Algemeen

Alde Sije

De dokter murk dat er bang wie, lei him de hân op it skouder en sei: ‘Rêstich mar, it liket wol aardich mei jo heit! Sa as ik it no besjen kin komt er hjir wol wer boppe op. Hy hat in brutsen earm, dy ha we yn it gips set, en in swiere harsenskodding. Dêr hat er noch gelok mei hân, foar sa fier je hjir fan gelok sprekke kinne, want de klap hie net in bytsje mear fan siden, by de sliep, wêze moatten dan hie er it net oerlibbe. We hâlde him earst wat yn ‘e sliep want hy moat no foaral rêst ha en je rêste no ien kear it bêste as je sliepe! Dan krijt er noch in sekje bloed, want dêr is hy nochal wat fan kwyt rekke. Jo meie no wol nei him ta, se binne dêr hast klear en bringe him dan nei de ôfdieling. As jo mei harren meirinne witte jo ek wêr hy komt te lizzen.’  

Jelke rûn nei it keamerke en seach syn heit dêr stil en ynwyt op it bêd lizzen. Hy pakte him by de goeie hân, knypte dêr in bytsje yn en sei: ‘Heit…! Heit…!’  Der kaam gjin reaksje en hy frege oan in suster, dy dêr omrûn, of er him wol hearre koe. ‘Miskien wol,’ sei se ‘mar hy is heal yn ‘e sliep, dus seker wit ik it net. Mar jo meie wol tsjin him prate.’ Dêrom sei er nochris: ‘Heit! Heit, hoe is it?’  Mar der kaam gjin reaksje.  De suster joech him in pûde mei de smoarge klean fan syn heit en sei dat se him nei de ôfdieling bringe soenen.  Under it riden troch de gongen, wat nochal rap gie, hearde er syn heit net, mar doe se him rimpen de lift yn treaunen kreunde hy fan pine.  Jelke waard dêr net allinnich aaklik, mar ek lilk fan. Hy woe dy beide fammen wol troch mekoar skodzje, koe him dan ek net stil hâlde en sei: ‘Kin dat net wat foarsichtiger, dy man hat in seare holle!’  De froulju seagen skuldich om, mar syn opmerking hie holpen want doe se de brankaar de lift útrieden tilden se him oer it ûnflakke stik hinne en rieden him ek foarstichich nei de seal. Nei ‘t dy susters fuort wienen kaam de sealsuster by him. Sy sei dat sy goed op him passe soe en dat hy no mar ôskie nimme moast. ‘Mar,’ sei se, ‘as der de komende nacht wat bard mei jo heit dan belje wy jo en jo meie fannacht ek wol belje om te hearren hoe it mei jo heit giet!’ Jelke knikte, gie nei it hollenein en alhoewol se dat fan hûs út net went wienen, bûgde er him foaroer, joech syn heit in tút en sei: ‘Nacht heit, oant moarn!’Omdat er gjin auto by him hie bestelde er in taksy en it duorre net iens sa lang doe der in man de wachtkeamer ynkaam dy sei: ‘Taksy foar Boskma!’Jelke die de hân omheech en sei tsjin de sjauffeur dat er op de Hijumer Mieden wêze moast. ‘Dat komt altyd klear’ sei de man ‘want ik kom dêr wolris. In neef fan de frou wennet dêr, sjoch. Dat is in van der Woude, kin menear dy miskien?’  ‘Nee, ik wenje dêr net!’ sei Jelke, frijwat koart ôf. De man hie troch dat er net yn de stimming wie om te praten en hold him fierder stil.Yn de auto kaam him yniens yn it sin dat er fergetten wie om Stientsje te beljen. Dat moat dan aanst earst, tocht er, want hy woe hjir yn de auto net in hiel ferhaal hâlde wylst dy man mei harke. It wie al dik oer tsienen doe se de Hijumer Mieden ynrieden. Fansels seach de sjauffeur de plysjeauto’s stean en hy sei: ‘Dêr koe wol wat bard wêze, wat moatte dy plysjes dêr?’‘Ik soe it net witte,’ sei Jelke, ‘mar ik moat der hjir út! Wat krije jo fan my?’De man neamde it bedrach en hy joech him der wat oerhinne, stapte út en sei: ‘It bêste!’ 

De pûde mei smoarge wask goade er op de efterbank fan syn auto en rûn doe syn heite hûs yn. Dêr begûn de plysje him fan alles te freegjen, mar hy sei: ‘Ho efkes, ik moat earst myn frou opbelje. Dat soe ik yn it sikehûs dwaan, mar dat bin ik fergetten!’  De tillefoan wie noch mar ien kear oergien, doe hie se him al te pakken. ‘Mei Stientsje’, hearde er. Hy fertelde har wat der allegearre bard wie yn it sikehûs en dat de dokter tocht, dat heit der wol wer boppe op komme soe. ‘Hast it lytse Sije al ferteld?’ frege er noch gau.‘Ja, hy wie alhiel oerstjoer, mar hy leit no op bêd. O nee, hy stiet hjir wer neist my! Hy hearde de tillefoan fansels en wol no earst ek witte hoe it mei pake is.’‘Moast him mar fertelle dat it wat tafalt. En dan mar oant aanst, ik wit allinnich net hoe let it wurdt, miskien wol middernacht.’‘Makket neat út jonge, ik wachtsje op dy!’ sei se.

Etie Pasma, Stiens  6 - 2023