Algemeen

Column: Doekjes breidzje

In pear wike lyn fûn ik in boekje yn de boekhannel: “Doekjes breien”. Foaral de ynlieding triggere my: “breien is, zoals de Denen zeggen, hyggeligt.” Foar de dúdlikheid: it boekje is skreaun troch in Deenske frou. Breidzjen is gesellich, ûntspannend.

Ik sjoch dan fuort dy âlde plaatsjes foar my: in rigeltsje frou-lju, neist elkoar op it strjitsje foar hûs, drok dwaande mei it breiwurk, wylst allerhande saken trochnommen wurde. Gesellich dochs?

Of: tink oan dy film fan doe, mei de froulju fan de froulju’s feriening by elkoar. Wylts ien fan harren in boek besprekt, sit de rest iverich te pjukken. Der moast wat dien wurde en breidzje koe altyd en oeral. 

Dizze plaatsjes jouwe yndied dat byld fan gesellich, fan ienriedigens. Dochs wie it ek wol needsaak fansels, dat breid- zjen. Sokken waarden breide en fansels stoppe, as der gatten yn kamen. Mar der moasten dochs wol hieltyd nije makke wurde. Der waarden boarstrokken breide. Foar de jongeren ûnder jimme: dat binne breiden himden, dy’t yn de winter oer it ketoenen himdsje hinne kamen. As men gelok hie. Sa op it fel wiene se hast net te fernearen, sa’n gekribel wie it.

Fansels wiene ek truien sels makke. En foar de bern waard der fan alles makke. Ik ha noch in prachtige foto werop ik in read pakje oan ha, in rokje en in festsje, mei in wite râne mei ynbreide motyfkes. Myn broer hat in breiden broekje oan op dyselde fotosesje. Sa kin ik noch wol efkes trochgean. Breidzje wie needsaak. It wie net foar neat, dat de famkes earder nei skoaltiid earst safolle toeren breidzje moasten foardat se boartsje mochten. Lês “De tsien fan Marten’s Afke (Afkes tiental) der mar ris op nei!

Fansels moasten wy op skoalle dat breidzjen ek noch leare. Yn de lêste klasse eindigen wy mei it sokbreidzjen, want dat moast eltse frou kinne! 

Ik hear by de generaasje dy’t it noch wol leard hat. Mar doe’t wy safier wiene dat wy in eigen húshâlding hiene, goed 40 jier lyn, waarden de sokken en truien meast yn de winkel kocht. En boarstrokken wiene doe al lang út de moade.

Myn mem breide doe ek al folle minder, dy socht oare hobby’s: Hylper skilderjen, knuffelbisten meitsje, kraaltsje breidzje, poppen meitsje. Oeral wiene kursussen foar. En it breidzjen op de froulju’s feriening wie dien, krekt sa as it breidzjen foar op de dyk, as it wurk dien wie.

Dochs is it mei alles sa: ferdwine dogge de dingen nea. De lêste jierren is der wer folle mear belangstelling foar breid-zjen en haken, en wy komme no ek wol wer by elkoar om dat mei elkoar te dwaan. Ik tink oan al dy tekkens, dy’t in jiermannich ferlyn haakt binne troch tûzenden froulju oer de hiele wrâld. “Haken ferbynt”, waard der doe sein. En sa wie it ek. En ek breidzjen ferbynt: der wurde mûtsen breide, knuffels, hiel faak foar goede doelen. Want dat is it fer-skil mei earder: foar ússels hoeche wy net sa noadich mear wat te breidzjen. In mûtse, in sjaal, wanten en miskien in trui, dat is it wol sawat. Mar wat, as men dan doch breidzje wol? Dat frege ik my dus ôf. Oant ik dat boekje fûn: doekjes breidzje. Dêr wie ik nea op kommen: dat men ek gewoan doekjes breidzje kin. Doekjes om mei skjin te meitsjen. Of gruttere doeken om mei ôf te droegjen. It liket in kompleet ûnnutte bezichheid. Want doekjes binne ommers oeral foar in habbekrats te keap. En wol men noch bewuster mei alles omgean, dan binne se ek noch wol te meitsjen út âlde t-shirts of âlde badhandoeken of sa. Mar ik wie fuort hielendal om. Gewoan doekjes breidzje. Lekker simpel, rjochte lapkes. Der steane allerhande patroantsjes yn, dus ik kin ek noch moai efkes oefenje. Underwilens ha ik trije patroantsjes hân: in kabeltsje, in wafelpatroan en drakeskubben. Klinkt dochs goed net? Ik ha noch tsien patroantsjes te gean, dus ik kin noch efkes foarút. O ja: de brutsen boardstek ha ik ek al út prebearre. Ha in trui foar “Nijntje” breide. Ek al sa’n hearlik ûntspannen breid-momintsje. Ik snap no ek werom as myn mem earder altyd sa graach poppeklean breide. Se hie gelokkich ien dochter, mei poppen. Ik ha it nea dien foar de poppen fan myn dochters (dat die beppe doe noch wol), mar no gean ik dus ek los: foar myn beppesizzer…

Nuttich of net, it is yn elts gefal “hyggeligt”  

 

Aeltsje de Groot