Algemeen

Kollum Aeltsje de Groot: Werom yn de tiid

Ik sil it mar earlik bekenne: ik bin ferslaafd. In ferslaving wer’t in protte minsken al wer fan genêzen binne.  Ik bin altyd wat in letbloeier west.

Myn ferslaving hjit: “Downton Abbey”. No, dan wit elk wol wer’t ik it oer ha. De tillevysjesearje dy’t jierren lang te sjen wie. It “rike” Ingelske libben yn de earste helte fan de foarige ieu. Fansels noch altyd te finen op Netflix. Soms wol men jûns gewoan even lekker foar de buis hingje. En meastal is der wol wat op. Mar as der “neat” op is – hoe hiene wy dat earder mei mar in pear stjoerders – dan is Netflix in goede opsje.

En sa belâne ik op in jûn by Downton Abbey. Fansels ha ik der wolris wat fan sjoen, en ek de útstjoerings oer de “echte Downton Abbey” ha ik ferline jier folge.

Mar no gewoan begongen mei it earste seizoen. Underwilens sitte der trije seizoens op en ja, it is  ferslavend. Want der is hieltyd in ferfolch, en och, dan kin ik dat ek noch wol even sjen...

It gefolch is wol, dat ik mei in Downton holle op bêd gean en noch skoften ompiel mei alle intriges en tastannen. Net sa handich dus. Ik ha my dan ek hillich foarnommen, om jûn allinne noch mar nei “Tussen kunst en kitsch” te sjen. Gjin gedoch mear mei in rike famylje, dy’t hûndert jier lyn libbe op in menier, dêr’t men no allinne mar fan dreame kin.

Dat is ek wat it sa fasinearend makket, tink. In âlde wrâld fol glitter en glamour, dy’t stadichoan ferdwynt. En och, dan binne de dingen net iens sa folle feroare. In jongere generaasje, dy’t it oars dwaan wol, dy’t it ek wol oars dwaan moat, om’t de tiden feroarje. De âldere generaasje, dy’t it dêr dreech mei hat. Dochters, dy’t harren eigen wei geane, en kieze foar harren eigen gelok. Dy’t net mear de útstippele wei geane, dy’t har âlders foar eagen hiene.

It is in searje om hearlik by wei te dreamen. It folk ûnder yn de keuken, mei ek alle rangen en standen dy’t der mar mooglik binne. En ek mei harren eigen swierrichheden. Finzenisstraf, homofily, ôfguenst, leafdesferhâldings, it komt allegearre foarby. It lit ek wol goed sjen, hoe as it wie om yn dy tiid “oars” te wêzen. Immen dy’t homo is, hat in “gruwlike ôfwiking”. 

Earme jonge, ek al spilet er net de sympatike jonge, men kriget der begrutsjen mei. En it lit ek dúdlik de iensumes fan sa’n persoan sjen. It binne soms noch hiele jonge minsken dêr únder yn dy keuken, dy’t allegearre besykje in plakje te finen yn dy wrâld, dy’t foar harren soms sa wreed wêze kin.

Mar ek boppe, wer’t it rike en deftige libben him ôfspilet, hat men syn of har eigen soares. It is foaral de feroarjende tiid, dy’t de âlderein kopsoargen jout.

Neat nijs ûnder de sinne dus. As wy no wolle of net, de tiid feroaret, en wy sille der yn mei moatte. Of wy dogge it net, en krûpe werom yn ús feilige húske, dêr’t alles bliuwt sa as it is. 

Soms tink ik dat ek wol: wat sil en moat ik allegearre noch. De wrâld draait sûnder my ek wol troch. Ik kin my better mar deljaan. 

Minsken dy’t my in bytsje kinne, witte, dat dit in illúsje is. Hoe soe ik my no deljaan kinne? Miskien kin ik alle nije ûntwikkelings net mear hielendal folgje, mar thús sitte en neat mear ûndernimme? Nee, dan komt it ek net klear. 

Ik moat yniens oan myn skoanmem tinke. Berne yn 1917, yn de tiid fan Downton dus. Unferstelber, dat sy berne is yn in tiid, dat der noch net iens frouwestimrjocht wie. Se is 96 jier wurden, en wat makket men dan wat mei! Myn (styf)beppe trouwens ek, dy wie fan 1918, is 97 jier wurden, en hie op dy leeftiid in kompjûter, dêr’t se fanalles mei die. Mailtsjes stjoere, foto’s, neam mar op.

Ik realisearje my no, dat ik ek noch yn in tiid berne bin, dat froulju net mear wurkje mochten as se troud wiene, en gjin eigen bankrekken iepenje koene. De man wie de baas.

Hoe moai as al dy pracht ek is fan de Ingelske adel yn Downton Abbey, ik besef dêrtroch des te mear, hoe fijn as it is om yn dizze tiid te libjen. En dat ik op myn 71-ste noch net achter de geraniums hoech. Wat myn beppe ek net die!

Aeltsje de Groot