Algemeen

Toanielfoarstelling 'Ús man' in De Kampioen

Frysktalige toanielfoarstelling  Us Man. Skriuwer: Youp van ’t Hek. Fryske oersetting: Gurbe Dykstra / Marijke Geertsma. Rezjy: Jan Arendz. Spilers: Anneke Hondema, Titia Huisman, Wybe Koldyk. Muzyk: Sake Hylkema. Produksje: Stichting Breinroer

Us Man is in tige humoristysk twalûk oer froulju dy’t werom- en foarút sjogge op harren relaasje. Sneon 4 maart, 20.00 oere yn De Kampioen te Hijum.

Yn diel ien riede twa froulju harren yn in hotelkeamer ta op in taspraak, dy’t se hâlde sille op de brulloft fan harren eks-man: de froulju binne nammentlik allebeide de eks fan deselde man, dy’t no op ’e nij trouwe sil. Yn diel twa sitte twa froulju op in waarme neimiddei wyn te drinken yn de tún. Se prate oer harren man sa’t allinne froulju dat kinne. Mar mei de man derby wurde de ferhâldingen op skerp steld. Troch it fenyn en de humor wurdt de betizing folslein.

Kaarten reserfearjen fia til. 0518-431400 of dorpshuishijum@hotmail.com   

Freed 14 april ek te sjen yn de Nije Skalm Stiens.