Algemeen

Column: Bessie en har nije freondintsje

Neidat jo in skoftke ferlyn kennis makke ha mei Bessie, ús swarte labrador, wol ik jo dizze kear wat fertelle oer har nije freondintsje. Foardat wy har krigen hienen wy ôfskie nimme moatten fan Pibe, ús prachtige reade boarre. Dat wie o sa spitich, it die o sa sear en it hat trienen koste. Pibe wie âld en blyn, mar doe waard hy ek noch siik en dêr wie, neffens de bistedokter, gjin ferwin op en dan moatte je je ferstân brûke, it bist net lije litte en dêrom ha we him ynsliepe litten.

No hienen freonen fan ús op de buorkerij in nêst jonge katten. Dêr ha wy ien fan útsocht en dat is Bessie har nije freondintsje wurden en sy hat fan ús de namme Hiske krigen. 

Sa as elts minske is ek elts bist bysûnder, mar ús Hiske wie echt hiel bysûnder! Dit lytse poeske wie in hiele feroaring foar Bessie, want dy wie de grutte Pibe went, dy ‘t de baas wie en net hold fan de oertsjûrens fan Bessie en har wolris in tik ferkocht.

Mar no wie Bessie de grutste en moast sy foarsichtich mei it poeske wêze. No wist Bessie, sa ik al earder sei, wat sommige wurden betsjutten, sa as it wurd ‘lekkers’ mar se wist ek wat it wurd ‘foarsichtich’ betsjutte. As ien fan ús pake- en beppesizzers har wat jaan woe en ik sei: ‘foarsichtich hear ’ dan pakte se it oan mei de lippen. Dus sei ik dat eltse kear as ik Hiske oan har sjen liet en dan wie se ek foarsichtich. Wol moast it fan beide kanten wenne fansels, mar dat gie nochal flot en efkes letter leinen se gewoan, sa as op de foto te sjen is, by mekoar yn de hûnekoer te sliepen. Doch wist Hiske dat de hûn sterker wie as sy en as Bessie oerstjoer en mei in rotgong de keamer ynkaam, dûkte se gau tusken de poaten fan de ytkeamer stuollen. 

Dêr wie sy de baas want Bessie koe dêr lang sa hurd net tusken troch komme.

Wol strúnde dy dan wakker om de stuollen hinne want se woe graach mei it poeske boartsje en gie dan plat op it liif lizzen en makket sêfte ferliederlike lûdsjes. 

Dat koe Hiske net werstean en stadichoan kaam se tusken de stuollen wei. Earst wat mei de noaskes tsjin mekoar oan, dan mekoar berûke en op it lêst lei se op ‘e rêch foar Bessie. Alhoewol se leaf tsjin mekoar dienen en mekoar beslikken, skrok Bessie altyd wer fan Hiske har rûge tonge en dy begûn dan troch de keamer te fleanen en fansels die Hiske mei. Tegearre draafden se samar in stik of tsien rûntsjes om de tafel, al naam Hiske gauris de binnenbocht tusken de stuollen troch! It gie der dan oan wei en dêrom moast ik myn stim wol ris wat útsjitte litte. Wy hienen yn dy tiid fêste flierbedekking en sûnder te oerdriuwen moast ik, as dy twa sa dwaande west hienen, de hiele keamer wer ôfstofje. Hawar, dat hâld je fan de dyk!

Hiske seach Bessie as har grutte foarbyld en die sa wat alles nei wat Bessie ek die, sa seach se dat Bessie yn de koer hearlik op in bonke omkôgje koe en as de koer mar efkes leech wie krûpte sy deryn en begûn ek op de bonke te kôgjen, wat in frjemd gesicht wie. Foar de nacht liet ik Bessie nochris út, mar Hiske toffele altyd mei en as Bessie begûn te hymjen tocht Hiske dat soks sa hearde en rûn ek mei de tonge út ‘e bek.

Dernei moasten se nei harren sliepplak yn de bijkeuken.

As ik de oare moarns harren kant út kaam hearden se my oan-kommen en dan begûn Bessie te blaffen. It blaffen wie Hiske noch net slagge, mar se die har bêst en ôle omraak mei efter de doar. Oant op in moarn dat ik Bessie wol hearde mar Hiske net.

Nijsgjirrich die ik de doar iepen en dêr seach ik har sitten op in rûngear protsje.  Nee, se seach der net echt fris út.  ‘Wat no Hiske, wat bist sto stil.’ sei ik tsjin har. Wylst se oars altyd antwurde, die se no de bek wol iepen, mar lûd kaam der net út.

Doe ‘t ik de doar fierder iepen die seach ik dat de kastdoar iepen stie.  Dy hie ik dus justerjûn net goed op slot dien. 

Yn dy kast bewarje wy it bistefoer, it frisdrinken en wat flessen drank. Nei ‘t ik in stap tichter by de kast kaam seach ik in brout gele spui lizzen en efter de kastdoar lei in stikkene flesse mei advocaat. Dy advocaat hie mefrou flink ta sitten en dat wie har min bekommen. Bessie stie it fan út har kooi te besjen en seach my oan mei in blik fan: ‘Wat in ûnferstân net?’ Dat wie ek sa, want der leinen allegearre glês splinters yn de advocaat.

No binne katten foarsichtich as se ite, dat se hie gelokkich gjin glês binnen krigen.  Hiske fielde har fansels net lekker nei dy drankorgy, dat kin je wol begripe en dêrom ha we har  mar yn ‘e hûs holden oant se wer nuchter wie, goed rinne koe en net mear oer de foet stapte. Want it gie, krekt as by minsken dy te djip yn it glêske sjoen ha, gelokkich fansels wer oer. 

Hoe dan ek ik kin, ek dizze kear sûnder te oerdriuwen, rêstich sizze dat ús poeske Hiske, doe in flinke kater hie! λ 

 

Etie Pasma, Hijum 2021