Algemeen

Column Aeltsje de Groot: it Skoalreiske

Sa, wer in protte tiid fergiemd, mei it sykjen nei in foto. Ik wit seker, dat dy foto der is. In foto fan myn earste skoalreiske, nei de “Sprookjeshof” yn Súdlaren.Teminste, sa hyt it no. Yn myn beleving wie it doe “Sprookjesbos”, en de foto is makke ûnder de bôge, dêr’t de namme op stie.

Fansels sit ik op dy foto tusken Jitske en Akke yn, krekt sa as op alle skoallefoto’s. Doe al kammeraatskes, no noch altyd. Der binne in protte foto’s foarby kommen it lêste oerke, mar net dy foto. No is sa’n oere net hielendal tiid fergriemen, want ik ha ek foto’s fûn, dy’t ik earder net fine koe. Sa as in oantal fan myn heit, doe’t er hjir yn Stiens oan skoalle stie. Dy sitte by myn witten noch net yn de byldbank fan Stiens, dus dat is wer in moaie oanfulling. Mar werom no dy foto fan it skoalreiske?

No, ôfrûne moandei wie ik moarns om goed healwei njoggenen mei myn oppashûn ûnderweis. Wy, of leaver sein de hûn, hat sa syn fêste loopke, by de skoalle lâns.

Dêr wie it in drokte fan belang. In grutte bus, en noch sa’n grutte bus dy’t eins net wist hoe as er by skoalle komme moast. Op it lêst is er der achterstefoaren hinne avesearre, wat in hiele prestaasje wie. Op it plein allegearre âlders en pakes en beppes. En doe de bern, dy’t netsjes twa oan twa út skoalle kamen en yn de bus gongen. It wiene de jongste beukers neffens my. Gesichtsjes, dêr’t de spanning op stie te lêzen: op skoalreiske yn dy grutte bus. 

Foar sommigen de earste kear fansels. Bus ien koe fuort, útswaaid troch heiten, memmen, pakes en beppes. Wat in feest!Bus twa ha ik net mear ôfwachte. Men moat op it lêst noch mear dwaan sa’n dei, is it net?

Mar fansels brocht dit my fuort werom nei myn eigen skoalreiskes. Ik siet op in twamansskoaltsje, dus wy gongen mei de earste, twadde en tredde klas yn de bus op skoalreiske. Juffer mei, en in pear memmen. Heiten wiene doe noch gewoan oan it wurk. Ik fiel noch dy spanning, dy grutte reis nei it ûnbekinde. Hielendal nei Súdlaren. Fan it hiele Sprookjeshof wit ik neat mear. En de skoalreiskes rinne ek wol wat troch elkoar. Gaasterlân hat ek ienris de bestimming west, neffens my binne wy dy kears ek noch nei Tjaarda yn Oranjewâld west.

En doe’t ik yn de heechste groepen siet, binne wy nei Amsterdam west, nei Artis. De Beatles kamen yn dy snoarje yn Amsterdam, oeral hongen posters wit ik noch.

Fierder ha’k eins gjin idee mear. Mar it gong by it skoalreiske ek net iens sa bot om it doel. It wie de spanning fan te foaren. It klear meitsjen fan de broadsjes dy’t mei gongen. Sa faak krigen wy net broadsjes. En as wy op skoalreiske wiene, dan kaam dêr ek noch bakt aai op! Dat allinne al makke it bisûnder. En dan einliks yn dy bus. Op reis nei it ûnbekinde. Dy kribel yn de búk, mar ek it gefoel fan mei elkoar fuort, mei elkoar wille ha. De broadsjes, dy’t al wit hoe betiid út de tas kamen. De tocht yn de bus wie minstens like moai as it einpunt. Dat wie doe. 

Mar noch altyd stiet der in bus by skoalle, ek al binne wy mear as 60 jier fierder. En noch altyd wurde de bern útswaaid. En noch altyd sjoch ik dy spanning, mar ek de nocht en wille fan de bern dy’t yn de bus stappe. Bern, dy’t faak al sa folle mear fan de wrâld sjoen ha, dan as wy ea yn ús bernejierren sjen soene. En dochs, dochs liket der neat feroare. De bus is noch altyd grut en sprekt ta de ferbylding. De reis is noch altyd belangriker as de einbestimming tink ik.Mei elkoar fuort, mei elkoar op reis nei it ûnbekinde. 

Ek myn eigen bern ha ik ea útswaaid. Al dy jierren, al sa lang, ha der skoalreiskes west. En it earste is it measte fan hingjen bleaun. Of komt it troch dy foto, dat ik it noch wit? De bern fan hjoed de dei sille genôch foto’s hawwe as oantinken. Dus ferjitte sille se it net sa gau. Mar ik hoopje, dat it foar harren krekt sa bisûnder wêze sil, as foar my. Dat se ek oer 65 jier noch fiele hoe spannend as it allegearre wie.  Op skoalreiske!

Aeltsje de Groot