Algemeen

Sinterklaasferhaal: De mijter fan Sinteklaas

O bern, wienen jim ek sa bang dat Sinteklaas dit jier net komme soe? No ik wol hear!

We moasten ommers, troch dat rare firus, thús bliuwe en jimme mochten in skoft net nei skoalle. De heiten en memmen moasten thús wurkje en we mochten net reizgje fan it iene lân nei it oare. Mar dan kinne Sinteklaas en syn Piten net, út Spanje wei, hjirhinne komme, betocht ik. En dan soe it fêst in hiele núvere 5 desimber wurde, sûnder pipernúten en sûkelarjeletters, sûnder wat lekkers yn de skoech en sûnder pakjes en pakjesjûn! Net bêst!

Mar yniens wie it Sinterklaas-journaal op de tillevyzje en dêr seinen se dat Sinteklaas wol komme soe en dat hy en de Piten al ûnderweis wienen. O, wat wie ik bliid. Gau socht ik myn boek op mei Sinteklaas ferskes. Ik woe dy ferskes wer út 'e holle kinne, want Sinteklaas fynt it prachtich as wy foar him sjonge en dan krij je fêst wol wat yn 'e skoech. En no is de Sint hjir al mei de stoomboat oankommen en ha wy him al op de tillevyzje sjoen. No wit ik net hoe hy, út Spanje wei, hjirhinne te kommen koe want de grinzen wienen ticht! Miskien koe er wol gewoan mei de stoomboat de haven út fare, sa as de fiskers dy eltse dei de see op geane te fiskjen. Hoe dan ek, hy is der wer en dat is geweldich!!!

Hiel wat jierren ferlyn tochten se ek dat it Sinteklaasfeest net troch gean soe, want doe moast Sinteklaas yn 'e hûs bliuwe, fan de dokter, krekt sa as de sike minsken no! 

Dat kaam sa: Op in jûn wie it striemin waar, de rein kaam mei bakken út de loft en it waaide net in heale, mar in hiele stoarm. Sinteklaas wenne mei syn Piten yn it Pitehûs en hy sei dy jûns tsjin ien fan de Piten dat er it hynder klearsette moast. Sinteklaas woe earst harkje nei de bern, dy by de kachel sinteklaasferskes songen en woe dêrnei mei Pyt it dak op, om te fertellen wêr Pyt, troch de skoarstien, wat lekkers yn 'e skoech bringe moast.

Mar dy Pyt sei: 'It is gjin waar om nei bûten en al hielendal net om mei it hynder it dak op.'

Sinteklaas sei: 'Wat sille wy no belibje Pyt, do bist net fan sâlt wol? Toe gau, doch de reinjas mar oer dyn Pitenpak hinne en helje it hynder, dan kinne we der op út!' Dy Pyt woe net in bangeskiter wêze, dus die er mar wat de Sint sei en helle er it hynder.

Mar dy Pyt hie wol gelyk, it wie gjin waar om der op út en Sinteklaas hie thús bliuwe moatten!  Want wylst de Sint, op it hynder boppe op in dak stie, wie der yniens in skuorwyn en dy blaasde de reade Sinteklazemantel, dy oars altyd moai oer it hynder hinne leit, oer Sinteklaas syn holle. Hy seach niks mear en Pyt, dy krekt heal yn in skoarstien siet, koe him net helpe. 

Sinteklaas besocht de mantel sels fan syn holle te lûken en skuorde der fûl oan. Hy luts... en luts... en luts doe noch in kear hiel fûl oan syn mantel en doe slagge it. Mar o wee, net allinnich de jas fleach
him fan de holle, mar ek de mijter en dy waard meinommen troch de wyn! Pyt, dy krekt út de skoarstien weikommen wie, seach de mijter fuort waaien en gie der gau efteroan. Mar dat wie net sa maklik, want as er tocht dat er him pakke koe, dan wie der wer in wynpûster en fuort waaide de mijter! It moat wol in moai gesicht west ha, want Sinteklaas siet sa te laitsjen op it hynder dat syn búk skodde der fan en oer de strjitte klonk de lûde, swiere stim fan de Sint dy sei: ' Ha, ha, haaaaaa! Ha, ha, haaaaaa! Pak him Pyt! Pak him! Ha, ha, haaaaaaaa!'

 

Pyt draafde en draafde, mar hy koe him net krije. Yniens wie der in hiele grutte wynpûster en dy naam de mijter mei, heech troch loft en fuort wie er. Foar goed fuort! Dat wie net sa moai want de Sint hie net in reserve mijter meinommen út Spanje! Mar Sinteklaas is in âlde trochsetter, hy bliuwde net thús en gie gewoan elke jûn wer op paad mei de bleate holle. Dat wie net ferstannich, want it duorre net sa lang doe waard er slim ferkâlden. 

Hy proeste wol tweintich kear efter mekoar en hy moast sa faak snúte dat syn noas der read en spliterich fan wurden wie. Mar hoe ferkâlden hy ek wie, hy woe en soe alle jûnen wer it dak op.

De Piten seinen dat er thús
bliuwe moast, mar dat die er net! 

