Algemeen

It is in nuveraardige gewoante, mar lokkich wit ik, dat der mear minsken binne, dy’t der lêst fan hawwe. Boeken. Boeken garje, mar foaral: net in boek fuort dwaan kinne.

In jier as wat lyn moasten wy in nije flier ha, en moast de boekekast leech. In pracht gelegenheid om de boel ris even op te skjinjen. Net mear boeken yn de boekekast, dan as der yn passe. En dat is der nochal ris ien, dus der bleau genôch oer. It slagge úteinlik om alles yn de kast te krijen: der gongen boeken fuort.

Mar der kamen yn in poep en in sucht wer in hiele protte boeken by. Yn de kringloop kin ik echt net sa foarby de boeken rinne...En ik krij ek noch wolris wat, foaral foar myn tsjerk-like aktiviteiten.

Dy boeken binne ûnderwilens al nei boppen ferhuze, dus dêr stiet ek al wer in goed fulde kast.

Dan ha ik ek noch aardich wat iterssiedersboeken. Gjin idee wêrom, want ik bin yn it gelokkige besit fan in man, dy’t hiel graach itensiede mei en dat ek meastal docht…

Dy steane yn de keuken. Dan stiet der yn de keuken noch in soarte fan kastke. Eins bedoelt foar de administraasje. Mar dat leit ûnderwilens al ûnder yn de kompjûterkast. En dat kastke yn de keuken, krekt, fol mei boeken.

Dan de boekekast sels noch, it ferhaal wurdt ientoanich, boppe op de boeken lizze al wer aardich wat “dwerse” boeken.

No moast ik fan ‘e wike in oantal boeken opsykje foar in kursus. En wat ik net tsjin kaam...Knuffels hake en knuffels breid-zje. Allinne al oan “kreativiteitsboeken” kin ik wol in biblioteek fulle.

Dan fan dy boeken: “Rijk in 100 dagen”. “De vrouw en geld”. “Een fijner leven in 3  aand.” “Leren onthaasten.” (!!) En gean sa mar troch. No, ik leau dochs echt net, dat ik my dêr allegearre noch yn ferdjipje sil. It is eins mei de “gewoane” lêsboeken ek net oars. De measte boeken sjocht men nea wer yn. Wat makket it dan, dat it jin sa oan it hert giet, as der wat fan dat ark de doar út moat?

Ienris hat men sa’n boek mei plesier en oandacht lêzen fansels. Dan kin men samar yn dy wrâld fan sa’n boek ferdwaald wêze. En soms is dat hiel fijn, om even fan de wrâld te wêzen, yn in oare wrâld. Sa’n boek hat in emosjonele wearde. Mar al dy knutselboekjes? Tink ik no echt, dat ik dat allegearre noch meitsje sil? Dan mei ik no wol begjinne, en al myn oare wurksumheden opsizze...En dan al dy boeken oer it ynrjochtsjen fan jins hûs, of dy boeken mei platen fan prachtich ynrjochte huzen. Ik bin wol tefreden mei myn eigen. Der moat ris wat yn de keuken gebeure sa stadichoan, mar dêr hoech ik gjin boeken foar. De iterssiedersboeken ha wy it al oer hân.

En fansels kin ik ek no wol wer troch gean.

Safolle boeken, safolle boeken dy’t der eins net ta dogge, mar nea genôch. Want der stiet al wer in nij boek op myn listke. De froulju dy’t fan ‘e wike by de jierfergadering fan de “Vrouwen van Nu” wiene, witte fêst wol hokker boek dat is. Men heart wat oer it boek, men heart nei de ferhalen út dat boek, en ja, dan wol men mear lêze, mear der fan witte. 

Miskien moat ik ek mar ris mei in mini-byb oan de dyk be-gjinne. Want dat is ek noch sa’n fenomeen. As wy simmers oan it fytsen binne, kom ik se rûnom tsjin. En ek dan is de ferlieding grut. Al ruilje ik dan ek wol geregeld boeken om. In moai systeem.

Ik sil der dochs ris oer neitinke. Ik fyn it ferskriklik om boeken by it âld papier te smiten. Ik jou se leaver oan immen, dy’t der echt wat mei docht. Ik moat dochs mar wer ris oan it selektearjen.

As ik it wer oan tiid ha, moat ik der wol by sizze. Op it heden net echt...Ik bin al lang bliid, dat ik noch wat brûkbers fûn ha foar de kursus dy’t ik ha. As men de boeken op kleur yn de kast set, sit der net folle systeem yn. Lokkich wit ik meastal noch wol, hokker kleur as in boek hat.

Ik lit it jimme wol witte. As ik sa fier bin, dat ik dochs wer wat boeken kwyt wol, hearre jimme it wol. Wa’t knuffels hake of breidzje wol, mei him/har no wol melde...

 Aeltsje de Groot