Algemeen

Toanielstik 'Memmesiel' fan Toanielselskip Vriendenkring Jelsum-Koarnjum-Britsum giet NET troch

Yn ferbân mei it Corona virus kin de útfiering fan it toanielstik net troch gean.

Memmesiel giet oer fjouwer froulju yn de finzenis. Misdiedigers binne it en se binne foar harren dieden lang en swier straft. Se sitte der nammentlik net foar wat kattekwea. Misdiedigers binne mear dan allinnich mar it grouwélige delikt dat se bedreaun ha, mar oer dat delikt ha dizze froulju it net. Wol oer djoere klean, hotels en moaie apparteminten om de boel wat te fersêftsjen.

It is mear de memmesiel dy’t harren by de strôt hat. Memmen yn de finzenis. De memmen dy’t se sear dien ha. De memmen dy’t se mist ha yn harren libben of de memmen dy’t altyd klear stien ha. Oer skuld en skamte nei alle memmen dy fertriet ha om harren dochters. In foarstelling mei oangripende scênes en humor. 

Kom dit prachtige stik sjen op freed 27 en sneon 28 maart 2020 om 20.00 oere yn “De Bining” te Koarnjum!

Rezjy:    Regina Visser
Spilers:  Marleen Engbrenghof, Romkje Hooghiemstra, Wendy van Huizen en Sytske Nicolay

Sjoch ek ris op ús Facebookside: https://www.facebook.com/tonielselskipvriendenkring/