Algemeen
Column Aeltsje de Groot: Ikea
Nee, ik ha gjin oandielen yn dit giel-blaue ympearium. Mar ja, dizze kollum giet der oer, dus wat moat ik der oars boppe sette?
Ik hie der al jierren net mear west. Earlik sein bin ik net sa’n winkel-minske, ik kom selden yn de stêd. As ik der al kom, is it meastal foar wat oars. It measte kin ik wol yn Stiens krije, en as it oars net kin, dan is online bestelle ek noch in opsje. Dus nee, de Ikea wie net echt mear yn byld. Mar no hie ik ôfrûne sneon ynienen in frije middei. Ik soe foar Tsjerkepaad yn it skûltsjerkje fan Pijum sitte, mar der wiene nije frijwilligers, dy’t dizze sneon dy taak wol oernimme woene. Samar ynienen in ûnferwachte frije middei, dat fielt dochs wol as in kadootsje.
Dochter en skoansoan soene nei Ikea, en ik moast dochs nei harren ta, om myn útfanhûzer werom te bringen, harren dochter. No, beppe paste der noch wol by yn de auto, dus dy koe no moai mei. Fansels wit men net wat der op de weromreis allegearre yn dy auto moat, mar wy hawwe it der mar op weage. En ik fûn it ek wol wer ris âlderwetsk spannend. Want Ikea is foar my altyd wat fan in snobberstún west (in “snoeptuin” dus). Men wit nea, hokker dingen as men dêr wer tsjin komt. Dingen, dêrt men it bestean net fan ôfwit, mar dy’t ûnmisber lykje, as men se ienkear sjoen hat.
Op it earste gesicht wie Ikea noch altyd Ikea, net folle feroare. No ja, men kin no fuort alles scanne mei de Ikea-app. In tip: skeelt by it ôfrekkenjen in protte tiid, foaral op in sneon-te-middei yn de fakânsje. Want: smoardrok fansels. No ha ik dêr ek wol aardichheid oan. Al dy minsken, dy’t der omfleane. Sommige witte wat se wolle, koartste paad nei de ôfdieling dêr’t se wêze moatte.
Dan is dêr al dy jeuchd, dy’t op keamers geane foar de earste kear. Mei heit en/of mem, de list mei wat der komme moat op de tillefoan. Thús faak al útsocht. Mar dan is it “yn it echt” dochs krekt wer net wat se wolle...Hiele diskusjes oer wol of net dy stoel of dy bank… Dan sloech der ek in ploech âlderen om, dy’t dúdlik op paad wiene om yn te slaan foar in buerthûs of soksewat. Der moasten stuollen komme en diggelguod (servys) , leppels, fuorken, messen en neam mar op. Karren fol. Se wiene echt net te missen dus.
De berneôfdieling is ek altyd feest. De bern dy’t net yn de ballebak wolle, of al wer ophelle binne (de tiid, dat de bern yn de opfang kinne, hinget ôf fan de drokte, en it wie dus drok) sjogge harren eagen út. Al dy knuffels, hoefolle knuffels kin in bern ha? En al dat knutselspul en wat der fierder noch is oan spultsjes. In paradys foar bern. Krekt sa as de Ikea dus like goed foar harren âlders en pakes en beppes is. Alles, no ja, net alles fansels, mar in hiele protte spul ropt: nim my mei. Ik bin moai, ik bin handich, ik bin ûnmisber. En oh, wat pakke se it ek slim oan. Allegearre fan dy “ûnmisbere” dingen, dy’t men ûnderweis al tsjin komt. En op de ôfdieling, dêrt it thús heart, leit it fansels ek foar it gripen. As men der faker komt, dan sil dat oars wêze. Mar as men der selden komt, dan is it wer allegearre nij en oars en foaral ûnmisber. Dat lêste witte se ek hiel goed yn jins holle te krijen. Ik sjoch noch altyd mei in ûndernimmersblik, as ik troch de winkel rin. Want sels diene wy net oars. De minsken ferliede om lekkere dingen te keapjen. En de kuenst wie dan, om de minsken mear keapje te litten, dan dat se eins woene. Ik kin it no fansels rêstich sizze. Mar sa wurket it wol yn winkels. Minsken ûnbewust sa fier bringe, troch prikkels, troch yndrukken, troch geuren ek yn it gefal fan de bakkerij, dat se mei mear de doar útgeane, dan dat de bedoeling is.
Ik fûn dat altyd wol in útdaging en ik wit wol, dat ik der lang sa goed net yn wie, as de Ikea.Dy binne dêr meester yn. No wolle jimme fansels witte, as ik my ek wer sa ynpakke litten ha troch al dat moais. No, it measte wat ik kocht ha, is om dingen yn te pakken, of op te romjen...
Hiel nuttich dochs?
Aeltsje de Groot
Laatst geplaatst
Agenda
-
Vr 22 augustus
-
Zo 24 augustus
-
Za 30 augustus
-
Zo 7 september