Algemeen

Column Aeltsje de Groot: Wurkje?

Hjoed lies ik in stik yn de Ljouwerter Krante, dat myn oandacht luts. “Der wurkje hieltyd mear âlderen”, docht bliken. En mei âlderen wurdt dan sa’n bytsje bedoeld: minsken fan boppe de 60 jier.

It is ek wol logysk fansels (stie ek yn it artikel), want de AOW leeftiid is al aardich opskood de lêste jierren. Ik krige myn AOW mei 66 jier en 4 moannen, no sil it wol sa’n bytsje om de 67 jier wêze. Dat dit ferhaal by my hingjen bleaun is, komt fansels ek om’t ik yn de “doelgroep” sit. Ik hear by dy groep dy’t noch “wurket”. 

Doe’t ik dêr oer nei tocht, stûke it. Want “wurkje” ik wol yn de sin fan wurkjen sa as it yn de statistiken bedoeld is? Ik stean nergens op in leanlist. Ik ha ek net in eigen bedriuw, dêr’t ik jild mei fertsjinje. Ja, ik preekje, en dêr krij ik wol in fergoeding foar. Dus dat soe dan it wurk wêze wat ik “offisjeel” doch. Ik freegje my ôf, as dat ek meinommen wurdt, as it oer de “wurkjende” befolking giet.

En sa bin ik werom by de fraach: wat is wurk? Net in nije fraach fansels. Freegje it mar oan de generaasje húsfroulju, dy’t thús bliuwe om dêr de saak te beoarderjen. De húshâlding wie earder in folsleine baan, mar it wie gjin “wurk”. Gjin wûnder, dat der op in gegeven momint froulju wiene, dy’t dêr tsjin yn opstân kamen. Letter, doe’t it min of mear gewoan waard, dat ek de memmen oan it wurk gongen, moast de mem dy’t bewust thús bleau, har altyd wer ferdidigje, om’t se net “wurke”.

It gekke is, realisearje ik my no, dat it begrip “húsman” wol akseptearre waard (en wurdt). As in man thús bliuwt om foar bern en húshâlding te soargjen, dan wurdt hy der suver om priizge. Of sjoch ik dat no te swart-wyt?

Hoe as it ek is: it begrip wurkje hat altyd in bepaalde lading krigen, en hinget gear mei jild fertsjinje.

De konklusje is dan: ik bin net mear oan it wurk, ek al ha ik it smoardrok. Tiid om yn aksje te kommen, âlderein! Want hoesa binne wy net mear oan it wurk? Fierwei de measte leeftiidsgenoaten fan my (dus sa om de 70 hinne) binne aktyf, en mei fanalles oan de gong. Ik tink sels, dat de hiele maatskippij ynstoarte sil, as “wy” ús werom lûke út alle (frijwilligers) wurk dat wy dogge. In protte bestjoeren driuwe op de oanwêzigens fan de âlde garde. Tsjerken soene gjin tsjerkerieden mear hawwe. Us moaie foedselbosk oan de Griene Leane: it soe in wyldernis wurde.

Sa kin ik wol troch gean. Ik ha op it heden wolris it gefoel, dat alles draait op de 60 plussers, miskien hast wol op de 70 plussers. Of sjoch ik it no te bot yn in tunnelfyzje? Ik sjoch fansels allinne mar de dingen, wer’t ik my mei dwaande hâld. En fansels sjoch ik ek wol jongeren, dy’t har ynsette. Neist har “betelle” wurk. 

Mar dochs? Ik kin net oan it gefoel ûntkomme, dat “wy” in protte op ús skouders nimme. En dat kin ek wol, as men fit en sûn genôch is. Ik soe sels ek net oars wolle. Earlik sein fiel ik my noch altyd in lytse selsstannige, dy’t min of mear har eigen yndieling meitsje kin yn har wurk. Al is der ek in protte, dat gewoan “moat”. Ferslaggen, útnûgings, it moat wol gebeure.

Wy âlderen dogge folle mear wurk, dan neffens de registraasjes, dat is wol wis. En dat is allinne mar moai. Moatte wy it dan spitich fine, dat dat net as “wurk” te boek stiet? Fansels net, mar ik wol it dochs mar ris beneame. As ik sjoch hoefolle 80 plussers der noch aktyf binne, dan hoopje ik, dat ik ek sa bliuwe mei. 80 plusser sûnder betelle wurk, mar mei in ûnskatbere wearde foar ús hiele maatskippij.

Dêr moat dan mar ris ûndersyk nei dien wurde tink ik. Hokker 65 plussers binne noch aktyf yn it frijwilligerswurk? De útslach wurdt dan hiel oars, dan as men allinne sjocht nei “wurk”, sûnder “frijwillich”. En de leeftiidsgrins wurdt dan fuort in stik heger.

Sa’n ûndersyk levert dan fuort ek wer wurk op foar ien of oare ynstitút, dy’t om wurk ferlegen sit. Want ja, der binne yn dit lân ek noch altyd minsken, dy’t oan wurk holpen wurde moatte. Hjir kinne moai wat minsken oer gear.

Nuvere wrâld betiden.

Aeltsje de Groot