Algemeen

De Plankewrotters spylje “Wat in skrik”

Op freed 6 en sneon 7 maart om 20.00 oere yn “de Hege Stins”, Gysbert Japicxstrjitte 4 te Stiens. In kluchtig blijspul skrean troch Henk Sloots.

Berend (Benny foar freonen) is al hast fiifentweintich jier troud mei Sippy. Mar ek oare froulju ha altyd al op syn belangstelling rekkenje kinnen.

Ut in eardere ferhâlding hat er in dochter,  dêr’t er neat fan ôf wit. Dy is no op ‘e syk gien, mei  help fan it TV-programma Spoorloos.

As Berend in skiuwen kriget fan Spoorloos, dêr’t ynstiet dat in frou him nei al dy jierren moetsje wol, brekt by him de panyk út, want Sippy mei dêr út noch yn neat fan witte.

Mei help fan syn freon en kollega Sjoerd besiket er te rêden wat der te rêden falt. Hy wurket himsels lykwols hieltyd fierder yn de nêsten.

 Sil er him der noch út rêde? Dat spant derom. Wês mar bliid dat jim net yn syn skuon stean.