Algemeen
Column Aeltsje de Groot: Wy, of ik?
Fan ‘e wike lies ik in tekst út it boek “Dagen van je leven, teksten voor iedere dag” fan Hans Bouma. It gong oer it “wy gefoel”, dat yn âlde tiden, en dan bedoel ik ek echt âlde tiden, de manier wie werop de minske libbe. Men libbe yn de “wy-foarm”, minsken hiene gjin eigen persoanlikheid. Men oerlibbe troch “wy” te wêzen.
Wy witte allegearre, dat dit yn de rin fan de tiid feroare is. Minsken waarden harren bewust fan de eigenwearde. De eigenheid waard hieltyd belangriker. In eigen ûntwikkeling, in eigen individualiteit. En dat is ek goed. Elk minske is unyk. Elk minske moat him/har/it ûntwikkelje kinne op de eigen wize, ta in eigen persoanlikheid.
Dit boekje is 30 jier lyn skreaun. En dochs is dit stikje krekt no sa ferskriklik aktueel. De skriuwer warskôget al, dat de neidruk op it “ik” net liede mei nei in ego-kultuer en egoïsme. Want, sa seit er: minsken binne op elkoar oanwezen. Wy moatte mei elkoar sa minske wêze, dat wy dêrtroch sels ek wer mear minske wurde.
Moaie wurden. Ik freegje my ôf, as de skriuwer wolris oan dizze wurden werom tocht hat. 30 jier lyn seach er it gefaar fan de “ik maatskippij” al. En it is allinne mar slimmer wurden.
In skoftsje lyn seach ik in dokumentaire, dy’t hjir ek oer gong. Trochdat it “wy-gefoel” hieltyd mear kwytreitsje, feroaret de hiele maatskippij. It “wy” spilet hast gjin rol mear, waard der sein en dêrtroch ferdwynt der in hiele protte. Tink oan ferienings. Tink oan tsjerken dy’t leech rinne. Tink oan it hiele doarpslibben, it is net mear sa as fyftich, sechstich jier lyn.
En al wie it froeger echt net altyd better as no, dochs is dy mienskipsin, dat meielkoar op arbeidzjen en ja, dus dat “wy-gefoel” in gemis yn dizze tiid.
En dat liedt dan wer ta (ultra) rjochtse polityk. Dat soarget der foar dat Trump foar master opslaan kin. Dat neist him noch mear grutte wrâldlieders hieltyd mear macht besykje te krijen. Dat liedt der ta, dat ek yn ús gesellige Nederlân de rjochtse polityk foar master opslacht. It draait allegearre om it “ik”. Ikke, ikke, de rest kan stikke. Hans Bouma seach dit 30 jier lyn al oankommen. Doe tochten wy, dat it allegearre wol wat tafalle soe. No, it is net tafallen. Teminste op it grutte wrâldtoniel net.
Mar fansels kinne wy der wat oan dwaan. Wy kinne elkoar wol opsykje, om ús soargen en noeden te dielen. Wy kinne sjen litte, dat “wy” mear berikke kin as “ik”. Ik tink, dat de kentering der oankomt. Dat hieltyd mear minsken beseffe, dat wy it as individu allinne net rêde yn dizze wrâld. Ja, fansels, wy meie ússels wêze. Wy meie ús eigen unike sels wêze. Mar tagelyk moatte wy ek “wy” wêze. Omdat “wy” sterker binne as “ik”.
Ik tink oan dy hûnderttûzenden minsken yn it read, dy’t in reade line foarmen. In reade line, dêr’t yn de oarloch oerhinne gien wurdt. Hûnderttûzenden minsken dy’t mei elkoar roppe: ho. It is genôch. Wy wolle gjin oarloch en geweld mear. Wy wolle gjin ûnskuldige burgers, dy’t fermoarde wurde yn sinleaze oarlogen. Wy wolle net dat der safolle miljoenen bern foar it libben beskadige wurde.
WY wolle it net. Dan fiel ik, dat it “wy” noch net fuort is. Dan fiel ik, dat wy elkoar nedich ha. Yn ús ûnmacht. Yn ús net-witten hoe as wy mei de wrâld oan moatte. Alle ikjes ha elkoar gewoan nedich. Ek yn dizze tiid kinne wy net oerlibje sûnder de oar.
It gekke is, dat in protte minsken dat noch net troch hawwe. Dêr fernuverje ik my dan oer. Minsken, dy’t sa fiksearre binne op macht, op it eigen gewin, dat se net yn de gaten ha dat se mar op in pear meter fan de ôfgrûn fan iensumes steane. Dy’t de prinsipes fan de demokrasy oan alle kanten oan de kant skowe. Gjin each foar de oar.
It is noch net te let. Wy kinne wer “wy” wurde. En soms meie wy ek gewoan even “ik” wêze. De wrâld rêde sille wy miskien fuort net. Mar wy moatte wol ús bêst dwaan om him yn elk gefal wat better te meitsjen. En dan kinne wy neffens my hiel wat leare fan it ferline. Net altyd better, mar der binne saken, dy’t dochs wol wer werom komme meie om my.
Wy ha de mûle fol oer “mien-skip”. Litte wy dan ek wer in mienskip wurde.
Aeltsje de Groot