Algemeen
Kollum Etie Pasma: Slimme Wiebe
Sinteklaas wennet mei syn Piten wer yn it grutte Pitehûs en it wie dêr hiel drok. De Sint hie de Piten der op út stjoerd mei ferlanglistkes fan de bern. Elk krigen se 10 listkes mei en dêr moasten sy de kadootsjes fan keapje.
Ien Pyt, dy noch mar krekt by Sinteklaas wurke, hie ek de list fan Wiebe krigen. Op Wiebe syn list stie net folle want hy wist mar ien ding te betinken en dat wie in sûkelarjeletter. No wie dat in hiele koarte list fansels en dêrom hie hy mar 5 kear ûnder mekoar set:‘sûkelarjeletter’
Dat wie wol in bytsje slim fan Wiebe want sa wie syn listke wat langer, mar doe er it bryfke yn syn skoech dwaan soe betocht er yniens noch wat oars en hy sette der ûnder:
‘Bêste Sinteklaas, ik wit no niks mear, mar miskien letter wol en dêrom soe ik wol in kadokaart ha wolle, dan sykje ik letter sels wol wat út.’ Dat wie net in bytsje, mar hiel slim betocht fan Wiebe. En krekt dat brocht dy nije Pyt op in idee, dus kocht hy elke kear, as er in kadootsje yn ‘e winkel net fine koe, in kadokaart. Jim kinne wol begripe dat dizze Pyt it alderearste klear wie.
Sinteklaas dy noch 6 lette ferlanglistkes krigen hie en seach dat de nije Pyt al werom wie sei tsjin him: ‘Omdat sto al klear bist kinst it spul fan dizze 6 listkes ek noch wol keapje.’
De nije Pyt fûn dat net fijn, want hy hold net fan winkeljen, mar dat doarst er net tsjin de Sint te sizzen want hy wie bliid mei syn baantsje. Dêrom gie er mar wêr nei de winkel mar die it no stadichoan. Wol kocht er wer kadokaarten as se it spul yn ‘e winkel net hienen. Doe er de oare Piten werom rinnen seach nei it Pitehûs gie hy ek nei binnen en mei syn allen begûnen se te ynpakken. Nei dat alles ynpakt wie dienen se de pakjes fan ien famylje by mekoar yn in sek mei de namme dêrop en setten dy op in rige by mekoar.
Sinteklaas kaam del, rûn by de sekken lâns en beseach wêr dy hinne moasten. O ja, dizze moast nei Dukke, dy by de brêge wennet en dy grutte sek wie foar Oane, dy wat efterôf wennet. Ja wier, Sinteklaas koe alle bern en wist hoe se hieten en wêr se wennen. Hy seach de lytse sek fan Wiebe en syn famylje stean, en tocht, o ja, Wiebe frege sûkelarjeletters en in kadokaart, dat wie dus ynoarder kommen! Yniens seach er in hiele rij lytse sekken stean. Hy begûn te tellen. Ien, twa, trije en sa fierder. Hy seach nei de nammen, Antsje, Jeltsje, Pieter, Harm, Klaas en gean sa mar troch.
De Sint wist dat sy grutte kado’s frege hienen en sei: ‘Wa hat dizze sekken klear makke?’ De nije Pyt kaam nei foaren.
‘Hoe kin it dat dizze bern sa‘n bytsje krije?’ frege de Sint.
‘No Sinteklaas, de winkel hie net wat der op harren listke stie en doe ha ik foar harren ek mar kadokaarten kocht, dan kinne se sels wat útsykje!’
Sinteklaas waard wol sa lulk en rôp: ‘Der binne mear winkels yn it doarp hear Pyt. Dêr hiest ek sjen moatten. Mar no snap ik ek werom ast sto sa gau klear wiest. Mar dit kin net hear, want ast sto it net yn dy winkel fine kinst dan kinne dy bern dat dêr aanst ek net fine en dan kinne sy ommers ek neat mei in kadokaart fan dy winkel! Dus hupsakee, nei de oare winkels en sykje dêr om de kadootsjes foar dy bern. Allinnich dy fan Wiebe meist stean litte, want dy hat der sels om frege!’
De nije Pyt skamme him, want eins hie er dit sels betinke moatten. Hy pakte de sekken en makke se ien foar ien wer iepen. In oare Pyt begrutte it om de nije Pyt en sei tsjin Sinteklaas: ‘Och Sint, hy wurket hjir noch mar krekt en moat it ommers noch leare, sil ik him mar helpe?’
Dat fûn de Sint in goed plan en de nije Pyt wie hiel bliid dat der no ien mei him gie om pakjes út te sykjen. Sa krigen Antsje, Jeltsje, Pieter, Harm, Klaas en al dy oaren wol de kadootsjes dy se graach ha woenen en wie Sinteklaas letter net mear lulk. Dat wie moai want as der rúzje en drokte is, dan is it net gesellich! En no hoopje ik mar dat jim aanst wol krije wat der op jim ferlanglistke stiet. Al fûn ik it wol hiel slim fan Wiebe en better as al dy sûkelarjeletters!
Hoe dan ek, it sil aanst fêst wol in fijne pakjesjûn wurde foar Wiebe en foar jim allegearre!
En dat winskje ik jim no ek alfêst ta, mei lekker snobbersguod en moaie kadootsjes! λ
Etie Pasma, Stiens 2025
Dit is myn nije boekje mei 19 Sinteklaas ferhaaltsjes, wêr ek dit nije ferhaal yn stiet. Dit boekje is te bestellen op tillefoan nr. 06 13783818
Laatst geplaatst
Agenda
-
Wo 26 november
-
Do 27 november
-
Vr 28 november
- 09:00 Familie expositie in 'Nije ...
- 20:30 Hallumer Music Night
-
Za 29 november
-
Zo 30 november
-
Ma 1 december