Algemeen

Jankobus Seuninga komt nei Hijum

Hy sil ûnder de measte minsken miskien wol bekend wêze fan Pigmeat en fan Kobus gaat naar Appelscha. Mar hy is folle mear dan dat. 

Hy hat forich jier de Ina Dammanpriis wûn mei syn dichtbundel (mei cd) ‘Slijp Steen’ en dizze prachtich poëtysk skreaune teksten op muzyk set. We binne hiel beneid wat hy bringe sil want dat dizze ‘Woordkunstenaar Poëet en Droogkloot’ in middei fol ferdivedaasje bringe sil stiet fêst!  Sneon 18 febrewaris om 15.30 oere yn it doarpshûs De Kampioen te Hijum