Algemeen

De snie en it iis wienen noch net iens fuort of dêr hienen de waarprofeten it oer maitiidswaar en maitiids temperaturen, dy der oan sieten te kommen. No wit ik net hoe it jo fergie, doe jo it hearden, mar ik tocht earst mar ris sjen as it wol útkomt. Se ha ús wolris earder wat tasein wat net útkaam, dus efkes ôfwachtsje, we sjogge wol hoe it beteare sil. 

Mar tagelyk klonken dy berichten my wol as musyk yn 'e earen. 

As takomstmusyk, sis mar! Mar it is útkommen en wy ha samar in pear bysûndere dagen kado krigen, wêrfan ien hiele moaie.

De oare dagen siet it stof út de Sahara ús wat dwars, mar dêr wie neat oan te dwaan.

It is en bliuwt fansels frjemd dat we yn febrewaris al sokke temperaturen ha, mar wy pasten ús oan en setten wat túnspul bûten en gienen lekker yn 'e sinne sitten mei in bakje kofje. En al koenen de simmerklean echt noch net oan it wie wol in feest om sa yn 'e sinne te sitten.

No moatte we net tinke dat it al maitiid is en net te hurd wolle, want de nachtfroasten binne al wer ûnderweis sei Pyt en oer maart en april sizze we dan ek net foar neat as it oer it waar giet: "maart roert zijn staart en april doet wat hij wil."

Hoe dan ek, it wie in fijn kadootsje en wat ek fijn is, dat binne de snieklokjes dy no wer foar it ljocht kommen binne. Se hienen har al earder sjen litten mar doe de winter, mei snie en iis, delkaam hienen se har wer deljûn ûnder de boajembedekkers, mar no steane se hjir wer prachtich te klingeljen yn de tún foarhûs.

Alhoewol wy op 't heden net sa posityf binne oer de gong fan saken, dy we troch it firus meimeitsje, wie it begjin fan dit jier wol in feestje en klearebare ferwennerij. 

Earst mei it winterke dat we hân ha en no it betide maitiidswaar.

Dat winterke wie nei jierren sûnder iis yn de fearten mear as wolkom en it wie geweldich dat der wer ris riden wurde koe. 

Alhoewol ik it net mear oan doar om op redens te stean is it noch altyd wol hertsearich en soe ik noch wol graach ris de gympies en Friese Doorlopers, dy noch op souder lizze, in kear ûnder bine wolle. Mar je moatte je ferstân brûke want oan stikkene skonken ha je neat. 

Doch ha we al efkes nei de Hijumer iisbaan west en dêr sjoen en harke hoe der riden waard, want it lûd fan it krassen fan de izers op it iis is in bysûnder lûd en dat klinkt my ek as musyk yn 'e earen. Mei de snie is dat eins krekt sa. Ek it rinnen yn de snie jout in kreakjend en apart lûd.

En alhoewol snie foar in protte smoargens soarget en foar glêde diken, wie it wol in feestje foar de bern en dy ha der prachtich moai yn boartsje kinnen.

It wie net drok op de iisbaan doe wy der wienen. Dat kaam lykwols net troch it Coronafirus, mar omdat der op dat momint in stoarmige en iiskâlde eastewyn oer de iisbaan jage. 

Soks hold ús trouwens yn it ferline net tsjin. Wy riden sa lang der iis lei en jûns sa lang as de iisbaan iepen wie en ik moast my meast noch ôfbine as de grutte ljochten al út gien wienen.

Dy kear doe wy der wienen siet keunstskilder Gosse Koopmans der ek yn 'e kjeld en mei stienkâlde hannen hat er ús iisbaan, de tsjerke en wat riders, op in skilderij, hiel moai ferivige.

Neist de snieklokjes binne de krookjes en titelroazen no ek al te sjen. Ek dat jout my in goed gefoel en dêrtroch krij ik no al in bytsje sin oan de simmer. Mar dat giet fansels wat al te stûf en dat komt fêst omdat we troch it firus de lêste tiid safolle misse moatte en in soad yn 'e hûs omtoarkje.

Dêrom kin der wat my oangiet net gau genôch in ein komme oan dizze Corona tiid.

Wol binne wy bliid dat ús 'Corona kapsel' en 'bokkeprúk' der hast ôf kinne, mar der is safolle wat noch net mei, sa as besite fan mear as ien persoan of nei in tonielstik of in konsert.

O minsken, wat soe it moai wêze as wy aanst ús jierdeis wer mei mekoar fiere meie, of nei it doarpshûs kinne foar in spultsje koersbal, of in tonielstik fan ús tonielferiening, of om dêr nei in konsert fan ús Hijumer korps te harkjen.

En as we aanst wer nei tsjerke meie en dat we dêr dan wer mei mekoar sjonge meie. Jo kinne it leauwe of net, as dat allegearre wer kin en mei, dan bin ik in lokkich minske.

En dat klinkt my dan ek no al as musyk yn de earen!

As moaie takomstmusyk!  

Etie Pasma, Hijum 2021