Algemeen

De moanne jannewaris is hast al foarby en it gewoane libben is wer begûn. No ja, gewoan, net echt no, want noch altyd plêget it Coronafirus ús dus sa gewoan is it libben op ‘t heden noch net! Hawar, it is net oars, we moatte it der mar mei dwaan.

Wat by ús no wol wer gewoan is dat is it iten en dan bedoel ik it waarm iten. No wit ik net wat jo winterdeis meast ite, mar wy hâlde fan in âlderwetske winterkost. 

Mei dy winterkost bedoel ik hast alle soarten stamppot mei spekjes en in rikke woarst der yn. Dat is fansels net iten wêr je fan ôf fâle en it gewicht dat der yn desimber by kommen is, troch it útwrytske iten, de banketletters, krystkrânskes, oaljekoeken en in drankje op ‘e tiid, is der dan ek noch net ôf. Eins mar núver no, want yn in pear dagen is it der by kommen, mar it duorret wiken foar dat it der wer ôf is.

Mar om op winterkost werom te kommen, der komt hjir fansels net allinnich stamppot op tafel. O nee, wy meie ek hiel graach snert en Sinees. Ek allerhande pasta soarten binne wy sljocht op en in gewoan stikje fleis mei jirpels en griente stiet ek geregeldwei op it menu, mar stamppot stiet wol op nûmer ien. Der wurdt dan in grutte panne fol makke wêr we ien kear fan ite en de rest komt yn bakjes yn de friezer. Handich foar as je ris net safolle tiid ha. Wol hâlde wy fan de iene soarte mear as fan de oare, mar dat sil by jo ek sa wêze. Wy meie graach boerekoal- en soerkoalstamppot, mar it leafste ha wy stamppot rauwe andyvie mei útbakte spekjes! Hutspot komt hjir hast nea op tafel en stamppot raap ek net! Oer dy stamppot raap kin ik jo noch wol in wier bard ferhaaltsje fertelle fan goed fiiftich jier ferlyn. 

Wy wienen noch net sa lang troud doe frege myn oare helte:‘Kinst ek ris stamppot raap meitsje? Dat krigen wy thús sa no en dan en dat fûn ik lekker!’ Wy krigen dat thús ek wol ris, mar ik bin dêr nea wei fan west, mar as hy dat no sa graach woe, dan soe ik it meitsje. Fansels wist ik dat rapen lang siede moatte dus sette ik de raap, dêr ik moaie patat reepjes fan snien hie, moarns om âlve oere op it gas, brocht it oan ‘e soad en sette it op in lytse pit. Om fiif oere hinne kamen de jirpels derby, in oere letter de boel goed stampe, de útbakte spekjes en de opwaarme woarst der by, alles troch mekoar skeppe en klear wie myn stamppot, tocht ik.

Mar doe ‘t hy de earste hap yn ‘e mûle hie sei er: ‘Do hast de raap net lang genôch sean.’ ‘ Jawol, ik ha it wol lang genôch sean!’ ‘ Nee, want de raap is net gear!’ ‘ It hat sân oeren opstien!!! rôp ik no út. ‘ En doch is it net gear, rapen moatte no ienkear lang siede!’ No ja sis!

It sil jo net ferbaze dat de rapen by ús doe goed gear wienen!

De stikjes woarst ha wy der út fiske en de rest is yn it húske bedarre ‘ Do krijst fan my nea wer stamppot raap, dat sil ik dy wol fertelle!’ wie myn beskie.

Mar je moatte nea, nea sizze, want in skoft letter ha ik it nochris besocht en dy raap wie beter nôch te krijen, dat nei de tiid makke ik it dochs sa no en dan. En doe wist ik ek dat je oan it skilen al fernimme koenen as it in goeie raap, of dat it in minne houterige raap, wie.

Omdat Wil nocht hie oan iten siede soarge hy sneins altyd foar in waarm miel iten en doe ‘t er, goed tweintich jier ferlyn, mei de “fut” gie naam hy it iten sieden fan my oer.

Bêst genôch.

No seach ik dizze wike in raap yn ‘e winkel lizzen en frege: ‘Wolst ek ris stamppot raap meitsje?’ Hy skodde syn holle en dan kin je tinke, is er bang dat it in houterige raap is en dat him itselde oerkomme kin as my? Mar it kin fansels ek samar wêze dat je smaak mei de tiid wat feroaret.

Hoe dan ek, hy pakte in pûde snijde andyvie en wylst ik no mei dizze column oan ‘e gong bin, komt de rook fan útbakte spekjes my al yn ‘e noas. Dat wurdt dus aanst lekker ite en dêr hâlde wy beide fan. En ik hoopje, wat foar (winter)kost der ek by jo op ‘e tafel komt, dat it mar goed smeitsje me.

Etie Pasma, Hijum 2022