Algemeen

Mear romte foar Fryske natuer troch oanpak eksoaten

Soarten dy 't harren rap ferspriede en hjir net thúshearre, lykas de reuzebeareklau en de grutte wetternavel, ferkringe lânseigen soarten. Om it Fryske bioferskaat te beskermjen wurket de provinsje Fryslân de kommende tiid oan belied om dizze en oare ynvasive eksoaten te bestriden en foar te kommen dat se har mear fêstigje sille yn ús provinsje. Yn de Startnotysje Ynvasive Eksoaten dy 't hjoed nei Provinsjale Steaten stjoerd is, steane trije opsjes foar de útwurking fan it eksoatebelied.

De earste, meast minimale fariant bestiet út it fuortheljen en behearskjen fan de soarten dy 't op de Unielist (Europeeske list fan oan te pakken eksoaten) steane. Yn 2018 hat it Ryk dizze ferantwurdlikheid oan de provinsjes oerdroegen. Utsûndering binne de wolhânkrabbe en de Amerikaanske rivierkreeft, dêr 't it ryk ferantwurdlik foar bliuwt, en de beverrôt en muskusrôt, dêr 't de ferantwurdlikheid fan by de wetterskippen leit. Dizze fariant slút oan op de oanpak út it lanlike Masterplan Uitroeiing en Beheersing Unielijstsoorten fan it Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit.
By de tuskenfariant, ek de foarkarsfariant fan Deputearre Steaten, wurdt dit oanfolle mei in list Fryske eksoaten: soarten dy 't net op de Unielist stean, mar wol foar skea of oerlêst soargje yn de provinsje. Tink oan de wetterkrassula en de Aziatyske tûzenknopen. Ek is der ynset op gearwurkingsferbannen en kennisdieling.
By de meast maksimale fariant nimt de provinsje in promininte rol by it werombringen fan in grut part fan de eksoaten en nimt dêrby ek in part fan de ferantwurdlikheden en kosten fan oare oerheden oer. It ekonomysk belang en folkssûnens wurdt ek meinaam. Bygelyks de bestriding fan ambrosia wat in grutte feroarsaker fan heakoarts is, of de oanpak fan de buksbeamkemot dy 't ekonomyske skea tabringe kin oan buksbeamkekwekerijen.

 

Stapke ekstra

Yn de startnotysje stiet ek in list mei ekstra oandachtspunten. It giet bygelyks om kennisûntwikkeling, it prioritearjen fan de oanpak fan eksoaten wêr Natura 2000 - doelen yn de knel komme, ynset op gearwurking mei de ferskate grûneigeners dêr 't eksoaten foarkomme en it oplûken mei oare partijen by mienskiplike ferantwurdlikheden. Yn de maksimale fariant is dêr alle romte foar, yn de tuskenfariant diels en yn de meast minimale fariant allinnich wêr mooglik.


De farianten sille respektyflik sa 'n 100.000, 300.000 of 800.000 + euro kostje yn it jier. Provinsjale Steaten beslút op 15 desimber oer de te kiezen rjochting. Dy wurdt útwurke en takom jier yn de foarm fan in beliedsnota foarlein. De bestriding fan eksoaten koste de provinsje sûnt 2018 goed tsien miljoen euro.