Algemeen

Bloeisônen yn Fryslân kinne útsprute en groeie

Hjoed hat provinsje Fryslân in subsydzje fan € 100.000 beskikber steld om fan Fryslân in ‘Bloeisône’ te meitsjen. Offisjeel hjit dat in ‘Blue zone’, yn Fryslân neame wy dat in ‘Bloeisône’.

Foto: Dit is een foto van Jopie in ’t Velt uit Drachten, in 2017 gemaakt voor de tentoonstelling ‘Stralend 100’ door fotograaf Kees van de Veen. “Bloeisône Fryslân wol bydragen oan in omjouwing dy sûn libben alledaags makket. Jopie in ’t Velt út Drachten waard yn 2017 fêstlein nei har deistiche rûntsje swimmen yn it iepen wetter: “Altyd yn de moarn, want dêr ha ik de hiele dei profyt fan”. Fotograaf: Kees van de Veen.

 

In ‘Bloeisône’ is in gebiet mei mear grien, mear omtinken foar inoar, dêr’tst lekker bewege en ûntspanne kinst. Do kinst der maklik earne komme, op dyn fyts of brocht troch in goede buorman. Kinst der sûn ite en finansjeel goed omkomme. It doel is om yn meardere regio’s yn Fryslân sa’n ‘Bloeisône’ útsprute en groeie te litten.

 

Friezen wurdearje de leefberens fan harren omkriten heech. Dochs kinne der noch saken ferbetterje. Deputearre Hoogland: “Minsken yn in ‘Bloeisône’ binne lokkiger en wurde op in sûne manier folle âlder. Net as resultaat fan in bewuste strategy, mar earder as in ‘skitterjend (ûn)gelok’. Dêr kinne wy fan leare. Wy fine it wichtich om partijen byinoar te bringen en te stypjen om sa de leefberens foar alle Friezen te fergrutsjen.”

Healthy Ageing Netwerk Noord Nederland (HANNN) hat de opdracht krige om mei it jild ûntwikkelingen yn gong te setten, wêrtroch’t der hieltyd mear ‘Bloeisônen’ yn Fryslân ûntsteane. Dy ‘Bloeisônen’ moatte passe by de eigen identiteit fan ús provinsje. De ûntwikkelingen barre yn nauwe gearwurking mei de wurkgroep ‘Bloeisône Fryslân’ en alderlei oare partijen, lykas ynwennersinisjativen, kennisynstellingen, it bedriuwslibben en de oerheid.

 

Bouwe de Boer fan de wurkgroep ‘Bloeisône Fryslân’ is bliid mei de finansjele bydragen fan de provinsje. “Fryslân is al goed op wei mei Bloeisône, mar no krijt it ek in status. Dat jout romte om de goede saken yn it sintsje te setten. It helpt om in protte Friezen no mei te krijen, om nei te tinken en mei te dwaan.”

Lokale inisjativen

It ûntwikkelplan ‘Bloeisône Fryslân’ rjochtet him benammen op it stypjen fan lokale inisjativen. Stipe yn de foarm fan it organisearjen fan lear- en ynspiraasjemominten, helpe by it sykjen nei finansjele middels en it opsetten fan in lobby. In foarbyld fan sa’n lokaal inisjatyf kin wêze: Blue zone Bakkeveen. In oare pylder rjochtet him op brede provinsjale ûntwikkelingen en de mooglikheid belied, projekten en inisjativen oan inoar te keppeljen.

De wurkgroep ‘Bloeisône Fryslân’ begûn oardel jier lyn mei in ûndersyk nei Blue Zones en de mooglikheid om fan Fryslân sa’n sûne regio te meitsjen. Blue Zones binne gebieten dy’t op inoar lykje, dêr’t de befolking op in selde soart manier libbet, mei inoar en de natuer. De minsken dy’t yn in Blue zone wenje, libje trochsneed folle langer as minsken yn oare gebieten.

Yn in manifest konkludearre de wurkgroep ‘Bloeisône Fryslân’: “Wy moatte sels de leie nimme en in sûne takomst stal jaan. Dan kreëarje wy, stap foar stap, ús eigen, nije Blue Zone. Gjin kopy fan de wrâldwide Blue Zones, mar ien dy’t by ús kultuer, natuer en technologyske mooglikheden oanslút.’ It manifest is yn it ûntwikkelplan útwurke en hjit ‘Bloeisône Fryslân’.