Algemeen

Dokter beseach en betaaste âlde Sije en frege Jelke om in skjinne wiete doek. Ut it oanrjochtkastke helle er in theedoek, hold dy ûnder de kraan en joech him oan dokter. Dy besocht de holle skjin te feien sadat er de wonde better besjen koe, mar dat woe net want it bloed wie bedroege.

Sije kreunde en dêr waard Jelke mislik fan. Hy frege: ‘Wat no dokter, komt heit by?’ ‘Nee, hy is noch bewusteleas, mar kin wol pine file! Hy hat ek in pear rare klappen hân, moatte jo mar tinke.’ ‘Rare klappen? Ha se him dan noch earne oars rekke as op ‘e holle?’ ‘Ja seker, sjoch mar nei syn earm, dy leit der frjemd by. Hy is fêst brutsen mar dêr sjogge se aanst yn it sikehûs wol nei. Mar Boskma, jo moatte aanst al mei nei it sikehûs, wit jo frou al dat jo letter thús komme?’  

‘Wel nee man, ik sil drekst belje.’

‘Mei Styntsje Boskma.’ hearde er.

‘Ja, mei my, moast ris harkje, ik ha heit hjir krekt bewusteleas yn de keamer fûn. Dokter is no by him en hy moat nei ‘t sikehûs. Ik moat mei, dus ik bin jûn let thús, tink ik!’

‘No je, hoe is dat kommen, hat er in oerhaal hân?’ ‘In oerhaal, wat is dat?’ ‘In beroerte!’ 

‘Née, dat net! Der is hjir ynbrutsen en doe ha se him bewusteleas slein. Dy ûngelokken! Mar ik moat no ophâlde, want ik sjoch de sikeauto oankommen.’  

‘Jelke, Jelke, ho even! Belje my aanst even fan út it sikehûs wei, okay?’   

‘Ja bêst, no goeie.’ 

‘Ja goeie jonge!’ 

Yniens wie it allegearre leven op de Brédyk tusken Feinsum en Hijum. Mei loeiende sirenes en blauwe swaailjochten kamen se efkes letter de Mieddyk op riden. Jelke seach dat der ek in wite auto by wie. It wie krekt as hearde dy der ek by. Hy gong nei bûten en brocht de minsken fan de sikeauto nei de keamer. Nei oerlis mei de dokter dienen se âlde Sije in plastik kraach om de nekke, in spalk om de earm en leinen him op in brankaar. Al hoe foarsichtich se ek wienen, de âlde man kreunde wer en dat gie Jelke wer troch alles hinne.  De plysjes wienen no bûten mei it ûndersyk dwaande, mar de trije manlju, út de wite auto, kamen yn ‘e hûs. Se seinen dat se fan it Resjerzje Bijstânds Team wienen en besykje soenen de dieders gau te finen. Allerhande fragen fjurren se op Jelke ôf en hy fertelde alles wat er wist fan ôf it momint dat lytse Sije hjir west hie om pake syn fyts te lienen en doe hy hjir sels om 7 oere hinne kaam. Dat er spoaren fan autobanden sjoen hie, neamde er ek en dat er tocht dat heit besite hân hie. Drekst nei er dat sein hie naam ien fan de mannen him mei nei bûten om dy spoaren oan te wizen. Se woenen dêr ôfjitsels fan meit-sje sadat se dy letter as bewiis brûke koenen, seinen se.

De minsken fan de ambulânse kamen mei Alde Sije nei bûten en fregen Jelke om mei te gean en nei ‘t er noch in ôfspraak makke hie mei de plysje, om dêrnei noch wol efkes werom te kommen, gie Jelke neist de sjauffeur sitten. Foarsichtich rieden se de Mieden út, op wei nei it sikehûs. Underweis wie in broeder mei syn heit oan ‘e gong en Jelke waard dan bytiden wol wer sa mislik as er syn heit kreunde hearde.

Al rillegau wienen se yn it sikehûs en nei dat syn heit op de brankaar ien kear út de auto wie fleagen de beide mannen mei syn heit de gong del. Hy moast gewoan drave om se by te hâlden en tocht ûnderwylst ‘werom fleane se no sa hurd, soe it minder wurden wêze?’

Yn ien fan de behandel keamerkes waarden se wei efter in gerdyn. Hy soe der ek yn gean, mar se stjoerden him werom, hy moast op de gong wachtsje.

Hy gie dêr op ien fan de stuollen sitten en net iens sa folle letter kaam der in suster by him dy frege as er ek in bakje kofje ha woe. Nei dat er dat fan har krigen hie frege se him nei de fersekerings papieren en de medisinen fan syn heit en liet se him wer allinnich. 

In skoftke letter kaam der in man út it keamerke fan syn heit. 

Dy kaam op him ta, joech him in hân en stelde him foar as: ‘De Bruin’  Jelke gie stean en neamde syn namme ek. ‘Ik bin de dokter fan jo heit,’ sei er, ‘mar gean mar wer sitten hear. Ha jo al kofje hân!  O ja, ik sjoch it al, dêr stiet jo kopke. Wol jo noch in bakje?’  

‘Nee, dankewol!’ sei Jelke. 

Tagelyk waard er sa bang en frege him ôf werom dy dokter sa aardich die. Wie der wat bard mei syn heit? Wie er miskien al ferstoarn? 

Yn stilte bea er: ‘Heare help!’ 

Hy seach stijf nei de dokter, mar doarst neat te freegjen om’t er te    eangst hie foar it antwurd wat er miskien wol krije soe  

 

Etie Pasma, 

Stiens  5 - 2023