gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
herman en ursula

Fakânsjeleafde

Doe’t ik efterhûs mei buorfrou Ursula stie te praten oer fakânsjes, kaam it ek oer de fakânsjeleafdes te praat. Ik fertelde har dat ik yn 1964, doe’t ik sechstjin jier wie, mei trije maten in wike mei in tinte op in kamping yn Terherne stie. It wie foar my de earste kear dat ik op fakânsje gie en tagelyk wie it ek net ferkeard om wat libbenserfaring op te dwaan. Us heit en mem gienen net mei fakânsje om’t boeren dêr gjin tiid foar hienen. Foar bern, sa as my, betsjutte in fakânsje meastal in pear dagen by in omke of muoike útfanhûs. No gienen wy in wike der op út tusken it jongfolk.

Op’e fyts nei Terherne. Foar in pear  dagen iten mei, in swimbroek en in nije streepte pyama, dy’t ús mem noch kocht hie sadat ik ek nachts kreas yn de tinte lei. Ik fertelde buorfrou ek dat ik yn Terherne in famke troffen hie dy’t út Langsweagen kaam, itselde doarp dêr’t ik ek wenne. It frjemde wie dat ik har net koe en sy my ek net, wylst ik by in skjinne loft fan thús wei harren pleats wol stean sjen koe. Langsweagen wie sa grut dat bern út’e úthoeken yn in oar doarp nei skoalle gienen. Sa kamen bern fan de Damslûs en de Klidze yn Terwispel telâne. It famke waard wol myn earste fakânsjeleafde. 

Buorfrou Ursula, dy’t út Seelân komt mar al wer jierren yn Britsum wennet, fertelde dat sy yn 1985 mei in freondin mei it fleantúch nei Loret de Mar west hie, in fakânsjeoard foar jonge minsken. Hja wie doe ienentweintich en koe noch wol wat libbenserfaring opdwaan. Ut har ferhaal koe ik wol opmeitsje dat it der feestlik oan ta gie. Hja wie mei in koffer fol mei foar it grutste part allinne mar frouljesattributen dy’t nedich wienen om der jûns kreas út te sjen, om byt te krijen. Buorfrou fertelde dat sy op de twadde deis fan har fakânsje al kunde krigen hie oan Herman, in kreaze jongkeardel út de omkriten fan Arnhem.           

It wie leafde op it earste gesicht, fertelde buorfrou. Herman wie mei syn broer mei de bus nei datselde Loret de Mar gien, ek om libbenserfaring op te dwaan. Elk in koffer fol klean, om foaral jûns wat besykje oan de heak te slaan. En miskien hat der ek noch in streepte pyama yn sitten, dy’t mem foar harren kocht hie om’t sy woe dat har soannen der nachts ek kreas by lizze moasten. Hja kamen yn itselde hotel telâne as dat fan Ursula mei har freondin, wêrtroch it kontakt mei har yn de rin fan de wike noch makliker wie dan yn in tinte op Terherne. Ien broer kin men noch nei de bar stjoere om wat privacy te kreëaren, mar om trije maten út de tinte te krijen wie in stik dreger. Yn’t koart komt it hjir op del: buorfrou hie har earste fakânsjeleafde te pakken, krektlyk as my dat 21 jier earder oerkaam wie. Hja moast der wol in ein foar reizgje, wylst ik it op’e fyts dwaan koe. Buorfrou har fakânsje koe net mear stikken, dy fan my doe ek net. Foar ús beiden waard it ek fuortdaliks de lêste fakânsjeleafde. Buorfrou en har jonge adonis lieten der gjin gers oer groeie, om’t sy harren yn 1987 oan mekoar fersein ha en yn 1989 troud binne. No alwer 37 jier lyn. Yn Loret de Mar ha se nea wer west.

Wat myn earste fakânsjeleafde oanbelanget, leit it wat oars. We hawwe noch in skoftsje omskarrele mar sy seach it dochs net sitten mei my. Ik haw my letter ek net wer dwaande holden mei fakânsjeleafdes en yn Terherne ha ik nea wer west. In jier as wat letter ha ik wol mei in jongfrommeske allinne  op fakânsje west. Just, deselde as dêr’t ik al mear as 55 jier neist sliep, sûnder streepte pyama