Algemeen

Noardlike subsydzjes foar rjochtfeardige transysje nei griene ekonomy

De earste twa subsydzjes fan it Europeeske Just Transition Fund (JTF) kinne fan begjin 2023 ôf oanfrege wurde. Troch it fûns kinne Noard-Nederlânske bedriuwen en kennisynstellings úteinsette mei de transysje nei in fossylfrije ekonomy. Dat biedt kânsen foar ynnovative ideeën, bygelyks foar skjinnere brânstof, nije opliedings en omskoalling. En it smyt nije wurkgelegenheid op. De provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân, de gemeente Emmen en de noardlike arbeidsmerkregio's helpe ûndernimmers graach om mei dit subsydzje mear faasje yn harren plannen te bringen.

Deputearre Friso Douwstra fynt dizze noardlike oanpak wichtich: "Ek yn Fryslân sette wy yn op de transysje nei in duorsume mienskip. Dat dogge wy yn ‘e mande mei de provinsjes Grinslân en Drinte en de regio Emmen dêr't de need troch de gaskrisis it heechst is.

Wy steane mei-inoar oan 'e latte foar dizze útdagings.”

 

Kinsto ek subsydzje oanfreegje?

Oant 2027 kinne meardere subsydzjes út it JTF oanfrege wurde. De subsydzjes binne benammen bedoeld foar sektoaren dy't troffen wurde troch it ophâlden fan de gaswinning yn Grinslân. Tink dêrby oan bedriuwen yn ’e produksje fan, distribúsje fan of hannel yn ierdgas. Dat kinne ek Fryske bedriuwen en kennisynstellings wêze. De betingst is dat sy gearwurkje mei bedriuwen en organisaasjes yn de regio Emmen of de provinsje Grinslân en dat de resultaten yn dy regio's telâne komme.

 

Earste twa subsydzjes: Ynvestearrings- en opliedingsregeling en Falorisaasjeregeling

De Ynvestearrings- en opliedingsregeling is rjochte op ynvestearringsprojekten yn ’e prosesyndustry en yndustry fan fabryksprodukten. It subsydzje is bedoeld om de regionale ekonomy minder ôfhinklik te meitsjen fan fossile brânstoffen en fan yndustry mei hege CO2-útstjit (koalstofdiokside). Projekten ferhastigje de oergong nei in klimaatneutrale ekonomy en fersterkje fergriening of ynnovaasje. Om- en byskoalling makket nij en besteand personiel yn koarte tiid klear foar de takomst. Dêrmei groeit de wurkgelegenheid. De Falorisaasjeregeling giet oer in oprop foar nije kennisprojekten (falorisaasje) wêrby't nije kennis en kunde ynset wurdt en wêrfan’t de resultaten yn Grinslân of de regio Emmen telâne komme.

 

Fêst oan ’e slach?

Bedriuwen en kennis- en ûnderwiisynstellingen yn Fryslân, dy't fêst yn ‘e mande  mei partners yn Grinslân, Drinte of Emmen mei nije projekten starte wolle, kinne foar advys kontakt opnimme mei: info@fryslan.frl | 058 -292 59 25. Nei de neamde twa subsydzjes folgje der yn de kommende moannen mear. Wy tinke graach mei oer de mooglikheden foar dyn idee of oplossing. Mear ynformaasje: Europese Fondsen