Ondernemend

Kollum: Dan komt de maitiid

Mear as santich jier lyn skreau Tetman de Vries syn revue “De tiid hâldt gjin skoft”. Mei dêryn it ferske, dêr’t ik niis oan tinke moast. “Dan komt de maitiid, maitiid yn it lân. Dan laket alles, alles ús sa oan...”

Ek no komt de maitiid, en hoe. It grien barst nei bûten. Kleurige blommen siere al wer de tunen. De bloesem oan de beammen is útbundich. Moarns sjonge de fûgels it heechste liet yn de beammen fan it Achterbosk. De maitiid hat gjin weet fan Korona, fan sykte, fan stjerren. Fan eangst om immen te ferliezen, fan eangst om sels siik te wurden. De maitiid jubelt en sjongt yn alle toanaarden.

En miskien is dat ek wol goed. De natoer lit sjen, dat it libben ek troch giet. Dat der nea, mar dan ek nea in moment is, dat alles stil stiet. Al hiene wy dat gefoel misskien wol even, doe’t de wurden ”thúsbliuwe”, intelligente lock down, oardel meter ôfstân, gjin byienkomsten” en noch folle mear, foelen. It “gewoane” libben wie oer. Mar wat is gewoan? Wat is normaal? Men hat it no oer it nije normaal. Eins in aparte wize fan sizzen, as men der oer nei tinkt. Want normaal hat foar elkenien syn of har eigen betsjutting. Fansels is der wol wat fan in algemien normaal. Elkoar in hân of in tút jaan, wie normaal. Dus ja, it is nij, dat dat net mear sa is. It is no normaal, dat wy dat net mear dogge. 

En sa kin ik noch wol in hiele protte dingen opneame, dy’t feroare binne. Elk kin dat rigeltsje sels wol ôfmeitsje. Ik ferbaas my der eins oer, hoe gau as men went oan de dingen. De kofje mei, as wy der mei de boat op út geane. Net alle bern tagelyk op besite. Net út iten, net nei tsjerke. Gjin byienkomsten. Facetime mei de bern yn Hilversum. Ofstân hâlde, net ûnnoadich de doar út, gean sa mar troch. It libben giet gewoan troch, ek op dizze menier. De maitiid komt en sil oergean yn de simmer. Sûnder twifel. Yn de natoer is gjin twifel. Alles komt en giet.

It punt is, dat wy as minsken miene, dat wy dêr fanalles oer te sizzen hawwe. Dat wy (hast) alles yn de hân ha en ûnder kontrôle. Dat wy der no achter komme, dat dat hielendal net it gefal is, makket, dat wy ús ûnseker fiele. Of sels machteleas. Want tsjin dit firus is neat te dwaan, net earder as in pear knappe koppen it tsjingif fûn ha. Wy steane oan de kant en moatte tajaan, dat de natoer noch altyd de baas is. Dat der noch altyd dingen gebeure, dêrt wy gjin grip op hawwe. Wy ha ús mar oan te passen, en lokkich wurdt dat ek massaal dien. 

It is allinne sa spitich, dat dit in hiele protte minsken har baan en ynkommen kostet. Yn de krante ha wy de earste be-rjochten al lêze kinnen fan ûndernimmers dy’t de stekker der út lûke. Oan de oare kant sjoch ik ek nije bedriuwkes ûntstean. Nije kânsen yn in nije maatskippij. 

Troch de krisis is der ek wol wat feroare yn it maatskiplike libben. Der is mear omtinken, men wol graach wat foar in oar betsjutte. Ek al is it dan op ôfstân. Hoe ferfelend ek, hoe tryst ek foar sommigen, dochs komt der út dizze krisis ek wer wat goeds, dêr bin ik fan oerstjûge. Sels sjoch ik ek wer mei oare eagen nei myn wurk. Ek by ús binne der nije útdagings. En dy útdaging nim ik graach oan!

Resept: bôlefrittata mei spinaazje (foar 2 persoanen)
Ingrediënten:
- 2 stikjes wite bôle yn blokjes
- 2 ytl. olijfoalje
- 2 teantsjes perste knoflook
- 600 gr. spinaazje
- 2 sjalotsjes of 1 lytse reade sipel, snippere
- farsk mealde piper en (see)sâlt
- 6 aaien
- 25 gr. bûter

Meitsje 1 ytleppel olijfoalje hyt yn in wok en bak de bôleblokjes mei knoflook yn in pear menuten ljochtbrún. Lit se útlekke op keukenpapier. Meitsje dan de rest fan de oalje hyt yn de wok en husselje de spinaazje en sipel der yn oan de bledsjes slinke. Klopje de aaien los yn in kom en doch de spinaazje der troch as it in bytsje ôfkuolle is. Doch sâlt en piper nei smaak der by. Bak it aaimingsel yn bûter yn in pankoekspanne, en strui de bôleblokjes der op. Bakke oant de boppekant hast stevich is. Lekker mei in tomatesalade der by. 

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.