Algemeen

Aktiviteiten yn Fryslân foar Grûnwetter 2020

Dizze wike komt de twadde druk fan de Grûnwetteratlas út. De atlas is in gearfetting fan de Strategyske Grûnwetterstúdzje Fryslân, dy’t fan 2017-2019 útfierd is. Sûnt it ferskinen fan de earste druk yn septimber 2019 binne der ferskate maatregels yn útfiering. De grûnwetterstúdzje is hjirfoar in wichtige basis. Wy wurkje no oan: pilots by boeren om wetter fêst te hâlden op sângrûn, advys by fersâlting yn it klaaigebiet, in basis foar hoe om te gean mei drinkwetter yn Fryslân.

De klimaatferoaring twingt ús om nei te tinken oer de hjoeddeistige ynrjochting fan it Fryske wettersysteem. Us Fryske wetterboezem en ferskate grûnsoarten freegje om maatwurk en oanpassings, dy’t troch klimaatferoaring urgent binne. De Fryske sângrûn ferdroeget bygelyks en it klaaigebiet fersâltet.

Trije foarbylden fan aksjes:
- Pilot boeren op sângrûn  
Proeven yn de praktyk om wetter fêst te hâlden yn East Fryslân binne yn útfiering. De earste resultaten om Wolvegea hinne jouwe moed. It is slagge om mear wetter fêst te hâlden en om de grûnwetterstân yn de maitiid en yn de simmer te ferheegjen. Dêrtroch hat it gewaaks minder lest fan droechte.                                                                                                                    
- Advys by fersâlting
Peter Prins is yn it ôfrûne jier úteinsetten as Regio-makelaar Zoet Zout Knooppunt foar it klaaigebiet. Hy is adviseur op it mêd fan fersâlting en hat hjiroer kontakt mei ferskate partijen en mei boeren.                                                                                                                             
- Vitens en de provinsje Fryslân hawwe mei inoar een Drinkwetterstrategy 2050 opsteld. Doel dêrfan is om de drinkwetterfoarsienning yn Fryslân foar lange tiid feilich te stellen. Dat bart troch gebieten oan te wizen, dêr’t yn de takomst op in duorsume manier drinkwetter won wurde kin. De strategy wurdt in boustien foar it Regionaal Wetterprogramma fan de provinsje Fryslân en foar de Omjouwingsferoardening.

De earste druk fan de Grûnwetteratlas fan Fryslân wie binnen in jier útjûn. De twadde druk ferskynt dizze wike. Fia de webside van de provinsje Fryslân is de atlas digitaal yn te sjen en jo kinne in eksemplaar fergees oanfreegje.

De Grondwateratlas krijt in ferfolch yn it Wetterprogram. Provinsjale Steaten hawwe hjirfoar in startnotysje fêststeld (21 oktober 2020), wêrby keuzes foar wurkwize en belied makke binne. Dy wurde yn 2021 útwurke yn it Wetterprogram. It Regionaal Wetterprogram (2022 – 2027) giet oer hoe’t wy yn Fryslân omgean mei wetter.  


Link nei de webside: Grondwater in Fryslân - Wadden en Water - Beleidsthema's - Provincie Fryslan