Algemeen
Column Aeltsje: Opromje?
Doe’t wy goed twa-en-in-heal jier lyn de saak ferkochten, like it as soe der in nij libben begjinne. In libben, dat begjinne soe mei opromjen. Doe’t wy yn it hûs kamen, wêr't ik no noch yn wenje, hiene wy noch fjouwer thúswenjende bern. Dus dat it hûs doe aardich fuld wie mei fanalles en nochwat, is net sa frjemd. Mar it frjemde is wol, dat it hûs net leger waard, doe’t dy fjouwer bern der op in gegeven net mear wennen.
Op in gegeven moment binne wy boppe op de fliering begongen mei opromjen. De iene sliepkeamer dêr waard útfanhûzerskeamer. Mar mei noch wol allegearre kratten fol mei lego, Barbiespullen en wit ik it allegearre, dy’t net iens allegearre achter de lûken passe, mar der ek foar stean. De sliepkeamer dêrneist wie ek redelik leech, oant der in ledikantsje ynkaam, in rek mei klean en wat stuollen dy’t plak ha moasten…
Ik sil jimme besparje hoe as it in ferdjipping leger is. Al is it in bytsje better wurden, no’t ien fan de dochters opslach hat foar alle stuollen en tafels, dy’t ea nochris brûkt wurde moatte foar in projekt. Mar wy hienen yn elk gefal in pear jier lyn it idee, om ris goed opromming te hâlden.
Dy winter kaam der neat fan, earst rekke ik ûnderút mei in harsenskodding. Nico wurke noch trije dagen yn de wike. Moandeis op de hûn passe fan de iene dochter, tiisdeis op de dochter fan de oare dochter, en dêrneist hie (en ha) ik ek noch wol it ien en oar te dwaan. Nee, takomme winter, as Nico net mear oan it wurk is, dan….
Jimme witte hoe as it gongen is, Nico mocht de simmer al net iens mear meimeitsje. En opromje?
It hat net myn prioariteit, litte wy it sa mar sizze.Dochs stoart it ek wol wer. As ik de garaazje hast net iens trochkomme kin. As ik wer ris wat net fine kin boppe op souder. As ik, no neam mar op. Dêr komt dan by, dat ik ek noch in fersamelaar bin, en mei muoite wat fuort dwaan kin. Men soe der nochris ferlet fan hawwe kinne. Ik bin no ienkear in “spulleminske” hâld ik mysels foar. Ik moat fanalles om my hinne ha. Wol oardere, ik kin net wurkje yn in grutte bende. Mar in protte spul om my hinne, ja dat ha ik wol.
No hie ik itselde “probleem” ek min of mear op myn kompjûters. Der stiet fanalles op, wol opslein op datum, sadat ik alles redelik goed werom fine kin. Mar myn tekstferwurkingsprogramma wie op in gegeven moment ferdwûn fan myn buroblêd, en och, dan fyn ik wol wat oars út. Mei it gefolch, dat alles wat ik yn dat programma skreau, op it buroblêd kaam. Ja, en dan wurdt it wol wat in gaos fansels, it buroblêd wie al gau fol.
En dan wit ik wer net, hoe as ik alles yn mappen krij, dus: help! Lokkich wie der help, en learde ik hoe as ik oarder yn de gaos krije koe. Mei dus no in opromme buroblêd, mei ferskillende mappen. Wat jout dat in romte en rêst! Ik bin tagelyk ek mar op myn oare laptop (foar ien spesifike stichting) begongen mei it opnij oarderjen. It wurket suver ferslaavjend. In laptop iepenje, en dan fuort allerhande mapkes te hawwen, mei alles der netsjes yn op jiertal...Der is wer in hiele (noflike) wrâld foar my iepen gongen. En it fijne op de kompjûter is, dat fuortsmite ek hiel maklik is. Net mear noadich, net mear fan belang? Hup, de prullebak yn. Rommet lekker op!
Ja, en sa moat it dus ek wurkje mei it oare opromjen. Want hoefolle hat in minske no noadich? Net safolle dochs? Dus: hup, de kontener achterhûs, en fuort der mei…
Spitich dat it sa net wurket. Dy ferhipte “emoasjonele” wearde dy’t der oan gewoan dea guod sit...Allinne myn servysguod al. It trouservys fan myn heit en mem. It servys dat ik doe en doe fan dy krigen ha. Of dat ik dêr en dêr kocht ha. No ja, dat sil ek wol wer goed komme. Mar sa is der safolle. Ik ha jimme al ris in ferhaal dien oer myn boeken, no der binne ûnderwilens al wer hiel wat by kommen. Soms benaud it my, dan tink ik: “hoe kom ik ea wer fan al dat guod ôf?”Gewoan mar begjinne wierskynlik, krekt sa as mei de kompjûter.
Wurdt ferfolge...
Aeltsje de Groot
Laatst geplaatst
Agenda
-
Zo 8 december
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Za 14 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december
-
Do 2 januari
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens