Algemeen

In skoftke ferlyn lies ik dat se de hûnetaks, de hûnebelêsting, ôfskaffe wolle. Yniens kaam my doe it wier barde ferhaaltsje dat gie oer jild en oer ús swarte Labrador Bessie wer yn it sin en dat wol ik jo dizze kear fertelle.

 

Bessie is yn it jier 2000 berne en yn de simmer fan dat jier krigen wy har. 

Dat wie it jier dat we de gûne noch hienen, witte jo wol? 

It wie skat fan in bist, sa fluch as wetter, tige ûndogensk en oe sa drok, mar dat is no ien kear sa by jonge bisten. Men seit dan ek net foar neat fan drokke bern, it binne krekt jonge hûnen.

Op in winterdei, sy wie doe sa wat in heal jier, hie myn man in bryfke fan fiifentweintich gûne en twa ryksdaalders by de doar krigen en lei dat op it platte tafeltsje del by it bankstel.  

Ik wie oan it wask optearen, seach it lizzen en sei: ‘Wat leit dat jild dêr raar, dat moast oppakke!’

‘Dat doch ik drekst, ik wol earst it nijs efkes sjen.’ sei er, gie op de bank sitten en knipte de tillefyzje oan. Bessie strúnde ûnderwylst wat by ús yn ‘e keamer om.

Yniens fleach er oerein en rôp: ‘Se hat de fiifentweintich gûne yn ‘e bek. Toe je, se fret it op!’

It hert bliuwde my der hast fan stil stean, want ik bin net went dat er sa út ‘e slof sjit.

No kin je wol efter Bessie oanfleane, mar dan fljucht se noch helte hurder en tinkt dat it in spultsje is. Dêrom gie ik gau nei de bijkeuken, wêr it biste iten stiet en rôp: ‘Bessie kom, wat lekkers.’ Sy wist wat it wurd ‘lekkers’ betsjutte en as ik dat sei kaam se as in komeet op my ôf, gie foar my sitten en wachtte op it lekkers dat komme soe. Meastal liet se dan fâle wat se yn ‘e bek hie, sa as in sok of in mofke, wat se wolris pikte as ik oan it wask optearen wie. Meastal dus, mar doe net!

Wol siet se drekst foar my, allinnich liet se neat los, mar slokte in kear en fuort wie it fijfentweintichje. No ha wy thús net sa faak swier waar, mar doe tongere it al! Wil tocht dat we it jild kwyt wienen, mar ik betocht dat ik har de kommende tiid efterhûs poepe litte soe, want wat der ynkommen wie, soe der ek fêst wer út komme en dan wie it mar it bêste dat soks sa ticht mooglik by hûs barde.

Noch efkes oer it jild, dêr oer seit men wol, dat it raar goud is en dat de bisten it net iens frette wolle. Mar hoe koe it dan dat ús Bessie it sa mar fan de tafel pakte, tocht ik. 

Dêr koe ik allinnich mar foar betinke dat miskien in fiskboer it yn ‘e hannen hân hie en dat de rook fan in lekker bakt fiskje der noch oan sitten hie.

Hawar, as dat sa wie of net dat wit ik net, mar ik die it sa as ik fan plan wie, dus eltse kear har earst yn ‘e tún poepe litte en dan in ein te rinnen.

Oant op in jûn dat ik mei har te rinnen wie, wylst se thús har behoeften al dien hie, mar se dochs wer oanstalten makke alhiel op it oare ein fan Hijum.

No is Hijum net sa grut, mar as je nedich poepe moatte is it in hiel ein!

De hiele weromreis ha ik dêrom roppen:’Kom Bessie, wat lekkers. Wat lekkers Bessie, kom.’

Sa ha ik har, mei ynhâld, wer thús krigen.

De oare deis seach ik dan nei as der ek in read bryfke yn siet, want yn it earstoan, as der noch in waarme wâlm ôf komt, dan stonk it my te bot!

Want sjoch, ik bin wol in boeredochter mar ik hâld net fan dy lucht.

No wol it somtiden núver, sa ek no, want yn gjin jierren hienen wy snie hân, mar dy nacht begûn it te snijen en it snijde mar troch.

De oare moarns wie der gjin stront mear te sjen!

Nei in dei of wat, doe de snie wer fuort wie, hie ik de kâns om alle ‘hoopkes’ nei te sjen.

En ja hear, dêr fûn ik it reade bryfke.

It wie in bytsje knûkerich, wat ferkleure en der siet in lyts gatsje yn, fierder mekearde der neat oan.

No is der in sprekwurd dat seit: ‘Geld stinkt niet!’

Mar dat kloppe net, want ik wik it jo, dit stonk omraak!

Nei in X tal sjipsopkes efterhûs en in oplossing fan wetter en bleekwetter ha ik de jûns it opdroege bryfke wer oerlange oan myn man.

Dy hat it noch strutsen en it de oare deis, tussen wat oare bryfkes, ynlevere by de bank.

Hy tocht dat de jild-ynname-mesine it der miskien útgoaie soe, mar dat wie  sa net.

It wie alhiel gjin probleem, der mankearde fansels ek hast neat oan it fiifentweintich gûne bryfke!

Sa sjogge je mar hoe ‘n sterke gûne wy doe hienen!

 

Etie Pasma, Hijum 6-2021