Algemeen

Hert ûnder de riem by Foswert

As de maitiid komt en minsken neat leaver wolle as der op út gean, bûten sitte, op besite gean as yn 'e tún omslaan, rinne sy yn dizze ferfelende tiid noch tsjin in hiel soad beheinings en maatregels oan.

Sander Metz soarget der by Foswert yn Ferwert mei gitaarmuzyk en sjongen foar dat de stimming der yn bliuwt. Foto: Bram Buruma 

Miskien dat der stadichoan wat mear romte komt, mar seker ek foar bewenners fan fersoargingshûzen en harren neisten wie it de ôfrûne moannen in drege tiid. Dat de foarich jier spontaan organisearre ferdivedaasjes ek dizze maityd wer in ferfolch krigen, is foar bewenners en personiel fan Foswert yn Ferwert in hert ûnder de riem. Lykas it earste sjongen en gitaarspyljen fan dit jier yn 'e tún fan Foswert troch Sander Metz. Foar de measte bewenners wie it noch krekt wat te kâld om de optredens fan de sjonger dy't opgroeide op it Amelân tichtby, op it terras as eigen balkon mei te meitsjen, mar hja koenen ek op de eigen stoel genietsje fan de bekende oer-Hollânske meisjongers en fansels it ‘Dan komt de maitiid yn it lân’.