Algemeen

30 maart: webinar oer takomst duorsume enerzjy yn Fryslân

Op tiisdei 30 maart kinne ynwenners fan Fryslân in webinar bywenje oer duorsume enerzjy yn Fryslân. Yn it ôfrûne jier hawwe provinsje Fryslân, de achttjin Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân, de Friese Energie Alliantie en netbehearder Liander gearwurke oan it ôfstimmen fan plannen foar duorsume enerzjy yn de provinsje; de Regionale Enerzjystrategy (RES). Yn it webinar krije ynwenners ynformaasje oer it proses en de hjoeddeistige stân fan saken.

 

It webinar duorret fan 20.00 oant 21.00 oere. Deputearre Sietske Poepjes, fan de provinsje Fryslân, fynt it wichtich om ynwenners op ‘e hichte te bringen fan de RES. “Wy moatte no karren foar de takomst meitsje. De neikommende generaasjes binne ôfhinklik fan hoe’t wy no mei ús enerzjy omgeane. Dêrom nimme wy alle ynwenners fan Fryslân graach yn dit proses mei.”

 

De ûnderwerpen dy’t oan bod komme
Yn it webinar krije ynwenners ûnder oare ynformaasje oer de eftergrûn fan de RES en de stappen dy’t al set binne. Dêrneist komme it ferfolchproses en de rollen fan gemeenten, provinsje en it wetterskip oan bod. Boppedat wurdt der in link lein nei wat de RES foar ynwenners betsjut en wurde fragen beäntwurde. Alle Fryske ynwenners binne fan herte útnûge foar it webinar oer de RES Fryslân. Oanmelde kin fia www.resfryslan.frl/webinar. Ynwenners krije dêrnei in mail mei in link foar it webinar.

 

Oer de Regionale Enerzjystrategy Fryslân
Foar de oergong nei mear duorsume enerzjy en minder CO2-útstjit is it wichtich om oer gemeentegrinzen hinne gear te wurkjen. Dêrom is Nederlân yn tritich enerzjyregio’s yndield. Fryslân is dêr ien fan. Alle enerzjyregio’s meitsje in plan dêr’t yn stiet hoefolle elektrisiteit oft sy yn 2030 duorsum opwekje kinne. Mei dêryn ûnder oare de projekten foar duorsume elektrisiteit dy’t al realisearre binne en plannen dêr’t fergunning foar ferliend is. Dêrby hâlde wy altyd each foar it Fryske lânskip. Mear ynformaasje stiet op resfryslan.frl.