gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
Aeltsje 2024

In analoge wrâld

Fan ‘e wike lies ik wat oer de “analoge wrâld”. Dus in wrâld sûnder alle digitale saken, dy’t wy sa stadichoan om ús hinne sammele hawwe. In wrâld, dy’t fierwei de measte lêzers fan myn stikjes ek noch wol hiel bewust meimakke hawwe. In wrâld, dy’t eins noch net iens sa hiel fier achter ús leit. Mar wol in wrâld, dy’t ús bern, en seker ús bernsbern, frjemd foarkomt.

“Analooch” stiet tsjintwurdich foar in stadiger menier fan libjen. Dêr binne minsken wer nei op syk. Ik ha it wolris earder neamd yn in kollum: alles komt en alles giet, mar wat west hat, komt altyd wer werom. Miskien yn in oare foarm, miskien mei in oare namme. Mar it komt wer, hoe dan ek. Doe’t wy jong wiene, wisten wy net dat wy in “analooch” libben hiene. It wie wat it wie. En it digitale kaam der stadich-oan ynslûpen. Ik wit noch dat wy mei in bakker-kollega in wykein op Amelân wiene. Hy hie in “mobile” tillefoan, mar moast by in “Greenpoint” yn de buert wêze om te beljen. En hy koe net werom belle wurde. Ik ha it neisocht, mar dit begong yn 1992 en sân jier letter wie it al wer dien. Al yn 1994 waard it eerste gsm netwurk oanlein yn Nederlân en begong de echte mobile tillefoan oan syn reis troch de wrâld.

Eins hast net te leauwen, doe’t wy tritich jier lyn yn Stiens kamen te wenjen, wie der hast noch gjin mobile telefoany. In kompjûter hiene wy doe al. Mei wol in hiele protte minder mooglikheden as hjoed-de-dei. De lêste tritich jier ha wy dus de opkomst hân fan de digitale wrâld, yn in tige heech tempo. En it liket der no wer op, dat de top sa’n bytsje berikt is en dat men werom wol nei minder. Net altyd mei dat skermke yn de hân. Net altyd mar berikber wêze. Net altyd mail binnen krije, mei saken dy’t dan ek wer moatte. No kom ik fansels út it tydperk sûnder skermkes. En ik ha der ek nea ferlet fan hân, om de hiele dei op dat skerm te sitten, en doelleas te skrollen troch allerhande kattefilmkes en oanbiedings fan allerhande saken (dy’t men net nedich is) en neam mar op. Mar der is in hiele generaasje minsken ûntstien, dy’t in grut part fan de tiid trochbringe mei harren skermke. 

Dat begjint te kanteljen. Net foar neat is breidzjen, haken, naaien, bordueren wer hiele bot yn opkomst. Wat meitsje, wat kreëarje, bewust en mei oandacht, men komt der achter, dat dat folle mear foldwaning jout, dan sa’n skermke.  Dat jildt ek foar skoalbern, dy’t de mobyl net mear yn de klasse hawwe meie, of sels net yn it skoft yn de kantine. Mei elkoar prate, mei elkoar in spultsje dwaan, echte oandacht foar elkoar, dat wurdt belangryk.

It foel my fan ‘e wike op, doe’t wy út iten wiene. Der wiene twa tafels mei wat jongere minsken, sa om de 40 jier. En dat is wol in bytsje ek de generaasje, dy’t de tillefoan nea fier fuort hat. Meastal leit er op de tafel. Mar nee, gjinien dy’t nei in mobyl taalde. Der waard iten, der waard praat, mar gjin tillefoan. Miskien wie it tafal. Mar it hat tink ik ek te meitsjen mei de feroaring, dy’t der sa ûngemurken oan sit te kommen, of dy’t der al is.

De analoge wrâld is sa gek noch net, dêr komme wy, en dy generaasjes nei ús, sa stadichoan achter. De platespiler is wer hielendal yn de moade. In analooch fototastel: hartstikke hip. Analooch tillevyzje sjen komt ek wer om ‘e hoeke: gewoan sjen wat der op dit moment op de tillefyzje is.

Ik bin troch myn wurk meigroeid yn de digitale wrâld. En AI fyn ik betiden ek in tige handige útfining. Dochs ha ik der ek wolris genôch fan. Wy wiene de ôfrûne wike in pear dagen op Skylge. Gjin laptop mei. De tillefoan op triljen. En soms liet ik him op de hotel keamer. Even neat. Want dan hat men pas yn de gaten, wat der allegearre wol net binnen komt. Hearlik om dan even hielendal “analooch” te wêzen. 

Daliks ferstjoer ik dit stikje mei ien druk op de knop. Noch gjin 40 jier lyn brocht ik de kopij fan myn kollum foar it Fribakoblêd persoan-lik nei Ferwert ien kear yn de moanne. En dronk ik gesellich in bakje kofje mei Ysbrand en Gitta. 

Hearlik analooch

Aeltsje de Groot