Algemeen

Alwer in pear jier ferlyn wie ik mei Syb yn Menaam om in middei te fersoargjen foar de âlderein. Lyk as oare kearen begûn ik mei in ferhaal oer myn bernetiid dy’t ik yn Terwispel trochbrocht ha. 

Yn ’t skoft kaam in man op my ta en fertelde dat hy ek yn Terwispel wenne hie. Dat makke my tige nijsgjirrich. En it waard noch nijsgjirriger doe’t hy fertelde dat hy yn 1926 yn Gersleat yn ’e Aldewei berne wie, it plak dêr’t ek ús âldelju weikomme.  

Thús haw ik it ferhaal oan Geartsje ferteld. Doe’t dy frege wêr’t de man wenne, moast it antwurd skuldich bliuwe. Krekt en gelyk dat ik ek net wist hoe de man syn namme wie. In mailtsje nei ien fan de organisaasje wie foldwaande om der efter te kommen dat it om Albert Scheenstra gie, dy’t yn Marsum wennet. In pear dagen letter haw ik kontakt socht mei Albert en fuortdaliks in ôfspraak makke foar in besite oan him.

Mei foto’s fan de Aldewei bin ik nei Marsum taset en oan de tee rekke by Albert Scheenstra dy’t my in soad fertelle koe oer syn libben en wêr’t hy wenne en west hie. It hie samar in boekwurk wurde kinnen, mar it gie my om de tiid dy’t hy yn Terwispel omslein hat. 

Albert fertelde dat hy syn eigen heit nea kend hat, om’t dy al stoarn wie foar dat Albert berne wie. De ienichste foto dy’t hy fan syn heit hat, is de  troufoto. Syn mem is letter wer troud, mei in Heida. Hy is as bern ek fierder gien as Albert Heida en wist net better dan dat Heida syn heit wie. Nei’t se hjir en dêr wenne hienen, kamen se yn 1934 yn Terwispel oan de Mouwewei te wenjen dêr’t syn heit yn de wurkferskaffing siet en tuskentroch los wurk die. 

Hy fertelde ek dat hy op skoalle sitten hie by master Zijlstra en dat se mekoar net sa bêst leinen. Ik hie soks wolris faker heart. Op de fraach at hy ek op in skoalfoto stiet, andere hy: “Nee, foar safier as ik wit net. Ek net fan de oare skoallen dêr’t ik op sitten ha”. 

Albert koe moai fertelle oer syn Terwispeler tiid. Ek oer it kattekwea dy’t se úthellen. “Ik wit noch dat ik in heale kokosnút yn de skoarstien sakje litten ha fan it Evangelisaasjegebou, dat skean tsjinoer ús stie.  It ferfolch wit ik net, mar der kin net folle trek mear  yn de skoarstien sitten ha”. 

Albert fertelde dat syn heit him yn 1938 bestelde by in boer yn Jonkerslân. Hy hat dêr ek noch twa jier nei skoalle west. Mar om’t hy troch de ferhuzerij wol gauris opnij begjinne moast, koe hy op syn fjirtjinde jierdei de skoalledoarren efter him tichtlûke en gie oan it turfstekken yn ’e Deelen. “Mar om’t ik dêrfoar in fergunning fan it gemeentehûs helje moast bin ik dêr, op myn fjirtjinde, ek efter kaam dat ik gjin Heida, mar Scheenstra hjitte”. 

“Yn oktober 1944 hat ús heit him by in boer yn Marsum besteld. Hy koe dêr tolve maaie 1945 begjinne. Ik ha wolris tocht, hoe krige hy soks yn ’e holle en gean midden yn de oarloch ticht by it Dútske fleanfjild wenjen en wurkjen. Mar doe’t wy op tolve maaie 1945 mei de pream fan Jonkerslân nei Marsum foeren wie de oarloch foarby”. 

Doe’t wy de tee op hienen ha we in tal foto’s besjoen dy’t ik meinaam hie fan de Aldewei. Foto’s dêr’t syn mem en styfheit op stean, mar ek ús heit en mem. 

“Wat soe ik noch graach in foto ha wolle fan ús tiid yn Terwispel”, sei hy, “ek om’t dêr in stikje fan myn bernetiid leit”. Ik haw him tasein dat ik myn bêst dwaan soe om noch wat te efterheljen. 

Yn in boekje oer Terwispel stean in protte skoalfoto’s, mar net ien mei dizze Albert. Oant in wike as wat ferlyn Lutske Holtrop in skoallefoto, dêr’t har mem op stie, op “Terwispel Histoarje” sette. In foto fan ±1936 mei de nammen fan de bern der by. Mar it wie net allinne dat har mem op dy foto stiet mar ek Albert Heida mei de strik foar, dy’t neist syn grutte freon master Zijlstra stiet. 

Doe’t ik de foto nei him e-mailde, mei de fraach at dit kloppe, kaam der al rillegau in tillefoantsje mei de fraach: “Hoe komsto oan dy foto?” Hy koe doe ek samar meardere nammen fan de bern út syn klasse opneame. Albert is bliid mei dizze foto, de ienichste foto fan Albert  út syn tiid yn Terwispel. 

Sa blier as in bern, en dat op syn seis-en-njoggentichste

hfdp@kpnmail.nl