei myn papieren en in fleske moarnswetter wer nei hûs gien nei myn bakje meagere kwark, om’t ik al hast tsien oeren gjin hap iten hân hie.

Ja, ik wit it, “prikangst” sit tusken de earen. Mar it sit dêr en it wol der ek net weikomme. Ik haw it net stean op bloed en spuiten. Eartiids bin ik dêrtroch faker as ien kear fan gychem gien. Lokkich koe ik mei de berte fan ús bern op’e fuotten bliuwe. Mar doe’t dokter Bosma sei dat hy wat romte meitsje soe, bin ik dochs mar gau de keuken yn dûkt.

It wie yn de tiid fan dokter Woudstra dat it mei it bloedprippen begûn. Hja woenen witte hoe’t it mei myn golesterol wie en as der ek oare mankeminten wienen. Dêr wie it gjin probleem, want frou Woudstra prippe sels en ik mocht op in behandeltafel lizze wêrtroch sy gjin 100 kilo tusken de stuollen weifiskje hoegden, as der al wat mis gie. 

Mar it wie wol it begjin fan myn piltsje tiid. Hie ik foarhinne allinne mar op snein en moandeitemoarn ferlet fan paracetamol, no kamen der pillen foar it golesterol oerhinne. En, wat noch folle slimmer wie, faker bloedprippe litte. 

Doe’t it in kear útkaam dat ik nei de Skalm moast, stelde ik harren dêr ek de fraach as ik wol efkes lizze mocht as sy my bloed ôfnamen. No nee, dêr wienen sy net op berekkene. Uteinlik, moast ik mar op’e flier lizzen gean, wêrtroch ik yn alle gefallen net omfalle koe. Mar der stienen wol in stik as tsien minsken omhinne dy’t tochten dat ik reanimeard wurde moast. Hja fûnen it hiel begrutlik foar my, wylst ik hielendal net begrutlik wie, mar allinne mar “prikangst” ha. Dus mei it stikje “privacy” yn de Skalm wie it fier te sykjen. Dus ien kear Skalm, mar net wer Skalm.

Ja, foar minsken dy’t gjin “prikangst“ hawwe is it net foar te stellen hoe soks fielt. Dan mar nei it MCL yn Ljouwert, dêr hawwe se it yn alle gefallen better foarmekoar. Allinne alle kearen wer dat geflean wylst sy op twa kilometer ôfstân ek prippe. Mar doe’t de coronatiid oanbruts, koe ik net mear nei it MCL mar moast ik nei Crystalic, dat glêzen gebou. Dat wie ek gjin probleem om’t sy der dêr ek hielendal op klear binne. Wat betsjut dat der ien behandeltafel stiet om klanten as my te geriven. Mar ek Cristalic leit net neist Britsum. 

No wie de Nije Skalm klear en gie ik der mar fan út dat sy der no ek klear foar wienen om minsken mei deselde ôfwiking as my, te helpen. Nee dus, ik sil wol de ienichste yn Stiens en omkriten wêze mei “prikangst” en is it oanskaffen fan in behandeltafel allinne foar my oan de hege kant. Kin it begripe, mar fyn it spitich. Dan dochs mar wer nei Ljouwert. Crystalic pripkeamer trije λ

 

hfdp@kpnmail.nl