Algemeen
Column: Pruldinkje
Lêstdeis is myn Geartsje 75 jier wurden en de bern fûnen dat wy dat grut fiere moasten. Allegear ûnder it mom fan: net elkenien komt oan de 75 jier ta. En net elkenien hat in neiteam dat der noch is en ek noch allegear by elkoar binne.
As ferrassing hienen de bern wat moais betocht. Mei alle bern, bernsbern, Geartsje har broer, myn broer en ús lêste sweager. En wy wisten fan neat!!
Geartsje is 75 wurden en fan dy 75 haw ik 59 kear har jierdei meimakke. Sis mar, fan har santjinde jierdei ôf haw ik alle kearen by har op jierdeibesite west. Sels har earste jierdeikado(tsje) fan my, doe’t wy elkoar krekt koenen, hat sy noch bewarre en stiet te pronk op har hobbykeamer.
In soart lantearntsje sûnder lampke, tsjintwurdich in pruldinkje, dat as jo it optilden der in deuntsje út kaam. Hjoed de dei soe ik my deaskamje om soks oan in nije leafde te jaan. Mar ja: tiden hawwe tiden.
Doe’t de bern bûten ús om alles regele hienen, waard ús ferteld dat wy om healwei twaen klear stean moasten en dan waarden wy troch ús Ester fan hûs helle. “Dresscode?”, sels witte mar wol sinnebril en fest meinimme.
Sjoch, dan begjint de nijsgjirrigens op te spyljen. Sinnebril en fest is men binnendoar net nedich, dus it kegeljen foel ôf. Bungyjumpen en waadrinnen hienen wy foarôf al oanjûn dat wy dat net woenen. Mar moast ik no in koarte as lange broek oanlûke. Ik haw keazen foar in lange. Geartsje siet ek al yn it dilemma: moat de broek oan de ankels ta as krekt ûnder de knibbels.
It is allegear goed kaam. Healwei twaen hat Ester ús ophelle, noch hieltyd net wittende wat der mei ús barre soe. Doe’t wy út Britsum wei ôfsloegen rjochting Ljouwert koenen we preamfarren op it Bildt fan it listje ôfhelje. Rjochting Hurdegaryp oppere Geartsje dat wy wolris nei de bistetún fan AquaZoo gean soenen. It like har wol moai ta en ik koe der wol yn meigean.
Mar ynstee fan rjochting de bistetún sloech Ester loftsôf en gienen wy nei de Grutte Wielen. Dêr oankaam by de haven stie de hiele famylje al op ús te wachtsjen. Mar bûten ús famylje lei der ek noch in boat op ús te wachtsjen. En ek net samar in boatsje. In skûtsje fan Richard en Anna Propma, omboud ta salonboat mei alles der op en der oan en mei in tapaslike namme: “De Nieuwe Liefde”.
De skipper en syn frou, twa jonge minsken fan middelbere leeftiid, hienen fan harren hobby harren berop makke. Sy hawwe, mei ús as fracht, in rûntsje Ljouwert fearn mei Richard oan it roer dy’t sa no en dan fertelde oer wat wy op’e wâl seagen, as sjen koenen.
Undertusken soarge Anna der foar dat it frachtguod gjin droege mûle en in hongergefoel yn de mage krige. Nei trije oeren binne wy de haven fan de Grutte Wielen wer ynfearn en koe it frachtguod wer oan wâl gean.
Dêr wei binne wy yn kolonne nei Hurdegaryp ta gien foar in hapke iten. Goed acht oere hat Ester ús wer foar hûs ôfsetten. Geartsje har jierdei wie tige slagge.
Doe’t wy dochs noch frij let, op bêd gienen, haw wy tegearre noch efkes yn Geartsje har hobbykeamer west om myn earste kadootsje oan myn “Nije Leafde” noch ris te besjen.
Dan te betinken dat hast alle kado’s dy’t Geartsje yn de rin fan jierren krigen hat, ûnder oaren fyts en naaimasine, it net oerlibbe ha.
Geartsje hat it lantearntsje noch in kear optild en wûnder boppe wûnder die it rideltsje it noch,”Trink, trink, Bruderlein trink”. Doe in kadootsje, no in pruldinkje fan wearde.
hfdp@kpnmail.nl
Laatst geplaatst
Agenda
-
Za 6 september
- 09:00 Familie expositie in 'Nije ...
- 09:30 Kleasterrûntsje op zaterda...
- 10:00 Jaarmarkt Stiens
-
Zo 7 september
- 09:00 Familie expositie in 'Nije ...
- 10:30 t/m 7 sept. FYTS! Een expos...
- 13:00 Ouwesylster Markt
-
Ma 8 september
-
Di 9 september
-
Wo 10 september
-
Do 11 september