Omdat de Piten bang wienen dat de Sint echt siik wurde soe, lieten se stikem in dokter komme en dy prate mei Sinteklaas en sei dat er beslist yn 'e hûs bliuwe moast! Want oars soe er sa slim siik wurde, sei de dokter, dat hy net allinnich yn de hûs, mar ek op bêd bliuwe moast! No, dat woe Sinteklaas fansels net, dus die er wat de dokter sei en stjoerde hy de Piten allinnich op paad. 

As dy dan letter thús kamen moasten se alles wat se heard en sjoen hienen oan Sinteklaas fertelle en dy skriuwde dat op yn it grutte, tsjûke boek. Sa wie de Sint oeral fan op 'e hichte en wist hy dat Alie "Sinteklaas kapoentje" by de kachel songen hie en dat Evert in woartel foar it hynder by de skoech del lein hie! Ja, de Sint wist alles!

Mar wa ek alles wisten dat wienen de minsken fan de kranten. Dy kamen der achter dat der wat mei Sinteklaas wie, want se hienen by it Pitehûs stean te wachtsjen om in foto fan Sinteklaas te meitsjen. Se wachten en wachten, mar de Sint kaam net en se seagen allinnich mar Piten nei bûten kommen. De oare deis stie der mei grutte letters yn de krante: Is Sinterklaas fuort of siik miskien? 

En en dy jûns wie it al op it journaal! De tillevyzje minsken stjoerden doe ien nei it Pitehûs om mei Sinteklaas te praten en sa kaam it ferhaal fan de mijter yn de krante en op de tillevyzje. En se fertelden der by dat Sinteklaas binnen bliuwe moast fan de dokter en dat dêrom it Sinteklaasfeest miskien net troch gean koe! Mar dat wie net wier, dat hie Sinteklaas hielendal net sein! De grutte minsken en de bern wisten dat net en jammeren alles by mekoar omdat der no gjin Sinteklaasfeest komme soe. Se wienen sa mei har eigen fertriet dwaande en tochten net oan Sinteklaas. Want dy bêste âlde Sinteklaas fûn it ferskriklik dat hy no net nei de skoallen, de doarpshúzen en foaral net nei de bern thús ta koe om dêr wat lekkers of in pakje te bringen!

Mar gelokkich binne der altyd minsken dy wol om in oar tinke en oeral wol wat op witte om te helpen en sa 'n minske wie de beppe fan lytse Jantsje, dy beppe Jantsje hiet!

Dy beppe Jantsje hie nachts altyd in sliepmuts op 'e holle. 

In sliepmuts, dat is in muts mei in lange sturt der oan, sa as Jan Klaassen ek wol op hat! 

Beppe Jantsje seach earst ris goed nei in foto fan Sinteklaas en be-seach foaral de mijter. 

Dy mijter like wol wat op har sliepmuts, fûn se, allinnich stie de punt by Sinteklaas omheech en by beppe hong er del. Se hie har sliepmuts sels breide en tocht dat se ek wol ien foar Sinteklaas meitsje koe. Se pakte har breipennen en in boltsje reade wol en begûn te breidzjen. Se koe hiel hurd breidzje en doe se klear wie borduurde se in krús oan de foarkant en yn de punt die se dêr stik karton, sadat dy moai rjochtop stean bleau. Oan de binnenkant kaam noch in lekker waarm stofke, sa dat Sinteklaas net mear in kâlde holle krije soe!

No wennen lytse Jantsje en har beppe net fier fan it Pitenhûs ôf en beppe Jantsje frege oan lytse Jantsje of sy de muts nei Sinteklaas bringe woe. Dat woe se wol dwaan en foar dat se nei skoalle gie brocht se him nei de Sint. Dy die him op de holle EN... hy paste presys en like ek noch in hiele soad op in echte mijter, fûn de Sint en hy sei dat se beppe Jantsje mar hertlik betankje moast! 

Omdat de Sint no net echt ferkâlden mear wie mocht er, fan de dokter, allinnich nei bûten as er de muts fan beppe Jantsje op hie!

Fansels die de Sint de muts op, want hy woe hiel graach wer oan 't wurk en deselde jûn gie er alwer mei Pyt it dak op en ek alle Sinteklaasfeesten koenen no wer trochgean. De minsken en de bern hearden dat en se wienen allegearre sa bliid!

Beppe Jantsje krige as betankje, op pakjesjûn, in pak nije wol en in gedicht wêr yn stie dat se no mar wer omraak breidzje koe. Lytse Jantsje krige in nije pop en dêr wie se hiel bliid mei!

En witte jim wat beppe Jantsje no gau wer betocht hie? Se betocht dat se fan dy nije wol, wol poppekleantsjes breidzje koe foar de nije pop fan lytse Jantsje en dêr begûn se drekst mei.

Om Sinteklaas te bedanken songen beppe Jantsje en lytse Jantsje, dy jûns, tegearre allegearre sinteklaasferskes by de kachel en dat fûn Sinteklaas no wer hiel moai!

Sa sjogge jim mar bern, jim moatte altyd goed sjonge foar Sinteklaas, want dat fynt er geweldich en hy harket altyd! Dus as jim graach wat ha wolle fan Sinteklaas dan moatte der sinteklaasferskes songen wurde en as jim dat dogge, no......, dan wurdt it aanst fêst in hiele moaie pakjesjûn! 

Troch: Etie Pasma, Hijum 2020