Algemeen

Ljouwert ûndersiket ferlet Fryske taal

De gemeente Ljouwert sil by har ynwenners en de eigen meiwurkers ûndersyk dwaan nei it gebrûk fan it Frysk yn de gemeente en nei de fraach oft de twadde Rykstaal better sichtber en werkenber oanwêzich wêze moat.

Oanlieding foar it ûndersyk is de Taalnota Frysk, dúdlik yn byld, dy’t yn juny 2018 fêststeld is troch it kolleezje fan b. en w. Yn septimber 2018 hat de gemeenteried oanjûn dat de rol fan it Frysk yn de gemeente Ljouwert better yn byld brocht wurde moat. Ien fan de konkrete maatregels wêrta besletten is, is it oprjochtsjen fan de Wurkgroep Frysk.

Dizze wurkgroep is gearstald om in advys út te bringen oer de wize hoe’t de gemeente Ljouwert mei it Frysk omgiet. Dit giet bygelyks oer it gebrûk fan it Frysk yn de publike tsjinstferliening troch de gemeente, de sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte en it Frysk yn maatskiplike en kulturele aktiviteiten.

Om de wurkgroep te stypjen wurdt meikoarten útein setten mei in ûndersyk ûnder de ynwenners en de eigen meiwurkers. De útkomsten wurde foar de simmer fan 2019 bekend makke en tsjinje as basis foar it advys fan de wurkgroep.

It eksterne ûndersyk wurdt útfierd troch buro Partoer en wurdt nei 4000 ynwenners fan de gemeente Ljouwert ferstjoerd. De list mei fragen wurdt op postkoadenivo ferspraat, sadat, it ferlet fan it gebrûk fan it Frysk yn de doarpen en de stêd lykweardich yn it ûndersyk werom te finen is.

Yn oktober 2019 sil it advys fan de Wurkgroep Frysk oan de ried foarlein wurde. Om de Legacy fan LF2018 te stypjen, wol de gemeente Ljouwert in bydrage leverje oan it stimulearjen fan meartaligens. Op basis fan it advys fan de wurkgroep Frysk wol de gemeente Ljouwert syn taalbelied dêrom ferdjipje en ferbreedzje. As it nedich is, sil yn de hjerst in ferfolchûndersyk dien wurde nei de taalbelibbing fan de ynwenners