Kerken

Kommende wiken ek live tsjerketsjinsten op Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert ek de kommende wiken sneintemoarns om tsien oere in tsjerketsjinst út op telefyzje en online. Dat docht de Omrop yn gearwurking mei de tsjerkeried fan de PKN gemeente yn Frjentsjer. De tsjinst komt alle kearen út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei. Der sille wikseljende foargongers wêze en de tsjinsten hawwe in oekumenysk karakter.  

Dizze wike giet ds. Margarithe Veen foar. Op de website fan Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl, sil de liturgy fan de tsjinst oanbean wurde. Omrop Fryslân sil salang’t de omstannichheden it talitte besykje de tsjinsten troch te setten. De fieringen sille in oanpast karakter hawwe, wêrby’t it tal oanwêzigen ta in minimum beheind bliuwt.

Ferline wike snein waard de earste tsjinst live útstjoerd. Foargonger wie dominy Sytze Ypma fan Frjentsjer. Hy waard op it oargel begelaat troch Jochem Schuurman. Dy sil de kommende wiken de tsjinsten ek begeliede. Ut de hege sjochsifers die bliken dat der ferlet is fan dit inisjatyf. De Omrop krige ek in protte positive reaksjes fan sjoggers.