Cultuur
Teaterprogramma Ubuntu yn Koarnjum
Op sneon 9 novimber in Frysktalige teaterprogramma mei it tema Ubuntu en dat spesjaal foar dit projekt oerset binne yn it Frysk. Sa waarden der teksten en muzyk fan ûnder oare Jenny Arean, Stef Bos en Liesbeth List yn it Frysk oerset en foarsjoen fan nije arranzjeminten.
In opfallend ûnderdiel is ‘Symphony of Brotherhood’, in live muzykbegelieding fan de orizjinele en netbewurke speech ‘I have a dream’ fan Martin Luther King, dy’t rekkene wurde kin as ien fan de pleit besoargers fan Ubuntu.
Janneke Warringa wurket yn dit programma gear mei pianist Peter van der Zwaag, mei muzikale stipe fan sjongeres Elske Fekkes en selliste Andrea Meijer.
Ubuntu sjongt Janneke Warringa oer ferbining en dialooch: oer ferdraachsumens en respekt. De foarstelling sil bestean út lietsjes (sawol út Nederlânsk as ynternasjonaal oeuvre) dy’t nau gearhingje.
Bestelle fan kaarten:
itnutjkb@gmail.com
Plak: doarphûs De Bining
Wylde Tulpstrj 2 yn Koarnjum
Tiid: 20.00 oere Sneon 9 novimber λ
Laatst geplaatst
Agenda
-
Zo 8 december
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Za 14 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december
-
Do 2 januari
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens